Utslaggen 8 april 2006

Seleksjes sneon 8 april
7 april 2006
Wepperkes -snein-
8 april 2006

SDS 1- Noordscheschut 1       3-3
De hurde wyn wie bepalend foar it spulbyld. SDS 1 stie mei in hurde wyn yn de rêch nei 25 minuten mei 3-0 foar. Doelpunten fan Dirk Yde Sjaarda (2) en Henk Postma.
Krekt foar de tee prikten de Drinten der ien yn. Nei 10 minuten yn de twadde helte waard it 3-2 en in kertier foar de ein waard it 3-3.

SDS 2 – Noordscheschut 2       0-0
In tige fertsjintlik puntsje fan SDS 2 tsjin ien fan de koprinners. Ek hjir wie de wyn bepalend foar it spulbyld.

FC Meppel 4 – SDS 3 2-1      
SDS 3 gie mei 2-1 ûnderút yn Meppel. Wichard Deinum skoorde (alwer) foar SDS 3.

Arum 2 – SDS 4       5-1
In moai affysje yn Arum. It leeftydsferskil wie wol hiel grut. En dermei it rinfermogen. Doelpunt wie der fan Ype Tiemersma út in frije traap.

Mulier 3 – SDS 5 7-2
De koprinner hold de punten yn Wytmarsum. Mei 7-2 stie der wol wat in flattearde stân op it boerd. Rinse Joustra en Bas de Haan skoorden.

Zeerobben A1 – SDS A1      1-2
De ferrassing fan de dei kaam út Harns. Op it kuenstgers koene de SDS-ers goed út de fuottentsjin de koprinner. De wiksels wiene bepalend. Earst skoorde Jildert Hylkema en dêrnei Paul de Boer. Foar Zeerobben A1 wie dit it earste ferlies thús dit seizoen.

BurgumBCV A3 – SDS A2 1-2 
Ek in ferrassing wie de oerwinning fan SDS A 2. Doelpunten wiene der Vitor en Sybren. It doelpunt fan Sybren wie hiel bijsûnder. In frije traap fan eigen helte.
Eeltje Postma wurdt moarn opnommen yn it Clarence Sluier klassemint. Hij miste in strafskop.

SDS D3 – QVC D2        5-2
In hattrick fan Christiaan Zijlstra yn de earste helte. QVC skoort 2 kear tsjin en dernei meitsje Jurjen Eringa en Jos Houtsma it ôf. Moarn in kompleet ferslach.

Witte jim in útslach, mail ús!

    útslach
14:30 SDS 1 – Noordscheschut 1  3-3
12:30 SDS 2 – Noordscheschut 2  0-0
14:00 SDS B1 – Makkum B1  oflast
10:30 SDS C1 – JVC Nylan 2000 C1  5-5
12:30 SDS C2 – Oldeholtpade C1  oflast
9:00 SDS D2 – Oosterlittens D3  4-3
11:00 SDS D3 – QVC D2  5-2
9:00 SDS E3 – Franeker SC E7  net spile
9:00 SDS E4 – Mulier E3  7-0
10:00 SDS F2 – NOK F1  7-0
10:00 SDS F4 – Zeerobben F5  0-5
15:35 SDS F5 – Mulier F3  oflast
14:30 Meppel FC 4 – SDS 3  2-1
12:45 Arum 2 – SDS 4  5-1
12:45 Mulier 3 – SDS 5  7-2
12:00 Zeerobben A1 – SDS A1  1-2
12:00 BergBCVComb A3 – SDS A2  1-2
9:00 Zeerobben D1 – SDS D1  10-0
10:00 WWS E1 – SDS E1  7-1
9:00 GAVC E3 – SDS E2  1-5
11:30 Nicator F1 – SDS F1  2-4
11:30 RES F4 – SDS F3  0-6