SDS League: Spannend oan kop!

Ut- enferslaggen sneon 16-5
15 mei 2015
Weppers snein 17-5
16 mei 2015

It wurdt in spannende dei foar “Postmeister” Jelmer Posthumus. Hy stiet noch boppe-oan, mar Igor Kalinowski stiet mei “FC Kali”, mar 5 puntsjes efter him. Beide sille fannemiddei wol ûnrestich op de bank sitte. Fan de nûmer 3 ferwachtsje wy dit net. Dy leit fêst op bêd………….


Jelmer nimt der alfêst ien op!

“Kazim Kazim” fan Dirk_yde Sjaarda is it dy ’t dizze wike de wykpriis pakt. Dat binne der 6 mear as “FC Duits” fan Ayanle Barkat dy ’t op syn Dútsk yn de ien nei lêste wike plots in flinke sprint set nei it 4e plakje. It sil dochs net sa wêze dat nei 12 wiken SDS League úteinlik “FC Duits” wint? (frij nei Gary Lineker)

“Zakke Poeff” is it dizze wike seker foar Hendrik de Jong. Mei mar 8 punten sakket hy 11 plakken.

Ids de Boer pakt ien wedstryd foar it ein sa de reade lantearn oer fan Douwe-Dirk Reitsma. “Its” il dochs net sa wêze dat Ids Douwe-Dirk syn SDS-sjaal troch de noas boarret?

De einstân fan de SDS-League wurdt bekend makke op de SDS-jûn op sneon 30 maaie.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 11.