Weppers snein 27-10

Utslaggen 26-10
25 oktober 2013
Weppers moandei 28-10
27 oktober 2013

Papendal

Freed wie yn Boalsert de selectie rondes foar de nederlânske techniek kampioenschappen. Der dienen ek in oantal jeugdspilers fan Easterein oan mei.
Douwe Jan Vellinga út de D2 en Doede de Jager út de E2 binne hjir kampioen fan de dei wurden yn hun leeftiidsklasse. De 3 bêste bern fan dizze dei mochten ek noch troch nei Papendal kommende snein (27 oktober). No meie se beide mei dwaan oan dit kampioenskip! Doede moarns by de leeftiid 6-10 jier en Douwe Jan middeis by de leeftiid 11-14 jier.
Klaas en Suuske

Hast alle dielnimmers

Ek noch in foto fan hast alle dielnimmers yn Boalsert bij it technyk fuotbaljen. Allinnich Tom Wijnia stiet net op ‘e foto.

Tiidlik stopje

Nei ôfrin fan de wedstriid fan SDS 3 krige Jelle de Boer in blomke fan skiedsrjochter koordinator Friso Albada. Jelle stoppet der tiidlik mei, omdat hij te folle lêst fan syn heup hat. Hij hopet al wer te begjinnen neidat it euvel ferholpen is.

Cambuur

SDS is oer it algemien in echte Fean fen klup. De Cambuur fans dy’t der binne wurde betiden mei de nekke oansjoen en witte harren plak. It like ien fan de wepmasters wol ris aardich om in Cambuur sjurtsje oan te dwaan bij it Efkes Baljen. Dat levere gelyk in soad kommentaar op en in soad ferkearde ballen. Mei namme Theo Postma koe dat giele mar min oan de eagen ferneare of hij giet moandei nei de eachdokter foar in kleurentest op oranje en giel.
Nei ôfrin moasten de twa sjurtsjes fan de Fryske klups al efkes op de foto. En de mannen Ferry Korbach en Aant Hofstra krije jim der kado bij.

Cambuur (2)
Noch nea hat der immen bij it Efkes Baljen sjoen op freedtejûn, wylst it publyk fan herte wolkom is. Mar freed kaam der dan dochs immen lâns. Wierskynlik hie hij fernommen fan der immen yn in Cambuur sjurtsje meidie oan it Efkes Baljen. De grutste Cambuur fen fan midden Easterein Harm Auke Dijkstra woe dat mei eigen eagen sjen.

Alderaardichst
Hjir it bewiis dat SC Heerenveen net sûnder Finnbogasson kin:


Harsens derby(1142)
Dit sil Cristiano Ronaldo net leuk fine, mar wy wol: