SDS League: Pro-Team pakt wykpriis!

Seleksjes 12-10
10 oktober 2013
Útslaggen12-10
11 oktober 2013

Wy hawwe alwer in nije koprinner. Sjoerd van Beem docht mei “FC Don’t Hassel the Hoff!” in lyts stapke werom nei it twadde plak en lit “FC Sathe Berwert” fan Peter Stuiver en Sieta Tessemaker foargean. It ferskil bliuwt lyts mei mar ien skammel puntsje. Ien puntsje ûnder Sjoerd stiet dan Igor Kalinowski mei “Elena Ibarbia Jiménez”. Ien puntsje dêrûnder Jurjen Eringa mei “de Lange Lûkers en dêrunder stiet dan wer de wykpriiswinner fan dizze wike. Mei in skamele 34 punten wit Gert-Jan Hessels dochs efkes de wykpriis te pakken mei “Pro-Team”. Fan herte lokwinske!


Gert-Jan Hessels op de skouders nei winnen fan wykpriis

Fansels stiet Ralph Wariman mei “Don’t Wari” noch altiten ûnderoan, mar hy rint al efkes 8 punten yn op “Keessie Kwakman”(Kees Adema), syn “grutste” konkurrint om de reade lantearn. Ralphs sweager Ids de Boer komt mei “Id’s mei life”(55e) ek hieltiten tichterby.
Yn de folgende Treffer sil Ralph út de doeken dwaan wat syn team mankeart.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 4.