Utslaggen sneon 2 maart

Seleksjes sneon 2 maart
28 februari 2013
Weppers snein 3-3
2 maart 2013

Mochten jim al fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.

Flyers
Voor alle spelers ligt er zaterdag een flyer  in de kantine, zouden de leiders van de teams die uitspelen deze zelf voor hun team op willen halen.
Freonlike Groetnis Enne

9:00 SDS C2 – Terschelling C1  2-0
9:00 SDS E2 – Balk E2  7-2
9:00 SDS E3 – Heerenveen E11  2-3
10:00 SDS E5 – Makkum E3  1-7
10:10 SDS F5 – Gorredijk F5  0-4
10:30 SDS A1 – MKV’29 A1  1-0
11:00 SDS F1 – IJVC F1  10-1
12:30 SDS 3 – VVI 2  1-2
12:30 SDS VR1 – Warga VR1  2-5
14:30 SDS 2 – Waterpoort Boys 2  3-3
14:30 SDS 5 – Balk 4  2-2
9:00 ONT C1 – SDS C1  5-3
9:00 Balk D1 – SDS D1  8-0
9:45 LSC 1890 F5 – SDS F2  3-6
10:15 SJO J V Bolsward E7 – SDS E4  1-9
10:15 SJO J VBolsward F6 – SDS F3  1-2
10:30 Balk E1 – SDS E1  11-2
11:45 LSC 1890 F8 – SDS F4  2-3
11:50 ST IJVC D3 – SDS D3  14-0
12:45 Annaparochie St. VR2 – SDS VR2  5-1
14:30 Fean’58 1 – SDS 1  0-0
14:30 Delfstrahuizen 4 – SDS 4  5-4

Efkes Balje
Justerjûn wie de ôftraap fan it foarjierseizoen. At dat illustratyf wêze sil  foar de kommende moannen dat sit it wol goed wol. Net wat de opkomst oangie, dy wie noch matich, wol wat de wille, de ynset, de prestaasjes, de spanning en de dramatyk oangiet. In alles beslissende fase wêr’t it doelpunt mar net folle woe troch hopeloas falen foar it doel, troch ûnferbetterde reddingen op de doelline en troch wurgens. It like der lang op dat FHT dochs noch mei de winst nei Itens, Hennaard en Wommels soe, mar JAKA (Wommels en Easterein) sloech
dochs ta. No ja troch in eigen doelpunt fan de T.
Nije wike de opkomst folle grutter troch OB, Marco, Durk Pieter, Pieter, Douwe Dirk, Folkert R, Wouter, Eddy en oaren?

SDS A1 – MKV A1   1-0
De earste helte wiene der oan beide kanten net folle kânsen, de ploegen wiene wol wat oanelkoar weage. Yn it skoft hat de koach fan SDS wierskynlik sein dat “der mear lef komme moast, mear leauwe yn eigen kinnen”. Dat hie gelyk effekt, want wylst in oantal supporters noch oan it opwaarmjen wien yn de kantine skoarde SDS. Foar dy selde lette supporters betsjutte it dat sij oan de 90 ste minút tochten dat it noch 0-0 wie en fol spanning hoopten op dat iene doelpuntsje. Kansen wiene der genôch en in bûtenspuldoelpunt waard ôfkard. Mar doe’t nei it lêste sinjaal de hannen bij de SDS-ers de loft yngiene, waard it ek foar dy supporters dúdlik dat der wol skoard wie.

’t Fean ’58 1 – SDS 1 0-0
’t Fean ’58 begie de wedstryd net goed en SDS hie taslaan moatten. Dit slagge allinnich net. SDS krige wol de measte kansen, mar in goal levere dit net op. ’t Fean rekke noch wol ien kear de peal. In terjochte 0-0 en hooplik jout dit fertrouen foar de kommende wiken.

SDS 2- WPB 2 3-3
It begjinakkoard wie foar SDS 2 (gelyk mei 1-0 foar troch Gerrit Flisijn) en it einakkoard wie ek foar SDS 2 (gelykmakker fan Anne Stenekes krekt foar tiid.
Dêr tuskentroch kaam WPB op 1-1 se kamen op 1-2 foar en se kamen ek noch op 2-3 foar. In punt dus.

SDS 3 – VVI 2 1-2
Wij hawwe begrepen dat SDS 3 genôch kansen hân hat om de partij te winnen mar fierder as in doelpunt fan Mark Postma kamen se net.

SDS 4 – Delfstrahuizen 4     5-4
It wie miskien wol droech oan de oare side fan de Tsjûkemar, it reinde wol doelpunten.
Nei 12 minuten stie it al 3-0, de rêststân wie 4-2. Binnen it kertier wie it 4-4 mar helaas waard it noch 5-4.
Foar SDS skoarden Gert Jan Hessels, Jelmer Brouwer, Tseard Verbeek en Jelle de Jong.

SDS 5 – Balk 4     2-2
De einstân wie al bij it skoft berikt. Doelpunten wiene der fan Wichard en Peter.

SDS Vr1 – Warga Vr1    2-5
SDS Vr1 hawwe wol 3 punten helle hawwe wij begrepen, mar dat wie yn de net ûnbelangrike tredde helte. Doe skoarden de froulju allegear. Yn de wedstriid wiene dat allinne Jildou en Sieta.

ONT C1 – SDS C1 5-3
Hjoed stie ONT C1-SDSC1 op ’t programma. In topper yn de kompetysje. Hun stiene 1e en wy stiene 4e mei net in soad puntenferskil. As wy noch kampioen woenen wurde, moasten we hjirre winne. We begûnnen de wedstriid gelyk slap en mei weinig oerstjoeging. ONT sette ús fêst en sette druk foarut. Wy koenen moeilijk ûnder de druk wei komme. Nei in kertierke spyljen waard it ek 1-0 foar ONT. Twa minuten letter kryg Almar in steekbal krekt oer de middenline en gie der mei syn snelhyd fan troch. Nei in moaie aksje skode hy de bal tsjin de touwen. We kamen de earste helte net ûnder de druk wei en leiden in soad balferlies. Yn de rust ha we in preek krigen oer wat better moast. Twadde helte begûnnen we in stik feller mei Pieter der by yn de ploech. Ûndanks dat we feller gongen fuotbaljen krigen we binnen 3 minuten al de 2-1 tsjin. We begongen steeds wat mear ûnder de druk wei te kommen. Dêrnei kamen Pieter en Habtamu goed troch op de linkerkant, Habtamu sette de bal foar, De ferdediging fan ONT probearre de bal fuort te heljen mar rekken de bal ferkeart en doe skode ik (Frank) de 2-2 yn. Ûngefear 5 minuten dernei makke ONT de 3-2 troch in dekkingsfout fan Jitte Kees. We begongen mear en mear yn ús spultsje te kommen en makken de 3-3 troch Habtamu. Hy kryg de bal yn ’t strafskopgebyd. Kapte de bal ôf, wie syn man kwyt en sjitte de bal net hurd mar behearst yn de hoeke. We krigen wat hoop op in oerwinning mar dêrnei kryg ONT in frije traap. De bal like makkelijk te pakken foar Gert-Jan mar hy liet de bal tussen syn hannen glippe en de bal ferdwûn it goal yn… Mei noch 5 minuuten op de klok wie iederien hiel oanfallend ynsteld en stûn de ferdediging net mear goed en troch in kounter fan ONT makken hun de 5-3. Al mei al, in moeilijke pot mei yn de earste helte slecht oant matich fuotbal en de twadde helte wol better, net top, mar wol hurd wurke.
Frank