Wepperkes -freed-

Út in âlde doaze
20 januari 2005
Wepperkes -sneon-
22 januari 2005

Oefenje
SDS 2 sil moarn in oefenwedstriid hawwe. Sy spylje moarn 12.45 yn en tsjin Skearnegoutum(2).

Oefene
SDS 1 hat juster oefene tsjin Zwaagwesteinde 1. Hoe sy it der fan ôfbrocht hawwe is ús net bekend. Miskien mailt ien fan hun ús noch foardat sy nei Zandvoort fertrekke. Oars kinne wy der wol fanút gean dat sy felern hawwe. Mail foar de útslach nei info@vv-sds.nl

Kopkreaker
Us lêzers koene der mar net genôch fan krije. Wy hiene noch folle mear oplossingen krigen foardat wy it antwurd der op setten hiene.
Anco: Snein
Popko : Sneon 
Feiko: snein
Popko (2) snein
Paul : snein
Bas:
Tongersdei + 4 dagen
                     1 freed
                     2 sneon
                     3 snein
                     4 moandei
dus oare moarn is it moandei dan is it moarn snein.

Sa’t wy al earder sein hawwe is it antwurd: snein.
Ynkoarten sille wy wer ien pleatse.
 
Zandvoort
Sy geane fuort en wy bliuwe efter of is it sy moatte fuort en wy bliuwe lekker thús. Yn alle gefallen de A-seleksje is nei Zandvoort. Wy soene jim graach op de hichte hâlde wolle fan dit barren, mar ús erfaring is dat de kiezzen altiten stiif op elkoar bliuwe at wy witte wolle hoe it wie. Dêrom hawwe wy sels mar efkes in programma opsteld foar moarn.
 
Wêr binne se?
Yn Zandvoort. Prima te berikken mei de trein.

 
Wat dogge se moarn?
Dat is fansels wol dúdlik. Se geane jutten. Om se foar de jûn fit te hâlden, dogge se dat mei de auto.

 
Binne se echt aktyf dwaande?
Under lieding fan Lyckle (of is it Willem) geane se moarntemiddei it piratespul dwaan op it strân en yn de dunen. It liket no sa dat se dêr wol sin oan ha.

 
En moarntejûn? 
Dan geane se fansels nei de Holland Casino Eredefysje en dan sûnder defysje. Wy jouwe noch efkes wat tips.

Wurdt er goed op harren past
Absoluut, der stiet in webcam klear sadat wy mooglik ek noch in glimp opfange kinne at se sneintemoarn betiid efkes in dûk nimme.

Dogge se ek wat mei sân?
Dat soe kinne. It soe ús lykwols ferbaze at se sokke moaie dingen dwaan kinne mei sân, sa as yn
dit filmke. It is echt de muoite wurdich om it hielendal út te sjen. 10 minuten echte kuenst.