Wepperkes -freed-

Seleksjes ONT 1 en SDS 1
13 mei 2005
Wepperkes -sneon-
14 mei 2005

SDS 2 nei Erica!
SDS 2 hat juster de finaleronde fan de beker helle. Yn Assen wûnen sy mei 4-2 fan LTC nei doelpunten fan Anne Stenekes(in knappe stift mei links(?) oer de keeper nei in 1-2 mei Willem), Tsjipke Okkema(út de rebound nei in knap skot fan Ruurd) en Skelte Anema(2x) 2 drûge knallen). SDS 2 wist op taktysk knappe tiden te skoren. Nei 5 minuten kamen sy 1-0 foar, ien minút foar de rêst kamen sy 2-1 foar, ien minút nei de rêst waard it 3-1 en twa minuten foar tiid meitsje sy 4-2. In moaie opstekker.
SDS 2 mei no op sneon 28 maaie yn Erica(Drinte) mei noch 3 ferienigingen útmeitsje wa as de beker pakt. SDS 2 treft dêr yn elts gefal ACV 2.

SDS B1 ferliest
SDS B1 hat it yn de lêste wedstryd tsjin jv Bolsward B1 krekt net rêde kind om de kampioen 2 of 3 punten ôf te snobjen. Nei in rêststân fan 1-1 waard it úteinlik 2-3.

Jelmer Posthumus kin de bal net lâns de doelman krije.


Redmar Strikwerda nimt in frije traap, wylst skeids Eize de Haan de muorre op ôfstân set.

De gielswarten en swartwiten wachtsje op de bal

Feiko Broersma kopt de 1-1 yn


Hjir mient Feiko rjocht te hawwen op in strafskop. Ek Sybren wiist al nei de stip. Skiedsrjochter de Haan seach it oars.

It is te hoopjen dat de doelman fan jv Bolsward net fan fiskjen hâldt, want hy hie dit jier net folle doelpunten tsjin.

De deskundigen seagen fanôf in lij plakje by de kantine

Gjin strafskoppen
It waarden juster dan wol gjin strafskopen, mar it is altiten leuk te lêzen wa as dit no betocht hat dy pennels. Klik
hjir om it te lêzen.

Fersetten
Neffens ús ynformaasje(út it ynformele circuit dus) binne der foar moarn nogal wat wedstriden fersetten. De B1 spilet jûn tsjin GAVC en SDS 2 en 3 spylje moarntemoarn ynstee fan middeis.

1 punt minder?
Wat foar gefolgen de staakte wedstriid fan SDS 2 tsjin Noordscheschut no presys hat witte wy net. Al witte wy dat Dennis Dijkstra juster skorst wie troch syn 2 giele kaarten. Henk Postma is troch de klup skorst. Neffens de stân op de KNVB-side hat SDS 2 ien punt yn mindering krigen. Sjoch hjir mar.

Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!!