Wepperkes -freed-

Seleksjes foar sneon.
30 september 2005
Nij trainingsfjild feestlik iepene
30 september 2005

Mutasport en BoersmaHeerma verzekeringen
Sneon spilet SDS 1 de thúswedstryd tsjin Viboa. Der binne wer twa wedstrydsponsoren. “De earste helte” is foar Mutasport en “de twadde helte komt foar rekken fan Boersma Heerma Verzekeringen. En dy lêste “fersekert” ús dat nei 90 minuten it oantal punten op trije stiet.

Ype wurdt 40 jier!
Ype Tiemersma(SDS 4) is hjoed jierdei. Hy is 40 jier wurden. Fan herte lokwinske! Klik
hjir om him ek lok te winskjen.

Ype syn hûs is spesjaal foar hjoed ombout tot kroech.

Klasse!
In oprop op de webside docht wonderen. Dat docht wol bliken út de trainingsopkomst fan SDS A2 fan ‘e wike. Begjin fan ‘e wike skreaunen wy dat de opkomst net geweldich wie by de training fan A2. No fan ‘e wike wienen der plots 10 man te trainen. Dat is in opkomst fan 111%(!), om ’t A2 eins mar 9 spilers op papier hat.

Nij rekord?
Yn maaie 2005 kamen der 14.491 minsken op dizze webside sjen. Hjoed steane wy op 14.275. It sil ús benije at wy it rekord ferbetterje sille.

Nije grinsrjochter
Sa ’t wy earder al melden hat Durk Okkema de wyn der aardich ûnder by SDS A2. Hy hat no ek al in grinsrjochter fûn. Jan-Rinse Blanksma sil moarn nei Stiens(tsjin CSL) foar it earst mei te flagjen.

Wat hat dit te betekenjen?


Ien oplossing krigen wy binnen:
It bestjoer fan ‘e Skoalleseize hat nea witten werom fan de gemeente Littenseradiel om de acht ljochtmasten 60*60*60 cm beton stoarten wurde moast.
Wy witte it no: net om foar te kommen dat de ljochtmasten omwaaie, maar om foar te kommen dat de keale beammen op de sporthal falle!
Woansdei is lang om let it beton om de peallen fan ‘e ljochmasten stoarten. De Futsal-teams fan SDS kinne dus de kommende winter feilich fuotbalje yn de Greidhoeke. Mar dat jildt ek foar de foljeballers, keatsers, kuorkeballers ensfh.
Fedde
Ponghalder/coordinator vergunningen Skoalleseize.

Fryske dei
Noch altiten hoopje wij in pear leuke ideeen binne te krijen foar dizze dei (15 oktober SDS- BCV). Wy kinne al fêste melde dat de Afûk in oantal Fryske boeken beskikber stelle wol foar de ferlotting, omdat sy mei nocht sjogge nei it Frysk binnen de klup SDS. Ideeen kinne jim noch kwyt op dit adres of bij Aant.



Letter mear!