Utslaggen sneon 21 maaie

Wepperkes -sneon-
21 mei 2005
Wepperkes -snein-
21 mei 2005

Lêste sneon
De lêste sneon fan de kompetysje hat in rommelige útslaggenlist. De thús wedstriden binne troch de wike spile en dy útslaggen binne binnen, mar fan de útwedstriden is hast neat bekind. Mochten jim in útslach witte, mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl

SDS C2 – ONS/TOP63 C3 0-5
SDS E2 – Makkum E2 5-1
SDS E4 – TOP’63 E2 1-1
SDS F1 – Be Quick D F2 7-2
SDS F3 – Joure SC F6 3-1
SDS C3 – Frisia C4 0-7
SDS D2 – WZS D3 1-2
SDS F5 – Waterpoort Boys F1 1-3
SDS 5 – Waterpoort Boys 3 4-10
SDS B1 – JV Bolsward B1 2-3
Harlingen C1 – SDS C1
6-3
DWP E2 – SDS E3  
Rood Geel 2 – SDS 3 1-3
Berlikum SC 3 – SDS 4  
Workum C1 – SDS C1  
Scharnegoutum’7 D1 – SDS D1  
CVVO E2 – SDS E1  
GAVC F3 – SDS F2  
AVC F3 – SDS F4  

SDS 3 kampioen
It wie tiisdei al bekind mar hjoed hat SDS 3 it kampioenskip fierd. De mannen fan Wouter Hylkema hellen yn Ljouwert noch in krease 1-3 oerwinning en koene dêrnei in feest bouwe yn de kantine. Der wiene yn Ljouwert noch aardich wat SDS supporters.
Doelpunten wiene der fan Syb, Anco en Harm Auke.

Kuorbalútslaggen
SDS 4 hat foar de feroaring “kuorballe” tsjin WPB 3. It waard in reguliere kuorbalútslach, want de mannen yn de giele sjurtsjes út Snits wûnen mei 4-10.
De doelpunten waarden skoord troch Ype Tiemersma, Willem Feenstra (2) en Bas de Haan.

De koartste wei nei Easterein
De Snitsers fan WPB moasten fuotbalje yn Easterein. Ien fan de Snitsers joech by de retonde by Skearnegoutum oan dat hy in koarte route nei Easterein wist, sadat hy rjocht troch gie en net links ôf sloech.
Yn Easterein stiene 8 oare WPB-ers te wachtsjen, doe’t de wedstryd begjinne moast want “de mannen fan de koartste wei” wiene der noch altiten net. Mei in tillefoantsje die bliken dat se hast yn Ljouwert sieten.

Keatse
Yn Easterein wie ek in skoaljonges keatspartij. 9 Eastereinders en 5 Wommelsers stiene op de list. Teloarstellend wie it resultaat: nimmen foel yn de prizen.
De titane striid tusken Wommels 1 en Easterein 1 waard op 5-5 en 6-6 beslist. Wommels wûn, omdat sy ien bal minder bûten, kwea of foar sloegen as Easterein.