Wat sjogge se net?

Slachte wepperkes
10 juni 2004
Noch 1 dei foar de SDS EK-League
11 juni 2004

Hurddravers
Moarn 12 juny giet it oan foar in oantal SDS-ers. Sy sille besykje de Slachte te bedwingen. Dravend. Dat betsjut, sa ferûnderstelle wy, dat se net folle sjogge wat er om harren hinne bard. 42 kilometer en 195 meter rinne en letter net sizze kinne wat er ûnderweis te sjen wie. Derom no al fêst in lytse ympresje oer de earste 21 kilometer.

Dit binne húskes. Dy hawwe jim as dravers fansels net nedich. Dat kost fierste tefolle tiid. Wy geane der fanút dat jim oefene hawwe om it dravend kwyt te reitsjen. Oan kilometer 21 kear steane der 50 fan sokke húskes.

Dit is in in nijmaak Blaue tinte. Hy stiet tusken kilometer 1 en 2. Liket ús wat te betiid om oan te stekken. In bierke is der ek net te krijen.

Flak foar Boazum sille jim klúne moatte oer in stik gers. Foar fuotballers in ferademing. Henk Kroes winsket jim troch middel fan 4 plakaten in protte sterkte ta.

Oeral op de dyk steane dizze tekens. It sifer wat jim goed lêze kinne is it oantal kilometers wat jim hân hawwe. Gelokkich kinne jim by kilometer 11 net sa gau lêze wat jim noch drave moatte. At jim it noch útrekkenje kinne, giet it mentaal noch goed.

In warskôging is wol op syn plak, tinke wy. At jim Reahûs foarby binne, dan komme jim al frij gau wer in Reahûs. Alles is noch goed mei jim, se hawwe der in kuenstdoarp byboud.

Ja, dat soene jim wol wolle. Liket ús net ferstannich. Boerd negeare is ús rie. Sa’n boerd dêr delsette, wylst jim hast omkomme fan de toarst nei 13 kilometer hat mear fan gek oanstekke.

Foar jim leit de Nije Kromme. In prachtich plak om op te hâlden. Rjochts ôf is nei Wommels. Oan de oare kant fan de brêge steane lykwols in protte minsken dy wolle jim graach oanmoedigje. Noch efkes trochsette soe ik sizze. Oan it oantal boaten te sjen wat al by de brêge leit (20) hat Ate in beste dei hân.

Efter Kubaard binne jim op de helte. It mei no net mear misgean Noch efkes trochsette, wy rekkenje op jim.

Sukses