Wat mist er yn de Treffer?

Ofrûne wykein de nije Treffer!
28 maart 2003
Utslaggen 29-3-2003
29 maart 2003

Antwurd: Bolke  

 

 

Bolke hat fanôf desimber 1998 kolumnist west fan de Treffer. Mei syn spesjale krityske blik op ús lytse wrâld hjir, wist hy in protte lêzers te boeien.

Hy sette minsken oan it tinken oer misstannen en hy wist altiten in snaar te finen dy’t skerp lûd joech.

Hy mijde nimmen. Dat hoechde ek net. In kolumnist moat frij wêze om te skriuwen wat hy tinkt. Der binne fansels grinzen mar dy lizze kolumnisten sels wol oan. Grinzen binne yn de tiid ferlein. Yn 2003 kaam it skriuwen fan Bolke op de aginda en in oantal krityske lûden waarden der op tafel lein.

Bolke is hjir fan op de hichte steld en hat syn konkluuzjes lutsen. Hy wol frij tinke en skriuwe. Dat kin neffens him no net mear.  Nei 42 stikjes docht Bolke net mear mei.

It muoit ús tige.

 

De redaksje