Wepperkes -freed-

Wepperkes -tongersdei-
22 augustus 2007
Easterein wint
24 augustus 2007

Easterein – Wommels
It beloofd jûn in grut spektakel te wurden yn Easterein. Wier de muoite wurdich om efkes del te kommen. Wy wolle hjir noch net sizze wat der allegear barren giet. It moat in ferrassing bliuwe. Allegear komme dus!! Soargje derfoar dat je der rûn 18.30 binne dan misse je neat!

Klear?
It liket derop dat Wommels klear is foar jûn(klik hjir).

Noch net útskeakele
SDS 1 hat ien kear wûn en ien kear ferlern yn it bekertoernooi. Meastal betsjut dat útskeakeling. No lykwols net. Sjoch
de stân en konkludear mei ús dat er noch best wat mooglik is at oaren ploegen wat meiwurkje wolle.

Gjin seleksjes fan sneon
Torch it 60-jierrich jubileum fan SDS is, binne der sneon gjin offisjele wedstriden. Dêrom binne der ek gjin seleksjes.

Wol…net…wol
Juster krigen wij it berjocht dat SDS 5 nije wike net bekert tsjin Zeerobben. Hjoed krije wij it berjocht dat it wol troch giet. De wedstriid koe net yn Easterein plakfine omdat der gjin fjild beskikber is. De rigels sizze dan dat de wedstryd bij de oare klup spile wurde moat. Dus sette de feteranen tiisdeitejûn om 18.00 oere (en net in minút letter) ôf nei Harns om 18.45 te fuotbaljen.

Untfiering foarkommen
Ut tige betroubere boarne hawwe wij heard dat der in poging west hat Ate Vellinga, de materiaalman fan de Wommelser ploech, te ûntfieren. De AWTB (Algemiene Wommelser Tafersjoch Brigade) wie alle lange tiid op de hichte fan de plannen. Neffens net befestige berjochten sit de ERB (Easterender Radikale Bende) der efter. Sij wiene mei dizze ûntfiering fan doel de komst fan de Wommelser bussen en limousine op te kearen om sa de Wommelser fuotballers út de konsintraasje te heljen.

Ate Vellinga hiene se dêrbij nedich om de brêge omheech te draaien omdat der net in diplomearre brêgewipper yn Easterein is.

Kommentaar fan Ate: “Ik lit mij net gek meitsje troch sokke aksjes”

Arbitrale trio
De wedstriid Wommels- Easterein stiet jûn ûnder lieding fan Jelle de Boer, Ienser fan komôf en no Skrokbewenner.
Syn assistenten binne Klaas Overal en Daan Boersma.
At er ek in fjirde man oanwêzen is, is ús net bekind.

Oefenje
SDS 2 wol graach op sneon 1 septimber efkes oefenje. Mocht der in klup wêze dy ’t hjir belangstelling foar hat dan kin dy kontakt opnimme mei Hylke Schrale(klik hjir).

Aktie by Aktiesport
It nije damesteam fan SDS sil moarn tusken 16.00 en 17.30 fuotbalklean helje by Aktiesport yn Ljouwert. Sy krije dêr 20% koarting op it hiele assortiment. De froulju hawwe lyk bedongen dat dit foar alle SDS’ers jild. Kom dus moarn nei Aktiesport! (as je net hoefe te fuotbaljen).

Juiche!!
Mocht der jûn skoord wurde dan binne wy benijd hoe ’t der juicht wurde sil(klik hjir).

Mixtoernoai
Dit is de lêste list (bywurke oant tongersdeitejûn 22.30 oere). Der binne in pear spilers ôffallen en der binne der in pear bykommen. Sa as it no stiet dogge der 66 spilers mei (6 teams fan 8 spilers en 2 teams fan njoggen spilers). Der is noch romte foar 6 spilers. Belje of mail Meinte (
meintewesselius@hetnet.nl, till. 332431).

naam voornaam
Anema Skelte
Bervoets Remco
Boekholt Jaap
Boekholt Korné
Boer Ewoud de
Boer Ids de
Boer Paul de
Boer Erwin de
Boer Douwe de
Boersma Ids
Bouma Stoffel
Broersma Feiko ?
Bruinsma Steffen
Deinum Wichard
Dijkstra Dennis
Dijkstra Harm Auke
Faber Marten
Feyten Andrew
Halbersma Tsjeard
Hallema Arjen
Hiemstra Floris
Hoek Kasper
Hoekstra Robert
Hoekstra Marco
Hofstra Aant
Hofstra Gerlof Jan
Hoitinga Wesley
Hylkema Jildert
Hylkema Wouter
Jelsma Jan Simon
Jong Hendrik de
Kamstra Pieter
Kooistra Doede
Kooistra Sytze
Krimpen Stefan van
Los Arjen
Molenmaker Klaas ?
Okkema Donny
Okkema Durk
Okkema Tjerk ?
Okkema Tsjipke Klaas
Okkema Klaas  
Overal Samme
Overal Syb
Piek Remco
Plantinga Jacob
Plantinga Bauke Jan
Pompstra Jarco
Posthumus Arjen
Posthumus Gearard
Rispens Sjoerd
Ruiter Hjalmar
Stenekes Anne
Stenekes Jan  
Stremler Harm
Strikwerda Bote
Stuiver Peter
Sybesma Robert
Tichelman Freek
Toering Jaap
Vermeulen Tiemen
Wariman Ralph
Wesselius Sybren
Wieren Jacob van
Wijnia Jappie
Wijnia Willem

Letter hjoed mear