Weppers snein 13-10

Útslaggen12-10
11 oktober 2013
Meinte Sixma-toernoai
13 oktober 2013

Hie kinnen……(1)
Anne Stenekes moast juster nei de wedstryd fan SDS 2 as de bliksem fuort. Metsje siet mei Tiemen op Skylge en Anne mocht wol fuotbalje mar moast dan wol mei Jorrit om 17.15 op de boat sitte nei Skylge. Lestich, want de thúswedstryd fan SDS 2 begie aardich letter dan de plande 14.45. Úteinlik wie de wedstryd 16.49 dien, stie Anne 16.50 ûnder en siet 16.54 yn de auto. Om 17.18 krigen wy berjocht dat Anne op de boat siet. Wy fermoede dat Jorrit noch yn de auto siet…………….

Hie kinnen….(2)
No ’t Broer-Wiebe de Ringh net mear trainer is fan SDS 2 en Gert-Jan Verbeek net mear trainer is by AZ is de link al gau lein. Gert-Jan Verbeek wurdt de nije trainer fan SDS 2. Dat hie kinnen, mar wy tinke sels dat it Pieter Bijl wurdt……..

Hie kinnen(3)
Je hawwe snelle fuotballers en wat minder snelle fuotballers. Oftewol sommige fuotballers binne diesels en sommige binne meast op de brommer. Hendrik Engbrenghof wie juster net op de brommer en waard foarbyflein troch in ferdigener fan Workum 3. Neat raars, mar it like alderaardichst. Hoe it derút seach? Hendrik hie by Feyenoord sitte kinnen…………………..(klik hjir

Hie kinnen(4)
Sytze Kooistra soe hjoed syn debút meitsje yn BEVO 1. Spitich genôch foar him waard de wedstryd ôflast.

Hie kinnen(5)
It hie kinnen dat wy fan alle wedstriden fan juster de útslach hienen. Wy misse allinnich noch de útslach fan SWZ E3 – SDS E2(ynmiddels hawwe dizze útslach ek)
In hiel soad ferslagen hawwe wy al krigen, mar net fan alle teams. Hjir kinne jim se lêze.

Harsens derby(1132)
Dit hie like goed by it mannefuotbal barre kinnen: