Wepperkes -snein-

Utslaggen sneon 21 maaie
21 mei 2005
Wepperkes -moandei-
23 mei 2005

Nije fyts
At jim immen fytsen sjogge op in moaie nije fyts, en jim tinke dat dat Jacob Klaas Haitsma is, dan hoege jim net nei eachdokter. Jacob Klaas helle hjoed in tredde priis op de haadklassepartij yn Berltsum en de priis wie in fyts.

Doelpuntenmakkers
Gearard Posthumus is dan dochs de topskoorder wurden fan SDS yn 2004/2005. Syn neiste konkurrint Ype T. skoorde wol, mar bleau ien doelpunt efter. De totale list stiet by senioren.

Mei SDS 2 nei Erica?
Der binne al aardich wat oanmeldingen foar de busreis nei Erica wêr as SDS 2 kommende sneon de beker pakke kin. No ’t der sneon allinnich mar in bus fan 70 persoanen beskikber is binne der noch wol wat plakken frij. Je kinne je dan ek noch altiten opjaan by:

*Klaas Okkema 0515-332221 of
*Willem Overal 0515-333486
of mail nei
info@vv-sds.nl
It kostet €10,- per persoan.
De bus fertrekt sneon om 9.45 oere.

Dat wurd dus 35 minsken ûnder(+sjauffeur) en 35 boppe.

VV Tzum 25 jier!
VV Tzum bestiet binnenkoart 25 jier. Sy hâlde dêrom grut feest op sneon 4 juny. Der sil dan ûnder oaren in wedstriid spile wurde troch de VV Tzum tsjin âld-Heerenveen. Tige de muoite wurdich dus om dêr efkes te sjen. De wedstryd begjin om 17.30 oere. Sa’t it no liket komme Talan, Maarten de Jong en Gertjan Verbeek nei it doarp mei de heechste toer fan Fryslân. De tagong is fergees.

Soe Lubbe van Dijk ek meidwaan?

Familiekeatsen
Fanmiddei sil it fêst smûk wurde yn Easterein. Fanôf 13.00 oere is der familiekeatsen op de fjilden fan de Skoalleseize.


Netsjes
Fuotballers goed nijs, it nije trainingsfjild giet goed foarut.
“de Skoalleseize”


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!