Wepperkes -freed-

Seleksjes -sneon-
9 december 2005
Útslagen 10 desimber
10 december 2005

SDS talenten oefenje
Der binne lieders dy’t in foarútsjende blik hawwe en dêr ek wat mei dogge. Sy regelje in oefenwedstryd yn it Cambuur stadion no it noch kin. Us pleatselike ferslachjouwer Sicco Scheltema docht berjocht fan de resultaten.
wy wiene nei it cambuur stadion en hawwe der 3 punten pakt. It waard 2-1 foar de D1. (coach van de cambuur D-selectie is Jan Bruin)
F
jirders hat de E1 van SDS mei 3-1 ferlerne.

Troch yn de beker
De sealfuotballers hawwe woansdeitejûn mei in oanpaste seleksje de folgende ronde helle fan de beker. Wêr ’t de fêste krêften allegear wienen en hoe ’t de wedstriid tsjin Genemuiden ferrûn kinne jim lêze yn it ferslach fan Dirk Yde(klik hjir).

De nije Treffer
As alles in bytsje meisit dan falt dit wykein by eltsenien de nije Treffer yn de bus.

Seleksjes
By de seleksjes foar sneon stiet no ek de seleksje fan SDS 1.

Wolkom
Kommende sneon spilet SDS 4 tsjin Nicator 1. Wierskynlik is dat ek it ienige team fan de sneinsklup Nicator.
Ien fan de spilers bij Nicator is Rutger, de fysioterapeut bij Topfysio. Meardere SDS spilers binne troch syn hannen wer fit wurden. Hij skynt ek in troue besiker te wêzen fan ús side.
 

Gjin hiemside mar wol op it net
Nicator hat gjin eigen hiemside op it net. Om dochs wat in yndruk te krijen wat foar tsjinstanners it binne hawwe wij mar efkes oan it surfen west en kamen
dit tsjin fan Nicator 1 sneons. 

Skjinne skuon
It wie tongersdeitejûn op bepaalde plakken wat wat drekkich bij it trainen fan SDS 4 en SDS 5. (de opkomst wie prima mei 13 man)
Nei ôfrin makke Jehannes Dotinga syn skuon gelyk skjin mei syn hândoek. “Ik hâld fan skjinne skuon”, sei Jehannes,”boppedat binne de moaie wite strepen op de skuon dan ek better te sjen.”
“Tja”, seit Gerlof Jan, “dat is ek sa, ik sil it tsjin myn mem sizze”.

7 jannewaris 2006
Jim kinne der al fêst rekken mei hâlde dat 7 jannewaris 2006 in echte SDS dei wurde. De aktiviteitenkommisje is dwaande mei it organisearen fan de snert rin, it bestjoer mei de nijjiersresepsje en Fred en Aant mei de kwis.

Geheim ûntdekt
Wij hawwe it lang foar ús hâlde kinnen, mar Johan de Graaf is der efter kommen hoe it dochs mooglik is dat de hiemside fan SDS op alle mominten fan de dei bijhâlden wurdt. De webmasters krije
help.

Wa is it no?
Der is noch altiten net ien kommen mei it goeie antwurd op de fraach welke 2 Nederlânse keepers der by oait foar Barcelona keept hawwe. Wy komme dêrom no mar mei in lytse hint:
Ien fan de 2 keepers hat sawol by Ajax as PSV keept.