Weppers moandei 25-8

Ut- en ferslaggen sneon 24-8
24 augustus 2013
Weppers tiisdei 25-8
26 augustus 2013

Gjin trainen

Jûn is der gjin trainen foar it 2e en 3e.

Tiisdei bekerje om 18.45 oere tsjin Boalsert. 

groetnis, 

Broer Wiebe

Seleksje SDS 1 foar tiisdei
Jaap Toering, Grietzen Broersma, Feiko Broersma, Jan Friso Bruinsma, Dirk-Yde Sjaarda, Wytze Lanting, Jelmer Posthumus, Harm Stremler, Marco Rijpma, Sjoerd de Vries, Wietse Fopma, Dirk de Jong, Kristian Gaastra, Anne Stennekes.
Ass. Scheidsrechter René
Aanvang 18.45 uur.
Aanwezig 17.30 uur.
Vertrek 17.45 uur.
Met vriendelijke groet,
Jaap de Blaauw

Tiisdei SDS 2 – SC Bolsward 2
Oanwêzich: 18.00 oere
Spylje: 18.45 oere
Spilers: Marten(keeper), Feite, Hendrik, Willem, Gerrit, Ralph, Jort, Bauke, Jelte P., Klaas B., Ayanle, Jesse, Tseard en Sytse.
Groetnis,
Broer Wiebe


SDS League
Noch ien wike dan is de transfermerke slúten en kinne wy begjinne mei de SDS League. Hâld de webside mar goed yn de gaten.

Skylge
Kommende sneon sille guon 35+ SDS’ers wer meidwaan oan it heech oanskreaune fuotbaltoernooi veteranen op Skylge. Benijd as sy de seleksje wat rûn krije kinne..

Leeftyd
No’t wij it dochs oer leeftiden hawwe, ôfrûne sneon wie “ús” Harm Stremler mei syn 38 jier net iens de âldste op it fjild. Bij Ropta Boys die de 40 jierrige Arend Castelein ek noch mei. Dy hat 82 kompetysje doelpunten skoard foar Ropta Boys en syn earste doelpunt wie yn 1991/1992. Wij songen sneon hiel sêft
dit ferske

Alderaardichst
Wat krije je as je Jelle ten Rouwelaar 92 minuten útskelle foar Bassie fan Bassie & Adriaan?

In bleate kont….

Harsens derby(1098)
Net in beste pingel, mar de redding is ek net alles: