Utslaggen 26-10

Seleksjes sneon 26-10
24 oktober 2013
Weppers snein 27-10
26 oktober 2013

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700. Twitterje @ff_sds mei fansels ek.


Tijd Wedstrijden Utslach
9:00 SDS D2 – ST IJVC-Blauwhuis D2 4-1
9:00 SDS E2 – EBC/Delfstrahuizen E2G 12-1
9:00 SDS E3 – LSC 1890 E7 0-10
10:10 SDS F3 – LSC 1890 F8 3-3
10:15 SDS C1 – SWZ C2 3-1
11:00 SDS F1 – LSC 1890 F3 8-5
11:40 SDS B1 – Franeker SC B2 9-0
12:05 SDS D4 – Ouwe Syl D2 5-3
13:30 SDS 3 – Blauw Wit ’34 3 2-5
13:30 SDS A1 – SJO RVC A2 7-1
10:10 MINI LEAGUE F Pupillen
8:45 Zeerobben D3 – SDS D3 5-0
9:00 Frisia D4 – SDS D1 0-8
9:00 RES F2 – SDS F2 1-2
9:40 CVO MC1 – SDS MC2 2-2
10:00 RES E1 – SDS E1 7-0
10:15 QVC E2G – SDS E4 0-3
11:00 Irnsum C1 – SDS C2 7-2
12:00 Lions’66 VR1 – SDS VR1 0-10
12:45 Walde De 3 – SDS 5 1-9
14:15 ST Dronrijp A2 – SDS A2 g.n.t.
14:30 Workum 1 – SDS 1 1-1
16:15 Bolsward 3 – SDS 4 5-0

Programma snein
Yn Papendal binne snein de finales fan de Nederlânske Technyk kampioenskippen foar de jeugd. Ien fan de foarrondes wie ôfrûne freed yn Boalsert. Der diene ek SDS’ers mei oan dy foarronde en der geane sels twa troch nei Papendal. Dat binne Douwe Jan Vellinga (D2) en Doede de Jager (E2). Sij wiene it beste yn harren leeftydskategory.
Moarn de foto’s fan alle SDS-dielnimmers op de webside.

Workum 1 – SDS 1
SDS fuotballe in oere lang tsjin 10 man fan Workum, dochs waard der net woen: 1-1.
Fanôf de ôftraap wie it net best oan SDS-kant. Workum mocht twa kear allinich op Jaap ôf, mar it liet de kânsen om op foarsprong te kommen lizze. Nei 25 minuten kaam pas de earste kâns foar SDS. Dirk-Yde Sjaarda wie der trochhinne en waard dellein op de râne fan de sechtsjin. In reade keart foar Workum, wernei Wytze Lanting de frije traap yn de boppehoeke pleatste, 0-1. Drekt dernei skoarde Workum út in korner, mar troch in oertreding op Ewout waard dizze ôfkard. Oan de oare kant krige Dirk de Jong de mooglikheid om de wedstriid sa goed as te beslissen. Hij stuitte allinich foar de goal op de keeper en de rebound waard fan de line helle troch in ferdediger. It wie net te sjen dat Workum mei 10 man spile, sadat it mei de rêst noch 0-1 wie.
SDS begong redelik oan de twadde helte mei skoten fan Jelmer en Dirk-Yde. Dochs kaam Workum wer allinich foar Jaap en wer wie it net rekke. Dirk de Jong koe dernei een 2 tsjin 1 sitewaasje net útspylje, sadat die kâns ferlern gong. Nei een goed oere wie it allinich nog mar Workum dat op syk wie nei in doelpunt. Een kertier foar tiid kaam dat fertsjinne doelpunt der dan ek, 1-1. Workum krige dernei lytse mooglikheden, wylst SDS deselde kleur mar net fiene koe en in soad duels ferlear. Yn de blessuretiid gong SDS der hast noch únfertsjinne mei de oerwinning fantroch. Mark Postma skeat op de goal, mar de keaper fan Workum wist de bal út de krúsing te tikjen. Êinstan, 1-1.

Grietzen

SDS A1 – SJO-RVC
Vandaag speelden de A’1 tegen SJO-RVC A2.
Een verdiende overwinning, in de eerste helft goed voetbal en enkele mooie aanvallen, mede door een goed middenveld, in een 4-4-2 opstelling.
In eerste instantie ging dit niet helemaal goed, maar na een minuut of 10 kregen we aardig in de gaten dat de overhand op het middenveld ook kansen opleverde.
Dat leverde ook direct een goal op, door een van de middenvelders, Teun 1-0.
In de 25e minuut een beetje hulp van hun keeper, die speelde de bal in de voeten van Pieter S, en die wist wel raad met dit kansje, 2-0.
Na een min of 40 een perfecte bal van Wiebe op Pieter W, die een pracht bal gaf op Pieter de V, en die ronde ( in 2x) koeltjes af.
Eindelijk zijn goal, hij zit er zo vaak heel dicht bij, maar nu scoort hij, 3-0.
In de 2e helft een heel ander beeld, het zal dus echt door de wind komen, want het leek wel of de rollen omgedraaid waren.
Het liep niet meer, maar op karakter toch nog 4 x gescoord, Pieter de V, 4-0.  De tegenstander kreeg een paar kansjes en scoorde de 4-1.
Lourens is er in de 2e helft ingekomen, en geeft een zeer fraaie assist aan Pieter de V, die zijn 3e scoort.
Foeke, ook een wisselspeler, geeft een prachtige assist op Teun, en die scoort heel fraai de 6-1.
De mooiste is bewaard voor het laatst, Lourens scoort met een geweldige lob de 7-1.
Wie de 6e en 7e goal gemist hebben, zullen wel balen, die waren echt zeer fraai, je moet ook niet voor het einde van de wedstrijd weggaan, dat blijkt wel weer.
Mannen, grote klasse, het gaat elke week beter, de inzet is perfect, de conditie komt eraan, de techniek is bij de meeste goed,
het gezeur op elkaar is verdwenen, kortom, een tevreden coach.
 
Boudewijn.

SDS 3 – Blauw Wit 3     2-5
Wat wij der fan seagen like op in better Blauw Wit. De rêststân wie dan 0-1. Nei it skoft grutte kânsen foar de Ljouwerters mar de 0-2 bleau lang út. Hij foel wol. Mar SDS kaam werom earst fia Ids de Boer en 5 minuten foar tiid troch Pieter Kamstra. Mar yn de lêste 5 minuten joech SDS it hielendal fuort. It waard 2-5.

Lions Vr1 – SDS Vr1       0-10
Breder koe in grijns net wêze as dy fan Pieter Veenje sneontemiddei. De koach koe bij ús in 0-10 oerwinning melde. Hij hie sels it doelpuntenbriefke al klear makke: Jildou (2), Hester (2), Aamarins, Agnes, Suzanne, Manon, Marije H.

CVO MC1 – SDS MC2     2-2
Nei in rêststân fan 2-1 waard it 2-2. Doelpunten fan Baukje.

LAC Frisia D4 – SDS D1  0 – 8
D1 heeft vandaag goed gevoetbald. Fysiek sterker en met mooie acties werden de 60 minuten een leuke start van de zaterdag.
Wessel kreeg het al snel op de heupen met twee goals. Steven maakte de derde en  zo gingen we de theepauze in. Na rust eerst tien minuten storm in de kop. Gezelligheid achterin, maar echt gevoetbald werd er niet. Mazzel dat het Frisia niet lukte om hier van te profiteren. Na een brul van de coach kwam er weer orde en nam Nykele het team bij de hand door twee keer fraai te scoren. Ook Jopie maakte nog een schitterende goal door mooi aan te sluiten vanuit de defensie. Hierna kwam een wereldactie van Mark, waar zelfs Marco van Basten in zijn beste jaren niet aan kon tippen. Helaas net naast, die omhaal…
Uiteraard scoorde Hendrik ook weer. Sietze, Aiso, Dirk, Lars, Sander, Sjoerd en Kent speelden zoals ze op hun positie horen te spelen, klasse dus. En Bote op goal hield de nul, alweer voor de 3e keer dit seizoen.18 uit zes, goed zo jongens!
 
Tjerk

SDS F1 – LSC F3       8-5
Hjoed moasten de mannen oantrede tsjin LSC F3. F1 hat yn de competysje noch net punten pakt en tsjin LSC moast dit no wurde. We begûnen direkt fel oan’e wedstriid mei Arjen en Sjirk op it middenfjild. Binnen 5 minuten stiene we dan ek al 2-0 foar. Dit gie best, mar LSC die wat werom in slordigheid efteryn 2-1. SDS pakte it dernei wer op en foar rêst wie it dan ek 4-1. De ferdedigers Gjelt, Niels en Jorrit hiene it goed ticht, mei op goal de fêste 1e helte keeper, Jesmer.
2e helte Niels op goal en Jesmer yn’e spits begûn ek goed it wie al gau 5-1. Dernei waard LSC wat skerper en waar it al gau 5-3! Wurdt it dan toch noch spannend? Mar der wiene spitsen Redmer & Redmer it net mei iens en der foelen de 6-3 en de 7-3.  Dernei LSC 7-4, SDS 8-4, LSC 8-5, einstân. 
Al mei in hiele beste 1e helte en in beste oerwinning mei de earste 3 punten! Nije wike tsjin Easterlittens, Harm Stremler sit der no al fol fan, dizze moatte we fansels winne! 
FolkertRients

SDS F3 – LSC F8
It wie alwer twa wike lyn dat wy foar it lêst in wedstriid spiele hiene. En dat wie te merken. Elts spiele foar zich en it wie betiiden klútsjefoutbal. Elts draafke troch elkoar. De linksfoar stie betiiden rjochtsefter en oarsom. Miskien kaam it ek wol in bytsje troch dat wy foar it earst mei in wissel spielen. Dan is d’r altiid wat mear ûnrêst yn de opstelling mei it trochwikseljen tidens de wedstriid. LSC makke dêr dankber gebrûk fan en scoorde al frij snel de 0-1. Wy wiene in bytsje beduusd en foardat wy it wisten wie it 0-2. Mei piene en moeite wisten wy de bal richting de goal fan LSC te krijen  mar wy kaamen mar net ta scoren. Oan’t flak foar de rust. Doe rûgele d’r toch nog in bal yn de goal fan LSC. Dus mei 1-2 efterstân de rêst yn. Nei de limonade mochten wy ôftraapje en troch in moaie snelle aksje makken wy de 2-2. En doe wie it klear. Yniens wisten wy wer hoe’t wy oerspielje moasten en waard de bal moai oertikke. Foardat wy it wisten kaam dêr dan ek de 3-2 foarsprong. No wie d’r in grut ferskil te sjen. LSC moast it fan de lange ballen en snelle counters ha terwyl wy mekoar wisten te fiennen en d’r moai oerspile waard. Toch kaam rap dernei troch in snelle counter fan LSC de 3-3. De rest fan de twadde helte waard toch wol domineert troch ús oerspieljen sadat wy in protte balbesit hiene. Toch wist LSC nog in pear kear ús goal te bestoken en twa kear kamen wy d’r wol hiel goed foarwei doe LSC de peal en de latte rekken. 3-3. In moaie útslach tsjin in fysiek redelik sterke en snelle tsjinstander. Folgjende wike mar wer derfoar.
Herman

Efkes Balje op freed 
It wie ôfrûne freed wer efkes balje,der wienen wer genôch minsken om der twa geliikweardige teams fan te meitsjen,de hesjes waarden ûtdield troch ondertekende.
Skitterend waar hienen we der wer by, de bal gie wer op en del, der waard skoord fan beide kanten, om en om, somtiden troch de loft en somtiden oer de grûn,it wie wer prachtich om te sjen,mar ek om oan sa’n mooi spultsje mei te dwaan.
Nei hast een oere wurdt er altiid spile om de leste twa winnende goals.Dat barde ek dizze jûn wer. Wylst we noch oan it hinne wer baljen wienen waard der oer praat hoe lang it ek dourret we gean foar de winnende twa.
Under tekene hie de eerste dêr fan al op syn skoech en makke de earste ,mar dizze waard ôfkard. Werom ? Omdat de mannen in de hesjes der neat fan snapten dus it spul waard efkes del lein.
En wat snapten se net? ik freegje it my no noch ôf?
Nei een lyts petear ûnder lieding fan de webmaster Aant waard dit besprutsen en begûnen we oan de lêste twa.
No ik moat sizze it wie dizze kear al gau utspile en de twa winnende waarden makke troch Pieter de b en Hendrik tacoma en ik moat sizze it wiene twa skitterjende goals .
 
pieter v