Wepperkes -freed-

Foto’s slotjûn jeugd
18 mei 2006
Útslagen 20 maaie
19 mei 2006

Transfer
Wij kinne in leuke transfer melde. Johannes Dotinga giet oer fan de swarte list nei de wite list. De kommende dagen ferwachtsje wij út dy hoeke noch in oantal transfers.

Clarence Sluier trofee
Wij misten noch in foto fan Jan. Hij is sûnt dy misser net wer yn Easterein sinjaleard. Gelokkich troffen wij him op it keatsfjild yn Wommels. Sjoch hjir foar
it resultaat.

Talpa
Kommende tiisdei giet Talpa yn it Abe Lenstra stadion proefopnames meitsjen mei it each op takem seizoen. Sij wolle besykje om mei bepaalde kameraopstellingen fuotbalsitewaasjes oars yn byld te krijen.  Der sil spesjaal oefene wurde op korners en frije trapen. SDS is útnoege om mei te wurkjen oan dit barren. Sa sille der in stik as 10 spilers fan SDS korners en frije trapen nimme. Wij binne benijd at dizze opnames ek ûnderbrutsen wurde troch reklames.

SDS 5 slút seizoen ôf mei gelykspul
Yn in bar minne wedstryd hat SDS 5 in punt helle yn en tsjin Arum 3. Sij hiene dêrbij wol in ferdigener fan Arum nedich om ta skoaren te kommen. 1-1 wie de einstân.

Ferslach SDS F3
Op zaterdag 13 mei gingen we naar Koudum voor een wedstrijd tegen Oeverzwaluwen F3. Al snel na de slotavond van vrijdag en we hadden er veel zin in. We deden erg ons best maar kwamen toch achter door een goal van Ingmar van de Oeverzwaluwen. Gelukkig maakte Yward toen 1 – 1. Later scoorde Yward weer en daarna maakte Inne ook nog een goal. We wonnen met 3 -1. We moeten maar iedere keer een slotavond hebben. Blij gingen we weer naar huis.
Krist Stoelwinder

Programma sneon
Der is moarn noch wol in aardich programma. Opfallend is wol dat er mar ien ploech thús hoecht. SDS 4 mei nei it keatsen oantrede tsjin Oeverzwaluwen. Dat sil om 17.00 oere wêze.

Abraham
Tsjerk Okkema sjocht hjoed Abraham! Fan herte lokwinske! Der is wol wurk fan syn 50e jierdei makke.

Tsjerk op de flagge by syn hûs.

Klik op de foto om Abraham yn ’t grut te sjen.

Letter mear!