Wepperkes -freed-

Bekeryndieling SDS 1 bekend.
28 juni 2007
Wepperkes -snein-
29 juni 2007

Futsal.nl
Ek kommend seizoen wurdt op de webside www.futsal.nl wer genôch oandacht besteed oan de Haadklasse A wer ’t SDS 1 yn útkomt(klik hjir).

Stoppet
SDS 6 moat folgend seizoen ien fan syn steunpilaren misse. Geert Poeze hat oanjûn dat hy stoppet mei fuotbaljen.

Feyenoord(1)
Feyenoord hat in pear geweldige oankeapen dien foar kommend seizoen. Sy hellen al Bruins, Slory, Makaay, De Cler, Van Bronckhorst en Hofland en miskien komme dêr Koevermans en El Ahmadi noch by. Foar de presintaasje sil der dan wol in oanpaste helikopter komme moatte…… Miskien is dit wat??(klik
hjir).

Feyenoord(2)
De seleksje fan Feyenoord dijt aardich út mei al dy oankeapen. Miskien is dit in handich fototastel foar de elftalfoto oan it begjin fan it seizoen(klik
hjir).

Matinee
It is hjoed echt tintewaar. Dat treft moai, want yn Easterein is der in matinee yn de tinte. Wij hoopje fansels dat elkenien wer goed thúskomt. At se hjir gebrûk fan meitsje dan kin it hast net mis gean.

Priis
PSV docht it op de transfermerke dan miskien net super, mar Ronald Koeman hat syn earste priis alwer binnen(klik hjir).

Nijs
Nijs en berjochten kinne jim altyd kwyt op
dizze adressen!