Wepperkes -sneon-

Seleksjes 17 maart
16 maart 2007
Útslagen 17 maart
18 maart 2007

Histoaryske dei
Sneon 17 maart sil de skiednis boeken yn gean (it sil noch krekt net op de nije Fryske skiednisbalke komme) as de dei dat de kantine fan SDS foar it lêst yn gebrûk is.
Kom hjoed allegear nei Easterein en drink noch ien kear in bakje kofje of in bierke en yt noch ien kear in gehakboltsje yn dizze blaue keet. En nim nei ôfrin fan de wedstriden muzikaal ôfskie.

Graverij

Freed te middei seach it der sa út. In koarte korner sil de taktyk wurde moatte

Der is ús fersekere dat de kantine sneon goed berikber…


Theo de Jong en Coen Rameau sjogge wat fan fakwurk ûnder yn de goate levere wurd……


Want dêr sakket Durk Okkema hieltyd fierder yn de drek wei..


Sa te sjen stiet de kantine suver yn it paad…..

Wedstrydsponsoren
Ek dizze kear binne der wer twa bedriuwen dy’t as wedstrydsponser optrede.
Dat binne
it Dielshûs yn Wommels en klussenbedriuw Jaap van der Velde út Easterein

Ekstra sponser
Spesjaal foar dizze gelegenheid is der in ekstra sponser. En net sa mar ien. Hij wennet yn Ljouwert en sil dêrom wol in goeie freon fan trainer Marcel Frankena wêze.
Hij sil foaral yn de fjirde helte optrede.

Wij hoopje fansels net dat Auke de Sloper mei syn auto it fjild op komt(lykas ea by Cambuur).

SDS League
10 koaches yn de SDS League kinne harren wol foar de kop slaan. De trainer fan FC Groningen hat Roorda syn plak ûnder de latte ûntnommen. Wy sille tiisdei sjen as dit ek konsekwinsjes hat foar de stân yn de SDS League. Û.o. koprinner Klaas Dijkstra spilet mei Roorda yn de basis.