Wepperkes -freed-

Seleksjes 3 febrewaris
2 februari 2007
Utslaggen sneon 3 febrewaris
2 februari 2007

Blessures
Der binne sa stadich oan aardich wat SDS’ers dy omrinne mei blessures. Je kinne it al sjen oan it tal minsken op de trainingen. By SDS 1 bygelyks wienen der tiisdei mar 7 en tongersdei mar 8 minsken.

Seleksjes
Klik
hjir foar alle seleksjes fan moarn.

Harm op de fyts?
Harm Stremler oerwaget op dit stuit at hij sneon op de fyts nei Damwâlde sil. Hij benadere om ûnbegryplike redenen dêrfoar Aant om mei te fytsen. Dizze hat in foarstel gelyk fan tafel faaid. Op de weromreis kin Harm fansels altyd de fyts bij Anne Brouwer yn it buske sette.

Aldtsjes winne
Tusken SDS 5 en SDS 6 is sûne rivaliteit. Tongersdeitejûns utert him dat troch âld tsjin jong. Juster wûn âld al wer.

Jierdeis
Fansels lokwinskje wij Jacob Plantinga. Hij is juster 45 wurden. Foar Stoffel komme de lokwinsken moarn. Hij wurdt moarn 46 jier. Syn feessie is sneontemoarn, want de rest fan de dei moat Stoffel bij it jubileum wêze fan de dambûn. Want dy besteane moarn 75 jier.

SDS League(1)
Jim hawwe noch 9 dagen om jim nije team foar de SDS-League yn te leverjen(klik
hjir).

SDS League(2)
Noch gjin oere stie ús oprop om mei te dwaan oan de SDS League op de webside of it earste team wie al binnen. Ruurd Boorsma wie de koach.

Ferbân SDS 1 en C1
By SDS 1 binne guon op fakansje. Dit hat konsekwensjes foar de spilers fan C1. Hoe dat sit? Lês dit:
De seleksje fan B1 bestiet út 12 man. Der binne we tige bliid mei… It hie ek oars kinnen…
We moasten 2 misse en hienen noch 13, doe skille B2 om spilers (hja hienen mar 10 en woenen leafst 2 mei). At hja 1 krigen hienen we noch 12. It advys om by C1 te sjen waard dien en sa krigen we 1 spiler werom.
Doe skille Marco tongersdei foar in spiler foar de A-junioaren. Dan hienen we noch 11 hân.
Ik hearde letter werom as der sa trochskoot wurde moast.
By SDS 1 binnen guon op fakansje, miskien by it twadde ek, en der moasten A-junioaren mei it earste mei en spilers fan it tredde nei it twadde.
De A-junioaren freegje wer fan B1 en ek B2 frege van B1 en B2 frege fan C1.
Is it no sa dat as hja by it earste op fakânsje binne, dat de C-junioaren dan net spylje kinne??(lokkich wienen hja frij…)
groet, Klaas Pompstra

Skiedsrjochters
Fan ‘e wike stie hjir in oprop op de webside om sneon te skeidsrjochterjen by de F’kes yn Snits. Jammer genôch kaam hjir net folle reaksje op. Lokkich genôch binne der dochs inkelden dy ’t it fluitsjen op harren nimme sille. Moarns sille Jappie Wijnia en Pieter Groenveld fluitsje en middeis Jeroen Brouwer en Willem Wijnia.

Pikefel(10)
Yn dizze 10e ôflevering fan “pikefel” in ode oan dè nûmer 10: Diego Armando Maradona. Dit is persoanlik ien fan myn grutste pikefelmominten(klik
hjir)!

Letter mear!