Slachte wepperkes

Dy Dútsers binne ek net alles
10 juni 2004
Wat sjogge se net?
11 juni 2004

Kearpunt
De hurddravers fan de Slachte sille it flink dreech krije kommende sneon. Mei namme de debutanten. Sy sille harren regelmjittich ôffreegje: “Wêr bin ik mei dwaande”. By de measte maratons is der in kearpunt. Fanôf dat momint docht in draver wer nije enersjy op, want hy  komt allegear dravers tsjin dy’t noch langsumer binne.

By de Slachte lei dat oars. At je dit punt foarby binne dan moat je gewoan noch 21 kilometer fierder gean. En je sille nea sjen hoe’t de efterbliuwers lije.

Lekrinne
At je mei de fyts oan de hân rinne en der wurdt frege: “wat no in lekke bân?, dan kin it antwurp grappich wêze: Nee, in lek ketting. By it rinnen hawwe se sokke problemen net. Hoewol, Meinte Wesselius, dy’t al in moai skoft dwaande is om him ta te rieden op de Slachtedraamaraton trof it ôfrûne snein net: Hy rûn lek op syn air skuon. Plakke helpt dan net, werom bringe nei de winkel wol. Lykwols hy moat no wer nije skuon ynrinne.

Wurch.
It draven fan in maraton is in geweldicge prestaasje. Dat moat je net te faak dwaan wurdt der wolris sein. Nei de tiid is it foaral in saak fan bekomme. Opfallend is it dan ek dat op de list fan sneon 1ste klas keatsen yn Marssum Durk Yde Sjaarda en Feite de Haan steane. Sy geane tsjin alle wetten yn. Sterkte.