Wepperkes -moandei-

Wepperkes -snein-
15 april 2006
Wepperkes -tiisdei-
17 april 2006

Op wei nei………
It kin hast net misse dat je hjoed hiel wat SDS-ers tsjin komme yn Nijlân tidens it jierlikse sûpfestifal mei op de eftergrûn en soms op de foargrûn, Fryske muzyk. It is aaipop tiid
Wat wij jim tawinskje? Klik
hjir.

Fan de partij
Ien SDS ‘er is fanmiddei sowieso fan de partij yn Nijlân. Hy waard betrape by it keapjen fan in kaartsje foar Aaipop en stiet op de Aaipop-webside.


Of is dit dy âld-SDS’er?

SDS 2 wer gjin kâns
SDS 2 ferlear sneon mei 6-2 fan Olde Veste 2. En slúte hjirmei de dûbel tsjin
Olde Veste 2 ôf mei 0 punten en in doelsaldo fan 3 foar en 10(!) tsjin. De hichtepunten fan de wedstryd fan sneon wienen wat SDS oangie op ien hân te tellen. Fansels wienen dit de 2 doelpunten fan Anne Stenekes en it debút fan Eeltje “Panna” Postma yn it 2e. Djiptepunt wie it útfallen fan Jeroen Brouwer mei in knibbelblessure. Wy hoopje dat it wat meifalt.  

SDS A2 op woansdei
De wedstryd tusken SDS A2 en Bolswardia A2 is fersetten fan tiisdei nei woansdei. De wedstryd begjint om 18.45.

F2 kin  noch kampioen wurde
Frank Bervoets hat noch goeie hoop om kampioen te wurden. Syn ferslach fan sneon:
Wij moesten tegen ij.v.c.
Hun stonden boven aan en wij tweede.
Dus wij moesten tegen de koploper.
En eerst stond het 1-0 voor ij.v.c.
En toen kwam een corner voor ons  die nam ik en watze-jacob
Dé een hakje naar matthijs en die schoot hem mooi in de kruising. Dus toen was het 1-1.Toen was het rust.
De tweede helft was nog spannender. Want hun maakte de 2-1. En toen schoot ik op goal van afstand en de keeper kon hem niet klem pakken Habtamu kwam snel aanrennen en toen schoot hij de 2-2 binnen.
Daarna kwam ik met een actie en ik schoot de 2-3 binnen. Ij.v.c werd steeds sterker maar jorrit stond heel goed te keepen. Dus het was wel een beetje feest.
Wij kunnen kampioen worden want wij staan nu boven aan.

SDS 4 ferliest wol hiel dik
SDS 4 krige yn de wedstryd tsjin Rood Geel 9 kânsen. Dat wiene te min om winnend nei hûs te kinnen.
It ferslach.

A2 wint
A2 helle sneontemiddei in moaie oaerwinning op LSC A2. Wa’t de doelpuntenmakkers wiene witte wij net. In fotooersicht

Fan alle merken thús
De iene wike is hij mei F5 op stap, de oare wike stiet er Marcel bij as lieder, dan is hij wer dwaande mei de swarte list. Eddy de Boer is fan alle merken thús. Ofrûne sneon mocht hij Pier Faber ferfange en ferkocht er programmaboekjes.

Doelpuntenmakkers
Mei noch in stik as trije wedstriden te gean liket it noch spannend te wurden. Bas de Haan (SDS 5) makke der sneon 3 en hij hat no like folle as Wichard Deinum (SDS 3)  Tegearre kinne se de efterfolging mar ynsette, want Ype Tiemersma (SDS 4) liket blesseard te wêzen. Sjoch 
de komplete list.