Wepperkes -freed-

SDS League: Marco Hoekstra pakt de 1e priis!
21 april 2006
Útslagen sneon 21 april
21 april 2006

Fan de aktiviteitenkommsje
Op sneon 13 maaie o.s. sil nei de wedstriid SDS tsjin CVVB, it seizoen feestlik ôfsluten wurde mei meiwurking fan de Edward Baker One-man Band. Dus leden stipers, sponsoren, supporters, frijwilligers en alle oaren dy’t wat mei SDS te krijen hawwe kom op 13 maaie manmachtich nei de Skoalleseize.
De aktiviteitenkommisje.

Degradeard
SDS 1 is nei ôfrûne tiisdei offisjeel degradeard. BCV wûn ferrassend tsjin ASV Dronten en hat no 16 punten. SDS hat 6 mei noch 3 wedstriden te gean en kin de Burgumers dus net mear ynhelje. Spitich!

Opbringst jeugdaksje
De jeugdkommisje lit ús witte dat de jeugdaksje in grut sukses west hat. It hat SDS €2403.00 opsmiten.

SDS D3 ûnderút
It liket derop dat SDS D3 ôfûne woansdeitejûn syn kâns op it kampioenskip kwytrekke is. Hoe dit sa koe kinne jim lêze yn it ferslach fan leider Jaap Zijlstra(klik hjir).

Jeugdvoetbaldag
Foar alle junioaren en pupillen is der op 10 juny in jeugdvoetbaldag op it Skoatterwâld by Heerenveen. De dielname hjiroan is gratis. Jim kinne jim dêrfoar opjaan by Anco Elgersma. Lês der hjir mear oer(klik hjir).

Ynhelje
Nije wike binne der hiel wat wedstriden om yn te heljen, omdat de bûn graach wol dat it 13 maaie dien is. Spitich is it dan dat de ynhelwedstryd fan SDS 4 – Oeverzwaluwen 3  net trochgiet nije wike tongersdei, mar trochskood wurdt nei 20 maaie.

Seleksjes sneon
Wy hawwe foar sneon gjin seleksjes binnenkrigen fan de leiders. It soe dan ek allinne gean om de seleksjes fan SDS 1 en 2, want it 3e, 4e en it 5e binne frij.

Ferlern
It komt net faak foar, dêrom dizze bysûndere melding. De âldtsjes hawwe tongersdeitejûn ferlern fan de jonkjes op de training fan SDS 4 en 5. Rudy D, Willem V, Gerlof Jan H en Pieter G. fan herte lokwinske.

Jimbar!
Sneon fanôf 19.00 oere FC Twente – FC Utrecht en dernei om 20.00 Roda JC – SC Hearrenfean streekrjocht op it grutte skerm yn de Jimbar!

Super
Hjir noch sa ’n prachtige foto fan Albert-Jan Joustra.

Klik op de foto om him grutter te sjen.

Letter mear!