Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
28 april 2005
Keninginne-wepperkes
29 april 2005

Futsal
SDS 1 spile jûn om 19.30 yn de Greidhoeke syn lêste wedstriid fan de kompetysje. Tsjin FCL út Ljouwert waard it in 7-4 oerwinning, wêrtroch it no sa wis as de bank is dat SDS 1ste klasser bliuwt. Lokwinske.

Willem Overal nimt ôfskie!
It sil jûn de lêste wedstriid fan Willem Overal wêze as leider fan SDS 1. Fanôf it begjin wie Willem Overal leider fan dizze ploech. Hy hat ferskate suksessen belibbe sa as it 2 kear winnen fan it Krysttoernoai yn Frentsjer en fansels it winnen fan de Midwintercup yn 2004. Willem hat it nogal drok mei syn wurk en kin it net mear kombineare. Willem bedankt! 

Willem nimt ôfskie!

Reaksje
Dizze reaksje krigen wy juster op it stikje oer it skoalfuotbal:
Ut ferhaal oer ut skoalle foutbal komt mei wat partijdig oer. De finale hie in hiel oar ferloap sa as der neamt wie.  Sa as “en dan de finale mei een hiel slop begjin” Dit wie net in slop begjin mar troch ut goeie positie spel fan ut Funemint kamen  se der net oan te pas. De earste goal, sa as seint foel ferskrikkelijk ût de loft. Nei dizze “geluksgoal” moesten we kommen, en dat diene we ek goed mar omdat we steeds ferstelt stiene fan use kwaliteiten fergeaten we te scoren. Sa kaam der fia 1 foute pass in counter en mei ut gefolg in skuiverke yne hoek. Ut funemint wie dudelijk de sterkste yne finale mar se fergeaten te scoren. De ûtslag wie dus flateert.
M vr Gr
Hendrik Engbrenghof
Coach Funemint 1

Keatse
It keatsen begjin wer! Moarn fansels op Keninginnedei en dêrnei gean de KNKB-partijen wer los. Snein is de Bngma-partij yn Weidum. Ferskeidene SDS’ers steane op ‘e list. Sa dogge û.o. Gert-Jan Hiemstra, Robert Sybesma, Feite de Haan(allen Easterein), Jacob-Klaas Haitsma(Wommels) en Bote Strikwerda(Spannum) mei. Ek SDS-sup- en reporter Hendrik Eringa docht mei foar Spannum.
(Klik hjir foar de hiele list)

Hendrik “Ozzy” Eringa sil ek los yn Weidum!

Keatsen(2)
It keatsen yn ‘e Haadklasse giet ek hast wer los. Ien SDS’er kinne wy dêr begroetsje. It giet om Jacob-Klaas Haitsma. Folgende wike sneon wurdt der troch de haadklassers keatst yn Jorwerd. Dit is dus tagelyk mei SDS 1 – QVC 1. Wat giet Jacob-Klaas dwaan? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Letter mear!