Weppers moandei 16-12

Utslaggen sneon 14-12
13 december 2013
Weppers tiisdei 17-12
17 december 2013

E1 hat gjin trainen

De E1 hat hjoed gjin trainen. Se kinne der no ek serieus rekken mei hâlde dat se winterstop ha. Mar derfoar moatte se de site noch efkes goed yn de gaten hâlde foar takom wike.  

Gr. Bauke 

Ferslach SC Berlikum 1 – SDS 1
Op de webside fan SC Berlikum stiet noch in útgebreid ferslach fan de wedstryd fan ôfrûne sneon tsjin SDS 1. Sjoch
hjir mar ris.

Programma sneon 21 desimber
Kommende sneon stiet der oan ’t no ta noch mar ien wedstryd op it programma. SDS 2 mei it dan om 14.00 thús opnimme tsjin Zwaagwesteinde 2.

Foarrondes FK seal foar SDS C1
SDS C1 spilet kommende sneon syn foarronde foar it Frysk kampioenskip seal yn Frjentsjer yn de sporthal yn Easterein. It sil moarns wol om in oer as 9.00 los gean.

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Kommende sneon binne der wer de earste foarrondes foar it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Ek dit jier sille der wer in stik of wat SDS’ers oan meidwaan en fansels SDS’ers om útens.

Help de Rabobank SDS stypjen!
Dizze hiele moanne kinne je noch helpe om de Rabobank SDS stypje te litten. Sjoch
hjir mar ris.

Kompetysje-yndielingen foarjier 2014 jeugd
It duorret noch wol efkes foar ’t de nije kompetysje-yndielingen foar de jeugdteams der binne. Op 27 jannewaris is der by SC Bolsward in kompetysje-yndielingsjûn foar wedstrydsekretarissen om alles in bytsje goed yn te dielen.

Gouden Fluit
“Heit? As Cristiano Ronaldo in Gouden Bal krijt as beste fuotballer fan de wrâld, krijt de beste skiedsrjochter dan in gouden fluit?”

Harsens derby(1170)
Harm-Auke Dijkstra tipte ús dit filmke.
Miskien is dit wol de ienige manier om SDS 5 dit seizoen te stopjen: