Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
23 mei 2007
Wepperkes -sneon-
25 mei 2007

Seleksje SDS 2
Fan leider fan SDS 2 Gert-Jan Hiemstra krigen wy de seleksje troch foar de wichtige finalewedstryd sneon yn de neikompetysje tsjin Drenthina 2. De wedstryd op it fjild fan Heerenveense Boys begjint om 14.30. Dit is de seleksje:
Jappie, Jan-Simon, Robert, Kees, Wesley, Wichard, Dirk, Harm, Anne, Tsjalling, Skelte, Sjoerd, Pieter, Syb, Jos en Korné.
De spilers wurde om 12.00 by Gert-Jan thús ferwachte om dêr wat sop mei broadsjes te iten. Spilers fan de B-seleksje dy ’t net by de seleksje sitte binne hjirby ek útnoege om in hapke mei te iten.
Wa ’t kin graach in auto meinimme! De reis nei Heerenveen sil 13.00 oangean.

Stikje fanôf de see
Us oprop om stikjes yn te leverjen foar de lêste treffer levere fuort al wer in reaksje op. Wij krigen fan de Noardsee in stikje fan E3. (tige tank Richard Oukes)

In prachtich stikje wat jim seker efkes lêze moatte yn de Treffer. Want E3 wie kampioen wurden.

Binne der ek âld-Bolswardianen yn ús fermidden?
At dat sa is, dan kinne sij op 21 septimber noch in feessie fiere. Want dy klup bestiet ek 60 jier. Wij krigen in fraach in oprop te pleatsen sadat âld-keepers (Gerrit Hulzinga) en âld trainers har melde kinne.

Dirk(1)
Dirk de Jong rekke foarige wike blesseard by SDS 2 neidat hy 3 kear skoord hie. Hy sparre him hjirmei foar it optreden sneins by Irnsum 1 wêr ’t hy fersoarger is.
De spilers fan Jirnsum hawwe der snein neat fan murken dat Durk blesseard wie. Hy draafde liket hurd as oars it fjild yn. Jirnsum wûn mei 8-1 fan Friesland en oankommende snein spylje sy yn de Tynje tsjin Udiros. It sil ús benije as Dirk him sneon ek wer sparret nei 3 kear skoord te hawwen……..

Dirk(2)
Út betroubere bron hawwe wy fernommen dat Dirk ynmiddels alwer bytekene hat by Irnsum foar folgjend jier. Fan dizze bron fernamen wy ek dat Dirk der nogal nuvere trekjes op nei hâldt as hy mei de mannen fan Jirnsum op stap giet. Hy docht dan earst in pear bierfiltsjes om syn earen hinne……….

Valkenburg 2007
Alwer foar de tredde kear sil dizze simmer in fytswedstriid organisearre wurde yn Valkenburg. Dit barren stiet plant yn it wykein fan 11 en 12 augustus. Foar mear ynformaasje of foar opjêfte kinne jimme terjochte by Dirk-Yde, op it folgende mailadres:klik
hjir.

Rocke
At je fan melodieuze Hollânske muzyk hâlde dan moatte je freedtejûn net yn it Reade Hynder komme. Hâlde je lykwols fan rocke dan is it in oanrieder om der wol hinne te gean. Mar leafst 8 bands sille dêr stride yn de foarronde yn de Rockbattle.
In echte jury giet dit muzikaal beoardielen. Ien fan de sjury leden is de rocker fan SDS: Willem.
Mear ynformaasje kinne jim lêze op
dizze side.

Docht Feiko wol mei?
It is de fraach at Feiko Broersma sneon wol mei docht op it NK keatsen foar junioren. Sjoch
hjir.

In tinne Treffer ?
Sa’t it no liket wurdt it net in dikke lêste Treffer. Fan te folle teams komt er alinne mar in stân yn te stean sûnder ferhaaltsje. Spitich. Mochten guon noch dwaande wêze dan adfiseare wij it snel te dwaan. It moat sneontejûn binnen wêze.

Holland Sport
Juster hie Holland Sport op Ned. 3 in prachtige útsending oer it amateurfuotbaljen. As je it mist hawwe hindert neat, want dan kinne je it dit wykein hjir moai sjen mei it minne waar(klik
hjir).

Keeper(4)
Tuerlik is in moaie redding hartstikke moai, mar meastentiids sjogge wy dochs leaver in moaie goal. In knappe blunder fan de keeper is ek wol aardich……(klik
hjir).

Feyenoord
Dus “Hey Ho Gjin Co…….”en wat no?(klik hjir).