Wepperkes -freed-

Kompetysje-yndielings senioaren.
28 juli 2005
Kompetysje-yndielings junioaren.
29 juli 2005

Drok keatswykein
Nije wike begjint it fuotbalseizoen. Dúdlik is dat it dan út wêze moat mei it keatsen. Wy tinke derom dat snein yn
Ingelum der wol wat SDS-ers binne dy’t alles út de kast helje de lêste kear.
Remco Brouwer keatst yn alle gefallen mei Gert jan en Feite, omdat Robert mei fekansje is.
Dirk Yde Sjaarda mei yn de earste omloop keatse tsjin Jehannes Brandsma. Opfallend partoer is ek Klaas Ane Terpstra mei syn broer Tjerk Terpstra.

De krante of de fyts
Drees Haitsma is jûns in troue besiker fan it keatsfjild of it fuotbalfjild. Meestal is hy ûnderweis mei de krante nei hûs. De lêste tiid siket hy de beste fyts út. De RIH fan Hilda.
At Drees te lang hingjen bliuwt komt Hilda meast efkes lâns: de krante helje en/of de fyts

Hast de lêste alternative trainingsjûn
At je Willem of Kees troch Wommels fytsen sjogge mei in bal efterop, dan witte je dat er wer traind wurdt op it net te missen fuotbalfjild fan Wommels.
Tongersdeitejûn soe de lêste jûn alwer wêze want nije wike giet it echt los yn Easterein. De partij waard echter wûn troch wyt en swart wol moandei graach revanche nimme foar dizze ferliespartij. Dit begjint wer om 20.00 oere.
Opfallende gastspiler wie dizze kear Hendrik Engbrenghof.



Fersoarger
SDS 1 siket foar kommend seizoen noch in fersoarger. Hy moat al goed mei in brancard rinne kinne. Sa as dizze moat it net(klik hjir).

Gjin kofje!!
Sa ’t de measten wol witte hâld ik hielendal net fan kofje. Miskien jimme ik net mear nei ’t jim dit sjoen hawwe. De instruksjes goed folgje! Klik hjirûnder op “Coffee Machine”!
COFFEE MACHINE
-Gooi het muntje in de machine door met de muis te bewegen 
Zoek je drank uit  
– Klik op het kopje als het klaar is  
– Klik op APRI 
Veel plezier en vergeet niet op APRI te klikken

Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!