Utslaggen 12 april Senioren en A1

SDS 4 nei tiisdei 15 april
11 april 2003
SDS 1 nei prima oerwinning
12 april 2003

Joure 1 – SDS 1       2-3

Doelpunten: Hindrik de Jong (2) en Harm Stremler

SDS kaam mei 2-0 foar mar moast ta sjen dat Joure op 2-2 kaam. It winnende doelpunt foel krekt foar tiid. Harm Stremler miste de strafskop yn earste ynstansje, miste yn twadde ynstansje mei de noas mar skeat rekke yn tredde ynstansje. Giel foar Tsjipke Klaas Okkema en Harm Stremler. Beide kaarten hawwe gjin gefolgen foar kommende wike

CSL 2 – SDS 2       2-2

Doelpunten: Ronny Wagenaar en Willem Wijnia

SDS 2 moast weromfjochtsje nei in 0-2 efterstân. Dat barde trochdat Rnnie Wagenaar in foarset fan Syb Overal der yn skeat en Willem Wijnia 5 minuten foar tiid de strafskop benutte. 2-2 wie mear as ferstjinne.

SDS 3 – Makkum 3      0-5

Lieder Remco Brouwer seach syn ploech in protte kânsen krijen mar se benutten se net. Evert (Bartez) Tanja moast wol 5 kear nei it net.

SDS 4 – Stormvogels 1   

Wurdt kommende tiisdeitejûn spile yn Easterein.

CVO 2 – SDS 5        2-10

Doelpunten: Ype Tiemersma (5), Bertus Bootsma (2), Piter Groenveld (2) en Jacob Plantinga

Ype Tiemersma wit altiten te skoren at famylje fan him oanwêzich is. Yn Froubuorren komme se spesjaal foar ” Neef Ype”nei it fjild en dat moat de klup dan belije. De spilers fan it 4de pasten harren muoiteleas oan.

SDS A 1 – Frisia A1        3-2

Doelpunten: Jacob Klaas Haitsma, Durk de Jong en Arnold Hoekstra

In tumultueuze wedstriid. Kees Adema wie de grutte ferliezer dizze middei. Hy moast wy in brutsen foet nei it sikenhûs brocht wurde. Ydo Harkema mei twa kear giel derút. Mei 10 man krekt foar de ein it winnende doelpunt.