Wepperkes

Skoreferrin SDS 1
22 februari 2004
Futsal: SDS 1 rint fierder út
23 februari 2004

Oefenje

SDS1 hat it mar te pakken troch de wike. Kommende moandei geane se nei Balk ta foar in oefenwedstriid. It begjint dêr om19.30 oere.

Treffer

De Treffer komt ein fan dizze wike út. Hiene jim noch nijs of in ferslach dan is it helaas te let foar dizze treffer. It kin fansels noch wol op de side. Dat kin nammentlik alle dagen.

Transfernijs

It seizoen is noch mar krekt healwei. Alle trainers binne ûnderwilens hast wer te plak. Mar hoe sit it mei de spilers. Wichard stopt: dat is wis, mar binne der noch oare ûntwikkelingen?

Toskedokter

Net allinne SDS hat in side, ek Easterein. Yn it gastenboek fan www.easterein.nl stiet de folgende  reaksje:

Een mooie site door en van een mooi dorp!
Der kinne wy yn de Harkema nog wat van leare!
Wat voetbaljen betreft moat jim nog wat fan us leare, come-on SDS
Groeten fan ald doarpsgenoat Pier Houtsma,
Toskedokter en foarsitter Doarpsbelang de Harkema.

Us kommintaar hjir op:

Ja, ik kin my foarstelle dat in toskdokter tefreden is yn de wâlden en by de Harkema. De resultaten hawwe wy sjen kind yn juny ferline jier. Lit ús it mar moai sa hâlde by SDS, sûnder fjochterij, mei ien kuolkast wêr’t mar in pear kratsjes ynkinne dan hawwe wy hjir ek gjin toskedokter nedich.