Ut- en ferslaggen sneon 24-8

Weppers freed 23-8
22 augustus 2013
Weppers moandei 25-8
25 augustus 2013

Mochten jim fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.  Twitterje @ff-sds mei fansels ek.
 

Programma 24-8-2013 útslach
9:00 SDS D1 – AVC D1 5-1
9:00 SDS E2 – Oosterlittens E2 12-2
11:00 SDS E4 – Oosterlittens E5 g.n.t.
11:00 SDS F1 – Oosterlittens F1 7-3
11:30 SDS C2 – Zeerobben C2 0-22
12:00 SDS A1 – A2           oefenje
14:30 SDS 1 – Ropta Boys 1 7-1
14:30 SDS VR1 – Tzum VR1 0-3
9:00 ST IJVC-Blauwhuis D2 – SDS D2 4-0
9:00 SJO Oudega/HJSC E3 – SDS E3 15-0
9:45 Mulier D2 – SDS D3 4-1
10:15 Oosterlittens E1 – SDS E1 19-0
10:30 Nijland C1 – SDS C1 8-1
10:30 AVC MC1 – SDS MC1 3-0
11:00 SJO Robur/Harlingen B1 – SDS B1 0-6
12:55 Leeuwarder Zwaluwen 2 – SDS 2 3-2
14:30 Arum 2 – SDS 5 4-5

SDS 1 – Ropta Boys 1
In tredde klasser tsjin in fjirde klasser. It gie de tredde klasser wat makliker ôf. SDS fuotballe nei behoaren en skoarde op ‘e tiid, sadat it publyk tefreden werom sjocht.
Grietzen Broersma makke syn rentree nei 2,5 jier blessurelijen en dat is heechlik nijs.
De skoarende spilers fan SDS wiene: Dirk Yde, Tsjipke Klaas, Jelmer (3), Dirk en Jan Friso.
De oare tsjinstanners fan SDS 1 binne Ouwe Syl en WPB. De striid tusken dy twa is ferrassend einige yn in 3-2 oerwinning fan Ouwe Syl.
Kommende tiisdei moat SDS nei WPB ta.

Leeuwarder Zwaluwen 2 – SDS 2
SDS 2 spile juster in knappe pot tsjin dizze Reserve-haadklasser. De Ljouwerters wienen de earste helte miskien wol wat sterker, mar de grutste kânsen wienen foar SDS. De 3-1(beste goal fan Tseard nei in superoanfal) rêststân wie dan ek wat flatteard. De twadde helte sette SDS de Sweltsjes hieltiten goed ûnder druk en waard it terjochte 3-2 troch Gerrit. Ûndanks inkelde grutte kansen slagge SDS der net mear yn om lyk te meitsjen.
SDS spilet tiisdeitejûn thús tsjin SC Bolsward.

Arum 2 – SDS 5

Hjirbij de doelpuntenmakkers sds 5-Arum 2! Ús top oankeap  “lytse” Robert 4x en Gerlof hofstra! De lieder is dik tefreden oer de earste wedstriid mei moaie combinaties en viif prachtige goals, en dit allegear nei de earste wedstriid fan it seizoen tsjin in goeie en jonge ploeg!!
Harm


SDS D1 – AVC D1
Rein Altenburg maakte zijn coachdebuut met een klinkende 5 – 1 overwinning op avc d1. De eersge helft waren de twee teams goed aan elkaar gewaagd. Na het wennen aan de 4-4-2 opstelling van avc begon sds gevaarlijker te worden. Steven brak door, werd even tactisch ggevloerd en verzilverde de vrije trap zelf. Met 1-1 de rust in. Hendrik scoorde een hattrick en aiso maakte zijn eerste ook. Kortom, 2e helft mooie combinaties en een terechte overwinning.
Tjerk

IJVC/BLAUWHUS D2     SDS D2 

Ofrune sneon alwer de earste wedstriid foar SDS D2. In bekerwedstriid yn Drylst tsjin in kombinaasje van Blauwhus en IJVC. Foar de measte jongens fan SDS de earste kear op it hiele fjild. Dat it de earste kear wie, wie beslist net te sjen. Mei goed fuotbal wie SDS de bettere ploeg en krigen we ek in oantal goeie kansen. Sa no en dan kaam ek IJVC/Blauwhus der gefaarlik ut, mar dan stie der noch in geweldiche keeper yn ‘e goal by SDS. De earste helte waard der net skoard.  De twadde helte wie sa goed net as de earste. Troch in lytse flater efteryn makke IJVC/Blauwhus yn it begjin fan de twadde helte de 1-0. Dernei waard de thusploeg hieltiid better en mei 3 fantastische goals stoen it healwei de twadde helte samar     4-0.  De leste tsien minuten wiene wer foar SDS. Yn de sterkste opstelling, mei Luka as sintrale man, krige  SDS noch in pear goeie kansen. De sterk spiljende Arjen hie nog in pear beste uthellen, mar peal en latte stiene yn ’t paed. Der waard net mear skoard, sadat 4-0 de einstan wie. In te grutte utslach sjoen de ferhaldingen. Foar de earste kear op it grutte fjild tsjin allegeare twadde jiers D’s, ha us jongens it hiel goed dien. 

Op nei folgende wike sneon!!!! 

Theo.