Wepperkes -freed-

Seleksjes SDS 1,2,3,4 en 5 foar sneon.
8 april 2005
Tûkelteam 5!!
8 april 2005

Wa traint de A’s no?
No ’t Lykle Bleekveld fuortgien is as trainer, mist net allinne SDS 1 syn trainer mar ek SDS A1. It bestjoer hat dit as folgende oplost:
Op moandeis traint Marco Hoekstra, Klaas Okkema of Klaas Dijkstra A1 en op woansdeis docht Freddy Scheltema dit.

Webside Zeerobben
SDS 1 spilet sneon út tsjin Zeerobben. Zeerobben hat ien fan de beste websides fan amateurclubs yn Fryslân. Op dizze side kinne jimme alfêst in “voorbeschouwing” krije op de wedstriid fan sneon(klik hjir). Sjoch foar de hiele webside op www.zeerobben.nl.

Drogba
Woansdei nei it sealfuotbaljen gie de diskusje oer wêr as Drogba fan Chelsea no eins spile foar hy nei Ingelân ferhúze. It antwurd is: Olympique Marseille. Tsjipke giet troch nei de folgende ronde.

Alles, alles, alles!!
Robert Sybesma mei graach alles oer it fuotbaljen witte. Mei alles bedoele wy dan ek echt alles. Dus wa stiet der boppe-oan yn de Segunda Division? Robert wit it, dat is Celta de Vigo. Dit giet dan noch wol, mar wa stiet der earste yn de twadde divysje fan Wyt-Ruslân? Robert wol it witte. Ek de twadde divysjes yn Dútslân, Ingelân, Italië, België, Oekraïne(?!) en Frankryk hawwe syn ynteresse. Hy hat no in webside fûn wêr hy al dizze ynformaasje fine kin. In echte oanrieder dus. It is
www.soccerway.com.

SDS League
De sinten foar it meidwaan oan de twadde helte fan de SDS League wurde binnenkoart int. Ek wurde dan de earste wykprizen útkeard.

Futsal: Dúdlike sifers!
SDS 3 hat woansdei mei 6-3 ferlern op ‘e Jouwer fan Haskerland 6. Dit hienen sy foar de tiid ek wol witte kinnen!? (Haskerland 6 – SDS 3…………..).

Links
By de “junioren” wurkje alle links nei de KNVB wer en ferwize sy net mear nei de neijiers- mar nei de foarjierskompetysje.

Mear?
Hawwe jim noch wat, mail it dan nei info@vv-sds.nl