Ut- en ferslaggen sneon 8-11

Wepperkes freed 7-11
6 november 2014
Noch ien kear……..
8 november 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen e-n skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

      útslach
08:30 SDS D3 LSC 1890 D4  0-6
08:30 SDS E2 Beetgum E1  2-4
08:30 SDS E3 LSC 1890 E5  1-3
09:30 SDS E4 TOP’63 E1  1-4
09:40 SDS F1 Marrum F1  10-1
09:45 SDS D1 Terschelling D1  4-0
10:30 SDS A1 Annaparochie St. A1  g.n.t.
11:00 SDS B2 ST IJVC-Blauwhuis B2  1-0
12:30 SDS 2 SC Bolsward 2  0-0
12:45 SDS C1 Scharnegoutum’70 C1  5-0
14:30 SDS 1 NOK 1  0-0
14:30 SDS 4 AVC 3  3-4
09:00 S.C. Stiens F4 SDS F2  2-0
09:00 SC Bolsward E6 SDS E5  5-1
09:00 S.C. Stiens MD1 SDS MD1  5-2
10:30 Hardegarijp B1 SDS B1  2-4
12:15 SC Bolsward D5 SDS D2  1-4
13:30 fc Harlingen C2 SDS C2  1-1
14:00 QVC VR1 SDS VR1  3-1
14:30 HJSC 3 SDS 5  4-2
       

SDS 1 – NOK 1     0-0
In minút stilte dy’t yndruk makke. Foar âld-foarsitter, eare lid Tinus Hoekstra dy’t op amper in pear hûndert meter krekt dêrfoar op it hôf kommen wie.
SDS mei roubannen om.
Oer de hiele wedstriid sjoen hie SDS wat mear kânsen (Jelmer allinne op de doelman ôf) en kânskes (fanút de lange ballen fan rjochts fan Jacob Klaas), wie SDS ek wat mear oan de bal. Mar op bepaalde mominten naam NOK it oer en moast SDS oppasse. Troch de blessure fan Feiko Broersma moast Hendrik de Jong in liny nei efteren en dat is no krekt de topskoarder. 0-0 wie de rêststân. Nei it skoft in selde byld mar der kamen twa hiele grutte kânsen. Net te missen kânsen. De earste wie foar Erik Haitsma, frij foar de keeper wist hij net te skoaren. De oare aldermachtischst grutte käns wie foar NOK. Op in hiel aardich momint. Der stiene al 90 minuten op de klok doe’t Jacob Klaas Haitsma ûngelokkich hands makke. De strafskop waard geweldich keard troch Jaap Toering dy’t dizze kear echt nei de hoeke dûkte en de bal hie. 0-0 einstân. Bij SDS kamen djip yn de twadde helte ek noch twa A-junioren yn it fjild te witten Wiebe Heeres en Almar Kramer. Nije wike gjin kompetysje en oer twa wiken nei de polder. (ah)

SDS 2 – SC Bolsward 2
SDS 2 spile 0-0 tsjin SC Bolsward 2. Miskien wie SDS 2 yn dizze wedstryd wol wat better as de Boalserters, mar dat it 0-0 bleaun wie fûn eins eltsenien wol terjochte. Efteryn stie it by SDS as in hûs en dat wie by SC Bolsward net oars. Gjin ferliezers dus! Útsein de taskôgers miskien…..

HJSC 3 – SDS 5     4-2
Wij krigen 2.49 wurdferslach fan Bram van Beem en dat is hiel wat. It komt hjir op del:
In minút stilte foar Tinus ek yn de Hommerts, in strafskop tsjin dy’t mist waard, in wrâlddoelpunt fan Remon Rameau en Eeltsje, in net krigen strafskop, wer in strafskop tsjin, net minder as de tsjinstanner, in giele print foar Jelte, in noflike tsjinstanner, in partijdige skiedsrjochter, Eeltsje rekket trije kear latte en peal en ek dat Eeltsje yn syn jacht nei de titel topskoarder fan de klup te wurden yn eigen doel begjint te skoppen. Wij kinne hjirbij melde dat dy net telle.
Mei tank oan  Bram.

SDS 4 – AVC 4   3-4
Wij hawwe begrepen dat SDS 4 ferlern hat fan de koprinner. In oere nei de wedstriid seagen wij noch gjin spilers fan SDS 4 yn de kantine. Wierskynlik gelyk allegear teloarsteld nei hûs gien.

QVC Vr 1 –  SDS Vr1     3-1
De koprinster út Starum makke gjin flater en wûn. Doelpunt SDS wie fan Tjitske Heeres en Alize Bootsma, de keeper, rûn in ferfelende fingerblessure op.

Hardegarijp B1 – SDS B1
Vandaag stond de wedstrijd Hardegarijp B1 – SDS B1 op het programma. In de eerste helft speelden we erg matig, terwijl we wel veel kansen kregen. Wij wisten van deze kansen maar  1 te benutten.  De 0-1 kwam van Yward Zijlstra. Daarna gingen we steeds slordiger spelen met veel onnodig balverlies. Hierdoor kwam Hardegarijp op de 1-1 door een vrije trap die goed ingeschoten was. Rust.
We kregen in de rust een peptalk van Remco Bervoets. Kort gezegd zei hij dat we scherper moesten gaan voetballen en dat er meer beleving in het spel moest komen. Dit bleek helaas nog niet in de tweede helft  want we bleven onscherp spelen. Hierdoor kwam Hardegarijp zelfs op 2-1. Zelfs hierna bleven we niet goed spelen, maar kwam er wel steeds meer de wil om te winnen. We werden feller in de duels (en ook tegen de scheidsrechter, die dat deels door zichzelf had afgeroepen) en kwamen gelukkig weer terug tot 2-2. Doelpunt gemaakt door alweer Yward Zijlstra. We kregen steeds meer het gevoel dat er hier echt nog wel meer te halen viel… En dat gebeurde ook! Frank Bervoets schoot de 2-3 binnen! Er was een grote ontlading. Om het helemaal af te sluiten scoorde Wesley van der Wint nog de 2-4 binnen. Wat Remco zei: ‘’gewonnen op karakter’’.
Jorrit Hofstra.

SDS D1  –  Terschelling D1   4  –  0  
Om 9.25 oere hiene we ôfpraat om oanwêsich te wêzen yn ‘e box omdat we om 10 oere spylje moasten tsjin Terschelling. Of wie it no 9.45 oere, dit wie eins by net ien dúdlik. Wat wol dúdlik wie dat wy ien misten en dat wie Michael. En dat Michael net op tiid komt, binne we net went. Nei in pear tillefoantsjes die bliken dat Heit en Mem (Klaas en Alie) in juntsje mei syn 2en nei  de Soldaat fan Oranje wiene en dat Michael útfanhus wie by famylje. Gelokkich kaam hy op it allerlêste momint foar de wedstryd noch oansetten.  Lykas foarige wike wie it begin wêr muoisum.  Dochs kamen we al gau op foarsprong troch in goal fan Stan. Hy kaam allinich op ‘e keeper ôf, omspile dizze en lei de bal moai yn it netsje. Dernei wie it Terschelling dat krekt wat makkeliker fuotballe as ús. In pear kear kamen hun spitsen der gefaarlik troch, mar ús snelle achterhoede bleauwde fry makkelik oerein.  Foar rest wie it Stan dy mei  in goed skot noch de peal rekke, mar yn ‘e earste helte waard net mear skoard. 
Nei de sels makke ranja foar ús en foar de tsjinstander,  koene de mannen de twadde helte wêr fol oan ‘ e bak. De wyn stie foar ús no iets better en nei  5 minuten yn’e twadde helte makke Sander mei in skot fan wol 40 meter in echte wereldgoal.  Hjirnei begongen wy better te fuotbaljen en it wachtsjen wie eins op de 3 – 0. Dizze waard makke troch Tjerk nei in hurd skot fan Stan.  De keeper fan Terschelling krige it no drok mei ôfstanskotten van u.o  Luka, mar hy hâld der noch in pear beste ballen út.  De 4 – 0 waard makke (mei it kopke)  troch Tjitse, nei in strakke korner fan Luka.   
Mei dizze stân wie de wedstriid fansels spyle !! We hiene ek noch 2 pechfúgels hjoed. De iene wie Gerhard; hy foel yn ‘e earste helte hurd mei syn holle op ‘e grún, wertroch hy sels oanjoech net fjirder te kinnen.  De twadde wie Ruerd; hy rûn mei syn noas tsjin in grutte Terschellinger oan, wertroch hy in fikse bloednoas krige. Al mei al foelen de blessures ta.   Wêr 3 hiele moaie puntsjes derby, de mannen fan D1 ha it hjoed  alwêr prima dien !!!                                                                    
Nye wike sneon ha we fry, de wike derop spylje we út tsjin RES D1.
Theo.

SC Bolsward E6 – SDS E5 (5-1) 
As jo in potsje fuotbal op keunstgers spylje dan komt d’r folle mear balbeheersing en technyk by sjen as op echt gers. De bal stuitert mear, rôlet langer troch ensf. En dan ek nog in straffe wyn oer it fjild. Dit makke it fuotbaljen d’r hjoed net maklikker op. Sawol Boalsert as SDS hiene d’r in protte moeite mei om de bal binnen de linen te hâlden. Hjirtroch waar’t it spultsje d’r net oantreklikker op.
Boalsert traint altiid op dit fjild en hie hjir iets minder moeite mei. Boalsert hy 5 twadde jiers E-spilers en koene krekt efkes mear mei de bal dwaan as wy. Wy kaamen hjoed yn techniek en balbeheersing echt tekoart. Mar ek de beleving wie d’r de earste helte by ús net. Mei bettere fuotbalkwaliteiten en de wyn yn ‘e rêch kaam Boalsert de earste helte mei 4-0 op foarsprong. De twadde helte soe, no’t wy de wyn yn de rêch hiene, foar ús wêze kinne. D’r wie wol iets mear beleving yn it spul, mar jammer genôch deelden net alle spilers fan SDS dat gefoel.
De ien spiele om te winnen terwyl de oare op syk wie nei blomkes yn keunstgers. It wiene dan ek mar in pear dy’t de twadde helte it ferskil makken en ik stie hast op it punt om fan myn geloof ôf te stappen om elts lyke folle spielje te litten. Dan miskien in folgjende kear toch mar de spilers dy’t minder ynset hawwe wat langer op wiksel. Boalsert makke yn de twadde helte “mar” 1 doelpunt. Sy ha kânsen genôch hand mar makken it net ôf. Troch in knap ôfstânskot fan Milan fier yn de twadde helte wisten wy toch nog de ear te rêden. Einstân: 5-1. Sels mei it penaltysjitten nei de wedstriid bakten wy d’r weinig fan. Dat wie foar my wol in aardige ôfspiegeling fan de wedstriid. Folgjende wike frij. Dernei thús tsjin LSC E11. Hope dat wy dan allegear wer skerp binne. 
Herman

Efkes Balje

At it wittenskiplik al ûndersocht is betwifelje ik, mar it soe mij net ferbaze.  At it ljochtskynmoanne is dan wolle je graach traine en dus ek Efkes Balje. Dat moat de ferklearring wêze foar de manmachtige opkomst freedtejûn. Debutant wie Haije Postma út Reahûs en hastdebutanten wiene Sipke en Douwe út Easterein. Hendrikus wie foar it earst as Wommelser aktyf en hij soe hast op de fyts at in sekere Johan him net oerhelle om dochs mar mei de auto te gean, om better taret te wêzen. Douwewie foar tongersdei noch foarsitter, is no Efkes Baller en rint wierskynlik hjoed mei in sinnebril, om reden dat hij in blau each op rûn. Der waard wer omraak striden  justerjûn, mar gewoan in hurde bal tsjin de holle krije is pech. Elts hie him ek eigen wize taret sa die wer bliken út de Efkes Baljen WhatsApp (de EBWA). Sa traktearde Bertus Wouter op patat mei frikandellen yn de hoop dat it helpe soe om him te ferslaan. It ferske “16 man op in hiel lyts stikje ierde” kaam der juster wer goed út. In moaie striid dy’t nei in oere einige yn 10-10 of wie it no 11-11. De hesjes wiene goed ferdield troch ús eigen (swarte) Pieter dy’t dat yn lingte fan dagen dwaan bliuwe mei. Bij ús stiet hij net ter diskusje. 11-11 en dan gie it at de klok 20.30 slacht dus wer om dy lêste twa. Dy falle al gau want de lucht is op, de put is der út, de romtes wurde wat grut en de lea bejout it hast. Winners wiene sij en de ferliezers wiene wij. Oh ja, Bertus wûn fan Wouter. (ah)