Weppers snein 26-4

Útslagen sneon 25-4
24 april 2009
Weppers moandei 27-4
27 april 2009

Ôfskie
Nei de lêste thúswedstryd fan it seizoen juster fan SDS 1 tsjin Meppel waarden 3 spilers fan SDS 1 efkes yn it sintsje setten. Sy sille folgend seizoen net mear foar SDS 1 fuotbalje. Floris Hiemstra(om gezondheidsredenen), Tseard Halbersma(op wrâldtoernee) en Arnoud Koster(nei SC Joure) krigen blommen oerhandige troch 3 SDS-famkes.

Neikompetysje
No ’t SDS 2 de 3e Perioade pakt hat meie sy harren opmeitsje foar de neikompetysje. Wy hawwe alfêst foar jim útsocht hoe ’t it programma der (neffens de KNVB-side) út komt te sjen:

Zaterdag – Res. 1e klassen

Ronde 1: 9 / 16 mei

per 1 1A – per 2 1B (1)

per 3 1A – per 1 1B (2)

per 3 1B – per 2 1A (3)
Ronde 2: 21/23 mei
nr.10 RH – winn. 1 (4)
winn. 2 – winn. 3 (5)
Finale : 30 mei
winn. (4) (5) (Neutraal terrein)
Foar SDS 2 soe dit betekenje dat sy op 9 maaie thús spylje tsjin Urk 4 en 16 maaie út. Mochten sy dit winne dan mei sy dêrnei tsjin de winner fan HZVV 2 – Staphorst 2(noch net wis).

Mei de bus
Foardat SDS 2 oan de neikompetysje begjint mei SDS 2 earst noch út nei BCV 2. Om de Perioadetitel te fieren geane sy hjir yn de bus hinne. Wa ’t ek mei wol moat harren mar efkes by Klaas Okkema melde.

Kaai fuort
Sneon nei it fuotbaljen soe Hylke wer op ‘e fyts nei hús ta. Mar doe’t hij bij syn fyts kaam, siet de fyts op slot en de kaaien wie net te finen. Hy hie him sels net op slot setten, (net ferstandich) dus der hat ien, of de ferkearde fyts op slot setten of der is ien west die’t dit in leuk grapke fûn. Wy sjogge hjir yn elts gefal de lol net fan yn, dus wa’t de kaaien (AXA ) fûn hat of wa’t wit wêr as de kaaien binne, graag in berjochtsje nei Hylke Flapper tel. 0515 569374.
Marjan Flapper

Wa hat de kaaien?

De B fan ……
Bauke Dijkstra spile by SDS 3 ôfrûne sneon syn direkte tsjinstanner fan ONS 3 hielendal út de wedstryd. Dizze Snitser waard in kertier foar tiid dan ek terjochte wiksele foar in B-junior. Dizze B-junior wist úteinlik, nei Bauke it bosk ynstjoerd te hawwen, te skoren. In B-junior! De B fan Bauke sis mar.

Postma’s
Ek juster wienen der wer “haadrollen” foar de Postma’s. De ien skoorde, de oare flagge en ien fersliepte him en kaam te let. Jim meie sels de foarnammen ynfulle.

It WK
De measte teams fan SDS binne hast útfuotballe dus it WK(Wommelser Kampioenskip) kin hast begjinne. De “ausputzer” Kees Adema is al spesjaal oerkommen út Berlyn om wer mei te dwaan.

Fuotbalhumor
De Dútsers steane no net echt bekend om harren humor. Lokkich genôch helje de Dútske klups spilers út it bûtenlân dy ’t wol humor hawwe lykas Ribéry fan Bayern München.

Heechstwierskynlik barde dit foarfal earder fan ‘e wike, want Ribéry sil hjoed net sa ’n best sin hawwe nei it ferlies fan juster tsjin Schalke 04 en syn reade kaart.