Wepperkes -freed-

Fan de Skoalleseize
13 april 2006
Seleksjes sneon 15 april
14 april 2006

Jeugdvoetbaldag
Op 6 juny wurdt der in jeugdvoetbaldag organisearre troch de KNVB. Dit sil plakfine op it Skoatterwâld by heerenveen. Alle jeugdleden fan SDS kinne hjir oan mei dwaan. Je kinne je opjaan by Anco Elgersma. Klik hjir foar mear ynformaasje.

E3 wint
E3 hat dizze wike in drok programma. Tongersdeitejûn spilen se tsjin Franeker E7. SDS wûn mei 4-0. Sneon moatte se al wer.

Boek oer Hampie
By SDS 3 wurdt der drok oer neitocht om in boek oer Hampie út te bringen. De titel en de foarside is al klear. Der wurdt noch nei in útjouwer omsjoen. Wy binne benijd nei de folgende titels.


Soe SDS 1 moarn winne?
Topamateurvoetbal.nl sjocht moarn SDS 1 minimaal in puntsje pakken(sjoch hjir). Wy binne benijd.

Wer net
Ôfrûne moandei gie de sealwedstryd tusken ZVH en SDS 2 op ‘e nij net troch. Dit om ’t ZVH oare ferplichtingen hie. De wedstryd is no fêststeld op moandei 1 maaie. Sa wurdt it noch in lang seizoen foar de futsallers fan SDS 2.

Te min?
It trainen fan de B-seleksje gie justerjûn net troch. Der wienen mar 3(?) minsken beskikber. Gelokkich koene dy 3 meidwaan mei SDS 4 en 5. Sa wiene der dochs wer 10.

Net op it lytse fjild!
Fanôf 1 maaie mei der net mear traind wurde op it lytse trainingsfjild foar de boksen. Alle trainingen sille dan plak fine efter de sporthal.
Mei freonlike groetnis,
Bestjoer Skoalleseize en SDS.

Nei it WK
Ien SDS’er is al wis fan in plakje op it WK. Jappie Wijnia hat kaarten wûn foar de wedstryd Nederlân-Ivoorkust(ynklusyf fleanreis). Mocht it al net rinne by it Nederlâns alvetal dan kin hy altiten ynfalle as keeper of djippe spits.

SDS League
Letter hjoed kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League besjen.

Swarte list is klear
It is de fraach at de ûndersteane spilers sneon yn de basis stean. De lieders hawwe it frijbliuwende fersyk krigen, dizze spilers in plakje op de bank te jaan om nei te tinken hoe’t se dit oplosse kinne. Formulier en foto kin noch altiten ynlevere wurde bij Eddy of Aant.
Letter (nije wike)ek de list fan jeugdspilers.

M   BROUWER
L.J. V D BRUG
Y.   BURGGRAAFF
R VAN DIJK
J.   DOTINGA
F.E.   DUIPMANS
P.   GROENVELD
J.K.   HAITSMA
G.J.   HIEMSTRA
A.
S.
  HOEKSTRA
Nauta
TJ   HOEKSTRA
H DE JONG
J.   JORRITSMA
D   KOOL
K.   MALDA
L.   MEIJER
D.W.   OKKEMA
S.   RISPENS
F.   RYPMA
J.   STENEKES
G.O.   VELDSTRA
F.R.   VELLINGA
T.   VERMEULEN
W.   WIJNIA

Fan swart nei wyt
Mei de driging dat de bank sneon it plak wurdt, hawwe Willem Wijnia en Pieter Grienfjild aksje ûndernommen. De foto’s en it briefke binne ynlevere. Dizze twa spilers kinne moarn opsteld wurde.

Mopke
Bij de wedstrijd Ajax-Feyenoord zit er in het Feyenoord-vak een man met een poedeltje. Het poedeltje is helemaal gekleed in Feyenoord-tenue: Feyenoord-petje, Feyenoord-sjaaltje, Feyenoord-shirtje… “Goh,” zegt een man naast hen, “waarom heeft die poedel al die spullen aan?” “O,” zegt de man, “hij is helemaal blind van Feyenoord. Als ze een doelpunt maken, dan blaft ‘ie en dan klapt ‘ie met z’n pootjes.”
In de eerste helft maakt Feyenoord 0-1. Het hondje blaft en klapt met zijn pootjes: “Woef, klap.” Vlak voor rust komt Feyenoord op 0-2. Het hondje blaft en klapt met zijn pootjes: “Woef, woef, klap, klap.”
“Wat knap is dat,” zegt de man naast hen in de rust, “maar vertelt u me nou eens: wat doet dat hondje nou als Ajax een doelpunt maakt?” “O, dan doet ‘ie heel wat anders,” zegt de eigenaar, “dan maakt ‘ie een dubbele salto met een halve schroef!” “Wat?” zegt de man, “voorwaarts of achterwaarts?” Zegt de eigenaar: “Dat ligt eraan hoe ik hem raak!”

Letter mear!