Útslaggen12-10

SDS League: Pro-Team pakt wykpriis!
11 oktober 2013
Weppers snein 13-10
13 oktober 2013

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700. Twitterje @ff_sds mei fansels ek.

9:00 SDS D1 – Holwerd D1 8-0
9:00 SDS E4 – SWZ E8 10-2
9:00 SDS F2 – LSC 1890 F5 11-0
10:00 SDS E1 – Joure SC E4 1-4
10:00 SDS MC2 – ONT MC1 3-10
10:15 SDS D3 – Mulier D2 2-4
11:30 SDS C1 – Joure SC C2 1-1
11:30 SDS MC1 – Jacob St. MC1 5-0
12:45 SDS A2 – Sparta’59 A1 0-6
12:55 SDS 3 – Workum 3 3-2
14:30 SDS VR1 – Frisia VR2 3-1
14:45 SDS 2 – Hardegarijp 2 2-2
9:00 SWZ E3 – SDS E2 4-1
10:15 LSC 1890 D3 – SDS D2 4-1
10:30 SWZ F6 – SDS F3 0-3
11:00 Workum E5 – SDS E3 22-0
11:15 Tzum C1G – SDS C2 1-2
12:00 Heerenv. Boys A2 – SDS A1 g.n.t.
12:00 Foarut/Dronr. D2 – SDS D4 15-0
12:30 Frisia B3 – SDS B1 1-2
14:00 NOK 4 – SDS 5 2-5
14:30 Franeker SC 3 – SDS 4 9-1
15:00 Oudehaske 1 – SDS 1 0-1
10:15 MINI LEAGUE F Pupillen Arnoud Meijer

Oudehaske 1 – SDS 1 0-1
SDS 1 wûn hjoed mei 1-0 en die dêrmei goeie saken. Konkurrinten Berltsum en De Wâlde hawwe hjoed beide ferlern. In ferslach fan Grietzen Broersma:
SDS 1 hat wer trije punten helle troch Aldehaske mei minimaal ferskil te ferslaan, 0-1. Oer de hiele wedstriid sjoen wie dat wat te meager en waard it ûnnedich muoilik yn it slot fan de wedstriid.
Nei 10 minuten kaam de 0-1 al fia Jelmer Posthumus. In moaie pass fan Mark Postma kaam efter de ferdediging wernei Jelmer de bal yn de hoeke pleatste. Dernei krigen Tsjipke, Feiko en Dirk-Yde kânsen om de twadde te meitsjen, mar dat slagge net. Tsjipke skoarde letter wol, mar de grinsrjochter hie de flagge al yn de loft stutsen. Aldehaske kaam tot ien skot op goal yn de earste helte en dat wie een prooi foar Jaap.
Nei de rêst wie der drekt in protte balbesit foar SDS en de treffer koe dan hast ek net útbliuwe. Die kaam ek fia Dirk de Jong, mar opnij waard de goal ôfkard. Únbegrip oan SDS-kant omdat Dirk gewoan een úttraap ûnderskepte. Dochs kaam de flagge omheech en dit naam de skiedsrjochter oer. Ek dernei kamen der genôch kânsen om de marge feilicher te meitsjen, mar it wie te slordich.  It lêste kertier waard een geliikweardiche wedstriid en Aldehaske liuwde der noch yn. Frije trappen en foarsetten wienen lykwols hieltiid foar Jaap of de ferdedigers. Oan de oare kant wie Skelte Anema der troch en waard toen dellein. De skeids die de fluit yn de mûle en draafde nei de middenstip. Ûnderweis betocht hij sich lykwols en doe wuifde hij it fuort. De wedstriid einigde dernei yn een krappe mar fertsjinne 0-1 oerwinning foar SDS.
Grietzen

SDS 2 – Hardegarijp 2 2-2
SDS 2 ferlear fan ‘e wike syn trainer, mar wie net fan doel om dit wykein ek noch punten te ferliezen. Mei Hardegarijp 2 troffen sy in knappe tsjinstanner dy ’t der oars oer tocht. Dochs kaam SDS 2 foar út in penalty fan Anne Stenekes dy ’t sjen liet dat fuotbalwetten net op tapassing binne op SDS 2. Al wurde je sels ûnderút helle dan noch meitsje dy penalty gewoan. Hardegarijp kaam al op 1-1 en like krekt wat makliker te fuotbaljen. Gjin probleem foar SDS 2, want dy makke al gau de 2-1 troch Willem nei goed wurk fan Ayanle. Spitich wie it al dat Hardegarijp 10 sekonden foar rêst troch in penalty dochs noch op 2-2 komme mocht. De twadde helte wie úteinlik wol foar SDS 2, mar spitich genôch levere dit gjin goals mear op.
Foar SDS 2 komt it net gek út dat konkurrint foar de earste perioade Be Quick Dokkum 2 lykspile tsjin Zeerobben 2 en Zwaagwesteinde 2 de derby tsjin Kollum 2 ferlear.

SDS 3 – Workum 3 2-3
SDS 3 ferlear fan in goed Workum 3. Wy sjogge út nei it ferslach. Doelpunten wiene fan Pieter Kamstra.

SC Franeker 3 – SDS 4 9-1
SDS 4 gie op ‘e nij ûnderút en hat it dreech yn de Reserve 5e-Klasse. Net ûnbegryplik as je it jier dêrfoar op it 8e plak eindigje yn de Reserve 6e-Klasse……… Wy sjogge út nei it ferslach, de doelpuntenmakker witte wij al: Lourens van der Pol (A1) joech oan dat hij syn earste doelpunt makke hat bij de senioren

NOK 4 – SDS 5
SDS 5 hat op ‘e nij wûn. Dit kear by NOK-out mei 5-2. Jappie(2x), Robert, Wichard en ien fan NOK makken de doelpunten foar SDS 5. It ferslach.

SDS Vr1 – Frisia Vr2
Frisia komt ut liwadden en it wiene ik echte liwadders.
Sil der fierder niks fan sizze maar dan wit in gemiddelde lezer genoch.
It begjin wie moeilyk, it woe net echt loskomme.
Tot oermaat fan ramp skoorde frisia ut in prachtige frye trap ek nog de 0-1.
Gelokkig makke Marije Hiemstra foar de rest it spul nog yn evenwicht 1-1
Yn e pauze hat pieter nog efkes sunder in wurd spaansk utlein wat der barre moest.
As dat oerkommen is wit ik net mar Tessa skoorde wol de 2-1.
Dernei wie it ofwachtsje op de folgende goal die uteinlyk makke waard troch Hester skitterend yn e rjochter boppe hoeke.
Doe wie it dien mei de liwadders en blieuwden de treie punten yn Easterein.
Al mei al in moai potsje fuotbal mei winst as utkomst.
Oant de folgjende kear
Jimme lieder en flagger

Efkes bolje
Efkes balje heeft iets magisch: al wekenlang komen er precies 14 echte mannen, terwijl er steeds weer anderen zijn. Vanavond veel strijd. Team couleur locale met Ferry, Johan, Folkert, Pieter, Tjerk en bovenal Wouter, scoorden in de voorronde het meest. Team nije oranje met Harry, Almer, Marco, Remco, Theo, Jan Bouke en Pieter maakten in de finale de twee golden goals. En zo ging iedereen tevreden naar huis.
Tjerk

SDS MC 2 – ONT MC1 3-10
Doelpunten wiene der fan Moniek (2) en Baukje.

SDS MC1 – St Jabik MC 1 5-0
It bliuwt goed gean mei SDS MC 1. Ek it reinwetter koe harren net deare. De doelpunten wiene fan Tjitske, Nienke, Jeska, Ilse en in eigen doelpunt.

Frisia B3 – SDS B1 1-1
Soms is de wedstrijd net zo leuk als de gesprekken op de achterbank. De B1 boys spreken over toekomstige echtgenotes en benoemen hen bij hun twitteraccountnaam. Vroeger als twee meisjes een zelfde voornaam haddden, noemde je gewoon de achternaam, bv Jannie de Boer of Jannie de Vries. Tegenwoordig is het Janniexx of Jannielove. De rest van de verhalen vertel ik hier maar niet. Dan de wedstrijd, die was dus net zo leuk: Felle strijd van beide partijen en een scheidsrechter die zichzelf erg serieus nam. Hij floot niet slecht, maar humor is ook belangrijk in het leven. Zonder te scoren en zonder ook zelf echt in de problemen te komen pakte SDS de winst, terwijl Frisia drie keer scoorde. Snapt imend het nog? Ja dus, twee keer eigen goal. Johan en Remco hadden wat noodzakelijke omzettingen gedaan die al met al niet slecht uitpakten. Jonathan speelde goed op linksvoor en scoorde, maar door een strikte interpretatie werd de goal niet geteld. Hierna stoomde Piter goed door op rechts gaf voor en Frisia kopte hem mooi in. Dit kunstje werd, na een knappe 1 – 1 dus nog eens herhaald op bijna identieke wijze.
Inne ging er nog af met een gele kaart en tien minuten straf: zoals ik al zei de scheids nam zichzelf erg serieus. De leiders waren tevreden, de spelers net zo, dus wat zal ik er als grensrechter nog verder over zeggen.
Volgende week Zeerobben in ’the long road to championship.’
Tjerk

SDS C1 – SC Joure C2 1-1
V
andaag moest de C1 het opnemen tegen joure, vanaf het beginsignaal werd er volop gestreden door sds en werden er regio kansen gecreeërd en gemist.Maar na een kwartier spelen werd het 1-0 door een goal van Wytse.Joure kwam voor rust nog op gelijke hoogte .
Na rust werd er door beide teams vel gestreden voor de overwinning waarbij sds vele kansen had om te scoren maar de paal lat en keeper van joure voorkwamen dat. Ook Joure had de nodige kansen ,maar de verdediging en de keeper wisten dat te voorkomen. In het laatste kwartier werden er bij joure twee man binnen vijf minuten met geel naar de kant gestuurd, sds kon niet profiteren van de man meer situatie en zo bleef de stand 1-1.
Niels Hazewindus

SDS D1 – Holwerd D1 8-0
SDS stuurde Holwerd resoluut terug naar hun befaamde pier. In de eerste helft was er nog enige tegenstand, in de tweede helft was de beer goed los. Het verschil in beide helften was dat enkele spelers het spelletje nu wat meer door krijgen. Het is geen individuele sport…!
Tikkie tak, vrije man zoeken, diepte, passen en scoren. Steven scoorde twee keer, Sietze een niet officiéle hattrick, maar omdat er een kopgoal bij zat rekenen we hem wel. En natuurlijk Nykele die weer beloofd had te scoren, en dat ook deed. Hendrik voegde weer een puntje toe zijn reeks. Ook deze was onnavolgbaar: koppend in de korte hoek.
Jopie, Sjoerd en Sander hielden de deur op slot en de keepers idem dito. Waterdragers Kent, Wessel, Dirk, Aiso, Lars en Jurjen speelden erg nuttig en bij de les. Kortom ruime overwinning en nu op naar de herfstvakantie: 8 – 0.
Tjerk

LSC1890 D3 – SDS D2   4 – 1

Ofrune sneon moast SDS D2 spylje tsjin LSC ut Snits. Yn ‘e kompetysje hat SDS D2 noch mar 1 punt helle. De tsjinstander fan sneon stie ien plakje boppe us. It wie dus wichtig om trye punten te pakken. Lykas hast eltse wike spylje we tsjin meast twadde  jiers D’s. Us mannen komme gewoan fysiek tekoart, dat waard sneon ek wer dudlik. We giene mei in 2-1 efterstan de rest yn. De twadde helte wiene we gelykwaardich mar it wie LSC die mei 4-1 as winner fan it fjild stapte. Mar de jongens wurde  allinich mar better, dat is ek te sjen op de trainingen. De oerwinningen komme fansels, dat kin net oars. Nye wike is der in beker/ynhel programma. De wike dernei spylje we tsjin YVC/Blauwhus.

Theo.

 

SDS F2 – LSC 1890 F5 11-0
Tsjonge jonge wat setten de jongens fan F2 bêst útein. Drekt nei it begjin al in goeie oanfal mei in pracht pass fanút it middenfjild wêrút de djipste spits Sybo skoarde. Al gau sjitten Jalko en Stef der ek in bal yn en stie it samar 3-0. By de rêst wie it 6-0 en yn de twadde helt gong it goed troch mei goals fan û.o. Timen en Jochem. De keeper fan de twadde helt, Jildert, koe wer moai meifuotbalje, dat LSC wurde oan alle kanten oerrûn. Mei 11-0 wie it dien.
Ien fan de âlders fan F2

SWZ F6 – SDS F3 0-3
Wer winst foar SDS F3,
F 3 draait oan’t no ta as in tierelier.
Se binne der wer yn slagge om fan in goed team te winnen yn Snits. De mannen fan SWZ F6 seagen yn SDS F3 in makkelijke proai  (” er zijn wel vier meisjes bij”) mar dat foel  tsjin want SDS pakte krekt foar it skoft it earste moaie doelpunt. Mar earlik is earlik it wie dreech genoch want Snits hie de ferdedeging goed ticht. Mei trochsetten koe F 3 toch mei foarsprong nei de ranja.
Nei it skoft moest der noch in skepke boppe op want ek SWZ kaam út de box mei it skom op ‘e bek. It waard in skitterende twadde helte wer’t ek SDS der yn slagge om alles efteryn goed ticht te hâlden en noch twa kear te skoaren. Einútslach (0-3).
SDS F3 hat it wer goed dien. Coaches, trainers en de bern sels fan F3 hawwe de draai te pakken.

Sjen as we dit wat festhalde kinne.
Geert Diever

SDS Minileague
Sneon wurdt foar de 4e kear de SDS-minileague ferspile. Dizze earstejiers F-pupillen meie hjoed wer los om 10.15. Hjir fine jim de stân en de teamyndielingen foar hjoed.