Seleksjes ONT 1 en SDS 1

Wepperkes -tongersdei-
12 mei 2005
Wepperkes -freed-
13 mei 2005

Hjirûnder kinne jimme de seleksjes besjen fan ONT 1 en SDS 1 foar de wedstriid fan moarn yn Opeinde. Foar SDS 1 stiet der hiel wat op it spul. As sy lykspylje of winne dan binne sy kampioen. Mochten sy ferlieze dan binne sy ôfhinklijk fan wat Broekster Boys docht út by WPB.

Klaas Dijkstra nimt in grutte seleksje mei nei De Pein. Hy nimt 17 man mei as it treft. Fan in oantal spilers is it allinne noch net seker as sy wol op tiid yn Opeinde binne. Dirk Yde Sjaarda en Jacob-Klaas Haitsma keatse earst op ‘e Jong-Nederlân yn Frentsjer. Floris Hiemstra is noch in twifelgefâl. Hy hat noch wat lêst. Ek is it mooglik dat hy skorst is.

Opfallend is de namme fan Jan-Simon Jelsma. Dizze linksback fan SDS 2 giet sawol mei as wikselkeeper as -spiler

Hjir de seleksjes:

ONT 1 SDS 1
Arjen Jansen Dirk Yde Sjaarda
Freddie Jelsma Feite de Haan
Gert Jan Tolsma Floris Hiemstra
Hendrik Numan Gert Jan Hiemstra
Hendrik Sierd de Vries Harm Stremler
Jaap Loopstra Hendrik de Jong
Jan Arend Posthumus (k) Jacob-Klaas Haitsma
Mario Dekker Jan Simon Jelsma (k)
Popke Jansma Jappie Wijnia
Rein Ybema (k) Kees Adema
Rutmer Dam Mark Postma
Sietse Jansma Remco Brouwer (k)
Sjoerd Riemersma Robert Sybesma
Steven Kooistra Skelte Anema
Udo Hoekstra Tsjeard Halbersma
Wietze Klaver Tsjipke Klaas Okkema
Wichard Deinum