Wedstriidferslach SDS1

Wa makke de doelpunten op 1-11
1 november 2003
Service foar publyk
2 november 2003

In kado foar in trainer dy’t jierdei is.

 

Kees Jansen wie freed 31 oktober 43 jier wurden. Lieder Anne Brouwer hie it yn de rêch. Foar de spilers fan SDS wiene dat twa redenen om der yn de wedstriid tsjin WTOC  gekonsintreard  tsjin oan te gean. Der wie ek noch in mooglikheid om in kâns te hawwen op de earste periode. At Be Quick punten ferlear koe SDS it yn febrewaris ôfmeitsje tsjin de Sweach.

Sa waard it in wedstriid wêrt in protte romte lei en it foar de taskôgers seker de muoite wurdich wie.

Minut 5: Durk Yde Sjaarda rekket de peal

Minut 6: Broer Wiebe de Ringh doch in prima redding op frije kans WTOC

Minut 16: WTOC skopt yn eigen doel

Minut 18: Durk Yde Sjaarda sjit foarlâns

Minut 30: Feite de Haan krult de bal prachtich yn de fierste hoeke

Minut 32: Robert Sijbesma krekt foarlâns.

Minut 34: Marco Ottens lobt allinne foar de doelman de leech

Minut 42: Anne Stenekes lobt allinne foar de doelman te leech

Minut 45: Harm set foar, Marco Ottens striid mei de doelman en Durk Yde Sjaarda skoort.

Yn dizze lêste minut krijt Marco Ottens in”knibbel”en sil nei it skoft net wer optrede.

Trainer Kees Jansen hie it sa wie sa drok mei blessurebehannelingen. Troch de rêchklachten fan Anne Brouwer moast hy dat hjoed waarnimme. Oan de kant waard sein dat dr. Brouwer syn dokterslisinsje ynlutsen wie, mar dat berjocht is net befestige.

Nei de thee kaam Skelte Anema yn it fjild foar Marco Ottens, dy’t mei syn frou en bern yn de twadde helte it fjild in pear omrûn om der foar te soargjen dat de boppefoet net stiif waard.

Ek yn de twadde helte reinde it wer kansen:

Minut 5: Skot fan Skelte giet oer

Minut 10: Prachtige akje fan Harm Stremler en in noch moaier doelpunt fan Skelte Anema.

Minut 15: Pass fan de jonge heit Gert Jan Hiemstra op Robert Sijbesma waard troch  him fakkundich ynsketten mar troch de doelman keard.

Minut 18: Lange bal Wichard op Durk Yde Sjaarda dy’t Robert Sijbesma in net te missen kans biedt: 5-0

Minut 25: Floris Hiemstra mei in frije traap nimme en hy skoorde fakkundich.

Henk Postma komt der yn foar Robert Sijbesma en Syb Overal komt foar Feite de Haan yn it fjild.

Minut 35: Prachtige foarset Henk Postma, Skelte kopt oer

Minut 37: Skelte besiket oer de doelman te loppen mar bal wurdt noch fan de doelline helle.

Minut 37: Harm Stremler krijt giel

Minut 39: Prachtige aksje fan Gert-Jan Hiemstra , wêr’t helaas net útskoord wurdt

Minut 43: Harm Stremler siket de efterline op mar Durk Yde Sjaarda sjit neast.

 

Om no te sizzen dat WTOC nea oer de middenline kaam is net wier. SDS wie efter dochs wol wat ûnseker en yn de lêste minut fan de twadde helte hie dat sukses foar de ploech út Aldwâlde.

Mei 6-1 koe SDS wol tefreden wêze en hie trainer Kees Jansen in goed jierdeiskado. Ek mei Anne Brouwer giet it wer wat better troch dizze oerwinning.

(ah)