Wepperkes

Gerrit Sytsma wint de SDS EK-League!
5 juli 2004
Hearrefean(seal) wint Midsimmerkup
6 juli 2004

Grutte seleksje
De A-seleksje is yn ‘e tarieding op it nije seizoen aardich oan ‘e grutte kant. De nije trainer, Lykle Bleekveld, wol eltsenien yn de A- en B-seleksje in eerlijke kâns jaan om yn it 1e te kommen. Dat betekent dat hy begjint mei 42 (!) man yn de A-seleksje. Yn de tarieding makket hy dan de keuze wa as yn it 1e en wa as yn it 2e komt.

Knappe prestaasje
Robert Sybesma koe sneon net meidwaan oan de Midsimmerkup yn Dronryp. Hy keas derfoar om mei syn maten Feite de Haan en Gert Jan Hiemstra te keatsen yn Broeksterwâld. Dizze keus pakte net gek út. Robert, Feite en Gert Jan pakten de earste priis op dizze vrije formaasje partij foar senioaren (2e klas)

Lieder SDS 2
SDS bliuwt oan ‘e gong om foar alle teams de technyske staf rûn te krijen.It begjint der hieltiten mear op te lykjen dat dit foar it begjin fan it seizoen slagget. Sa hat SDS 2 foar kommend seizoen in leider fûn. Willem Overal sil dizze taak op him nimme. Hy sil sneons Klaas Okkema bystean, dy ’t trainer/coach is fan SDS 2.

Oare Leagues
Hoe hawwe de SDS’ers it yn oare Leagues dien? Wy hawwe sjoen dat Johan Delfsma de beste SDS ‘er wie yn de LC-Coach. Hy eindige as 646e. Willem Wijnia is 10e wurden yn ‘e Sikehûs-League fan Snits. Hy hie fan ‘e 164 dielnimmers de measte poule-duels goed foarspelt. Yn ‘e finales gie it wat mis.
Lit ús witte hoe jim it dien hawwe yn oare Leagues. Mail dit nei
info@vv-sds.nl

Ferhúze
Spiler fan SDS 3, Anco Elgersma, wenne altiten einen fuort. Hy is no wer ris ferhúze en komt hieltiten tichter by Easterein. Hy komt no yn ‘e Knipe te wenjen.

Beppe is gek fan fuotbaljen
Beppe hat dan wol de poedelpriis helle yn de SDS EK-League, mar sy bliuwt gek fan fuotbaljen. Tom is hjir net altiten like wiis mei. Sjoch
hjir mar.

Midsimmerkup
As jimme no jûn neat te dwaan hawwe, sjoch dan efkes yn Dronryp by it ferfolch fan ‘e Midsimmercup. Hjir kinne jimme sjen welke ploegen as der noch yn ‘e race binne.