Wepperkes freed 7-11

Seleksjes sneon 8-11
6 november 2014
Ut- en ferslaggen sneon 8-11
6 november 2014

Efkes Balje
It Efkes Baljen sil jûn seker troch gean nei de 0 edysje fan ferline wike. 19.30 Skoalleseize dus en de earste meldingen fan kommen op de Whatsapp groep binne al wer binnen.

SDS 1 – NOK 1
Foarôfgeand oan dizze wedstriid sil der ien minút stilte wêze op de Skoalleseize ta oantinken oan Tinus Hoekstra.

Sponsers
De wedstriidsponsers fan sneon binne
Fysio Wommels en Installatiebedrijf de Jong yn Easterein.

Programma sneon
Hjir kinne jim sjen hokker frijwilligers moarn mei de fluit der foar soargje dat wedstriden goed ferrinne. Alle wedstriden fan SDS teams yn byld.

Standen
Foardat de wedstriden sneon begjinne, kinne jim noch efkes nije de standen sjen fan alle teams. Sjoch
hjir

Topper op besite
SDS 4 hat sneon de koprinner op besite. AVC hat alles noch wûn en foar SDS 4 jildt oanheakje of ôfheakje. Om 14.30 oere tagelyk mei it earste.

Koprinner op besite
Ek E4 krijt koprinner TOP E1 op besite. E4 stiet mar trije
punten efter dus de ideale gelegenheid docht him sneon foar om gelyk te kommen.

SDS-League
De nijste stân fan de SDS-League leit yn de fuotbalkantine en kinne jim hjir besjen.

Fuotbalspultsjes
Wij binne der net sa foar om efter de kompjoeter allegear spultsjes te dwaan, wij binne leaver bûten dwaande mar mocht it net oars kinne dan soe dit
in side wêze kinne wêr’t je in fuotbalspultsje útsykje en dwaan kinne.