Evenementen in november 2022

Wat sjogge se net?
11 juni 2004
Kompetysjeyndieling SDS1
11 juni 2004

Jimme hawwe noch ien dei om jimme team yn te leverjen foar de SDS EK-League. Wy misse noch al wat fêste dielnimmers. Helaas kinne jimme jim team dizze kear net te let ynleverje. Ik soe sizze; helje jimme team noch gau efkes del of helje in formulier yn ‘e Jimbar of by my (Willem Wijnia). Ik wol se graach binnen hawwe foar moarn (sneon) 18.00 oere. De Slachterinners kinne dan altiten noch ûnderweis de EK-League ynfulle en by my thús bringe.

SDS EK-League
Foar it EK organisearje wy fan SDS in spesjale SDS EK-League. Foar 5 euro kinne je al meidwaan. As jimme it formulier folledich ynfulle dan wurdt dit jild automatisch fan je bankrekken ôfskreaun. It hinget fan it oantal dielnimmers ôf hoefolle prizenjild as der komt. De stân kinne jimme hjir eltse dei besjen. Ynfulde formulieren kinne jimme ynleverje by:
Willem Wijnia
Walperterwei 21
8731 CC Wommels

of mail se nei:
SDSLeague@vv-sds.nl

Klik hjirûnder en jimme kinne oan ‘e slach!

*
Invulformulier SDS EK-League