Útslagen sneon 25-4

Seleksjes sneon 25-4
24 april 2009
Weppers snein 26-4
25 april 2009

Mail de útslach, in koart ferslach en bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen.

    útslach
14:30 SDS 1 – Meppel FC 1  1-1
12:00 SDS 2 – Hardegarijp 2  2-0
12:30 ONS Sneek 3 – SDS 3  1-3
12:00 CVVO A1 – SDS A1  5-1
11:00 SneekWit-Zwart C3 – SDS C2  

SDS 1 – Meppel 1
By de rêst stie SDS 1 mei 1-0 foar troch in strafskop fan Harm. Yn de twadde helte waard it noch 1-1. Jaap kearde yn de twadde helte ek noch in pingel.
Sjoch hjir foar it útgebreide ferslach fan Siem Sikma.

SDS 2 – Hurdegaryp 2
Nei de winterstop wie der foar SDS 2 mar ien doel en dat wie harren feilich spylje yn de Reserve-1e-Klasse. Sûnt in pear wiken kin dizze doelstelling de prullenbak yn en kaam der in nije. Dat wie de 3e-Perioade pakke. Dat slagge. SDS 2 wûn fannemiddei mei 2-0 fan Hurdegaryp(út noch mei 6-1 ferlern foar de winterstop….). Dit wie genôch om in pryske te pakken. Foar SDS makken Jelmer Posthumus en in Postma de goals.

ONS 3 – SDS 3
SDS wûn yn Snits mei 3-1 fan ONS. SDS wie better en stie mei de rêst al mei 2-0 foar. De doelpunten waarden makke troch Ralph Wariman(in “fliegende” kopbal), Sjoerd Rispens(syn earste dit seizoen) en Andrew Feijten. In Postma wie skorst(hoe sil it ek oars?), mar flagge in prima partij.

CVVO A1 – SDS A1

SDS A1 hat juster mei 5-1 ferlern fan CVVO.

Hja kamen efter mei 1-0 en krekt foar rêst skoarde Bauke Jan de 1-1.

Mar de twadde helte giet dus hielendal ferlern en it waard 5-1.

Nei in pear wedstriden wer it better gie, der giet it no wer twa kear mis.

Jacob wie mei it earste mei, miskien wie dat ek wol in gemis foaryn.

Tiisdei 19.00 oere tsjin LSC 1890 A2, 9 minúten en dan in oefenpotsje der efter oan.

En sneon 2 maaie slút A1 it seizoen ôf mei de thúswedstriid tsjin JV Bolsward A1

Klaas



Wy binne benijd nei de oare útslach!