Ut- en ferslaggen sneon 10-5

Seleksjes 10-5
8 mei 2014
Weppers snein 11-5
11 mei 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers (ek SDS 4), bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje deútslach efkes troch nei de kantine: 
0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

Tiid Wedstryd útslach
08:45 SDS F1 – Heeg F1 11-1
08:45 SDS E1 – IJVC E1 2-7
09:00 SDS C2 – Frisia C5 2-1
09:40 SDS F2 – Oeverzwaluwen F1 1-7
10:00 SDS E3 – SWZ E8 11-3
10:30 SDS C1 – ST IJVC-Blauwhuis C1 5-4
14.30 SDS 1 – Berlikum 1 1-3
11:15 SDS D3 – Warga D2 4-2
12:00 SDS 3 – Stormvogels’64 1 4-2
12:30 SDS D1 – SJO Robur/HarlingenD1 1-3
13:50 SDS VR1 – Tzum VR1
2-2
09:00 RES F3 – SDS F3G  2-3
09:00 Mulier F2 – SDS F4  0-2
9.45 RES E1 – SDS E2  11-2
10:30 SC Berlikum MC1 – SDS MC1  1-6
12:15 SDS A2 – Dronrijp A2  3-6
12:30 Marrum B1 – SDS B1  0-7
13:45 FVC D2 – SDS D2  2-1
14:30 Balk 4 – SDS 5  2-5

SDS 1 – Berlikum 1
In wedstriid dy’t net mear fan belang wie foar wat fan posysje ek. De ear miskien? De wedstriid wie foar SDS supporters teloarstellend. Grutte kânsen (earste helte 3 en twadde helte fjouwer) mar it levere mar ien doelpunt op. Dy waard skoard troch Dirk de Jong en dat wie al yn de twadde helte. Berlikum makke gelyk dêrnei de 1-1 en de ideale kâns om op 2-1 te kommen wie foar Dirk Clarence Sjaarda. Jim begripe it al de strafskop waard mist(neist). It waard 1-2 en it waard 1-3.

SDS 3 – Stormvogels 1       4-2
In unyk feit moatte wij melde. SDS 3 skoarde 4 kear en der wie gjin doelpunt bij fan Pieter Kamstra bij. Opfallend dus. Wol wiene der doelpunten fan Anne, Hendrik E en Hendrik de J (2).

Balk 4 – SDS 5 2-5
Balk hie miskien oer de hiele wedstryd sjoen wol it measte balbezit, mar SDS 5 naam de 3 punten mei nei hûs. De earste twa goals wienen twa prachtige Tiki-taka-doelpunten fan Robert en Klaas en sa like SDS al gau op roazen te sitten, mar foar de rêst waard it noch 2-1. Nei de rêst waard it 5-1 troch in eigen goal, in knappe kopbal fan Harm-Auke en in treffer fan Willem.
Krekt foar tiid makke Balk noch de eretreffer; 5-2.

Marrum B1 – SDS B1
Vandaag de wedstrijd tegen de koploper. In de eerste wedstrijd van het seizoen werd nog met 4-2 verloren. Voorafgaand aan wedstrijd 6 punten achterstand en een doelgemiddelde van + 18 in het voordeel voor Marrum. Dus er stond ons maar 1 ding te doen: winnen. Dat door geen makkie zou worden werd van te voren door de technische staf aangegeven. Marrum had nog maar 17 goals tegen. Gemiddeld dus ongeveer 1 per wedstrijd. Dit betekende volgens deze voetbalkenners dan we achterin de 0 moesten houden omdat we waarschijnlijk niet meer dan 1 of 2 goals zouden maken.
Versterkt met Almar en Wiebe en met de wind mee beginnen we aan de wedstrijd. De eerste kans was voor Marrum maar Gertjan stond goed opgesteld bij de eerste paal. Langzaam maar zeker werd SDS beter. Goed combinatie voetbal  van achteruit, lopende middenvelders, waarbij Watze Jacob matig begon maar zich sterk herstelde in de loop van de wedstrijd,  en supergevaarlijke spitsen maakten dat we een overwicht kregen. De 1-0 kon niet uitblijven en werd gescoord door Yward. De 2-0 werd gemaakt door opnieuw Yward en de 3-0 door Almar via een prachtige beheerste lob over de keeper.  In de rust stond er 3-0 op het scorebord. Eerlijk gezegd hadden het er wel 6 kunnen zijn. Ongeloof bij ons zelf en de tegenstander over deze ruststand.
In de rust met elkaar afgesproken dat we druk zouden blijven zetten en dat we de combinaties via de spits zouden zoeken om van daaruit de steekpass op Yward en Almar te geven. Marrum gaf iets meer druk maar dat gaf juist onze spitsen de ruimte. De achterhoede, met de sterke Jorrit, Wiebe, Gerwin en Inne stond als een huis. Er werden bijna geen kansen weggegeven en de 4-0 kon niet uitblijven. Deze werd gescoord door Frank na een weergaloze aanval over veel schijven. De 5-0 was voor Wiebe uit een penalty. En toen, de mooiste goal van de wedstrijd. Matthijs werd op de rand van de 16 aangespeeld, kapt en draait om 2 tegenstanders en en scoort beheerst de 6-0. Almar maakt de laatste uit een pracht steekpass, met de eindstand van 7-0.
Remco

SDS Vr1 – Tzum Vr1    2-2
“Wer net ferlern fan Tzum “sei Pieter Veenje nei ôfrin as lieder. Dat die him sichtber goed. Doelpunten wiene der fan Neeltsje en Sieta. It ferslach.

We hienen hjoed tsjom as tsjin stanner en dit wie foar ús de tredde x binnen een heal jier tiid dat we se tsjin kamen
hja de druk om we fan hun te winnen wie wer tige oanwézig ,soene wy der foar de tredde x op rij der in slagje om fan hun te winnen
no ik sil it jimme zisse ,it slagge net om in it score ferrin der ien mear te meitsjen ,want it waard een geliik spul 2-2
en mei tank oan alle spiilers foar hun inset is it der ek by bleaun,wer by we ek twa gastspiilers mei hiene ilse walstra en nienke hoekstra ek jimme tank foar jmme inset
in it bysúnder woe ik ien spiilster tank zisse se wie blesseart en hat ek net fuotballe mar is toch tot oan de ein fan de wedstriid bleaun har namme ieda de boer
en  jan bouke bouma tige tank foar it flagjen.
der is scoort troch sieta en neeltje
oja foar dat ik it ferjit neeltje hat ferliene wyke tsjin mulier ek noch een goal makke . 
goed wykein en de groeten fan een tefreden lieder  
pieterveenje

SDS D1 – Robur/Har 1-3
D1 speelde een knappe partij tegen de koploper. Door felheid en mooie combinaties was D1 bovenliggend in de 1e helft. Een prima corner werd weet als vanouds door Hendrik tegen de touwen gekopt!
Na rust viel Sjoerd uit. D1 had de opdracht om hun mid-mid geen milimeter ruimte te geven. Steven en Jopie voerden dit perfect uit en zo leek er een overwinning aan te komen. Toch gaf uiteindelijk de individuele klasse van de mid-mid de doorslag. Twee keer door concentratieverlies en nog een keer doordat hij gewoon erg lang was en prima een corner binnenkopte. Deze tikken kwam D1 niet meer te boven. Een terechte nederlaag, maar met iets meer geluk in de afronding hadden we een punt verdiend! Compliment voor het team.
Tjerk

RES F3 – SDS F3G (2-3)
Tsjin alle ferwachtings yn wie it fannemoarn prachtich fuotbalwaar yn Boalsert. RES stie hjoed op it programma en inkele heiten en memmen en pake en beppes kaamen hjoed ek mar ris efkes sjen. Wie hiene thús tsjin hun ferlern en sy steane krekt boppe ús. It koe dus alle kanten op gean hjoed. Us start wie rommelig en net sterk. Spilers dy’t links opstelt stien wiene rjochts oan it fuotbaljen en oarsom. Nei in 5 minuten kaam d’r wat mear lijn yn wertroch wy gelyk makkeliker stiene te fuotbaljen, mar echt overtuigend wie it nog net. RES bruts wol gauris troch en dêr hiene wie mar in protte moeite mei om te ferdedigjen. RES wie dan ek de earste dy’t skoarde. Bale natuerlik, mar gelyk de trie wer oppakke en goed ús bêst dwaan.
Wy kaamen hieltiiden beter yn ‘e wedstriid en de posities waarden hieltiiden better oanhâlden. Toch wie it RES wer dy’t, nei in lyts misferstân efteryn by ús goal, wist te skoaren. Soe it dan hjoed wer sa gean: de bettere ploech wêze, mar net skoare? Mei 2-0 efterstân giene wie de rust yn. De twadde helte hie krekt as altiid wer in goede start. D’r waard hurd wurke en goed rûnspiele en dat resultearde nei in minuut as 5 yn in goal foar ús. 2-1. De wedstriid lei wer hielendal iepen en dat hiene de spielers fan SDS goed yn ‘e gaten. RES naam de bal wer út en gelyk waard dy troch SDS oernaam. Ik tink dat RES dêrnei net echt mear hiel serieus oan de bal west hat. Ja, in pear lytse útbraken dy’t troch ús goedsteande ferdiediging en ús keeper opfangen waard. It wie SDS dy’t folledig de lieding oernaam.
Dit resultearde healwei de twadde helte yn 2-2. Us sintrale middenfjilder Mare wist de ballen links en rjochts, krekt wer’t mar romte wie, goed te ferdielen sadat oanfallen sawol oer links as oer rjochts opset waarden. In protte hoekskoppen dy’t hieltiid troch Ruben en Milan leuk opset waarden en hieltiid wer gefaarlik foar it doel rekken. Mar it wie nog wolris moeilik om sá foar de goal te kommen dat de bal mei de goeie fuot skopt wurde koe. En dêrtroch bleaun it hiel lang twa gelyk. Oer kânsen absoluut net te klaaien. Klaaie dat diene de spilers fan RES wol. Echt fuotbalje diene sy net mear. Nee, mear oan sjirtsjes lûke en fremde oertredings meitsje. De skiedsrjochter fluite hjir sa no en dan wol foar mar hie dat yn mien eagen best wol wat faker dwaan kinnen om it foaral sportyf te hâlden. Mar de spilers fan SDS lutsen sich dêr neat fan oan en bleanen mar prebjearjen. En ja hjear! Foar de tredde kear belâne de bal yn it net fan de goal fan RES. 2-3. No saak om RES gjin kâns mear te jaan. Dat diene wy dan ek goed en mei nog in pear minuten op de klok wisten wy dat in oerwinning tichtby wie. De skeids fluite ôf.
De oerwinning wie in feit… F3, prachtig fuotbal wer’t eltsenien oan mei holpen hat. Jim ha it publyk dy’t spesjaal foar jim kommen wie echt wat sjen litten. Folgjende wike tsjin Heeg. In moeilike pot fuotbal mar op dizze manier kinne wy it hun knap lestig meitsje. 
Herman

Mulier F2 – SDS F4 0-2
Ofrûne sneon de kraker tsjin Mulier. Troch in heldere mem, Karin Sjaarda, wienen we op ‘e tiid yn Witmarsum…! Ik hie de âlde tiid noch yn de holle: 10.00 oere, mar de wedstriid wie fersetten nei 9.00 oere. Gelokkich koenen we eltsenien wêr berikke!

It wie gelyk al dúdlik dat Mulier in drege ploech wie; hja setten goed útein. De beide coachen stienen elk oan in kant te razen. En ik moat sizze yn de earste helte hie Mulier de measte kânsen. Gelokkich hawwe wy Jesse Fennema yn it doel stean en die hie in pear bêste reddingen. Pfieuw! Wy gongen dan ek de rêst yn mei 0-0.

Yn de twadde helte kamen wy d’r wat better út. Nei sa’n 8/9 minuten joech Yke in pass oan Niels van Lelyveld en die scoorde!!!! Wat wienen de manne bliid…..en de coach net minder!

Sa’n 5 minuten foar it ein kriig Niels van Lelyveld wêr in pass fan Yke en kaam de bal wêr yn it net!! Wy hienen yn de gaten dat as wy de nûmmer 7 fan Mulier foarby wienen dat it dan wol slagje koe! 2-0!!

Yn de einfase kriig ek Mulier noch in pear bêste kânsen mar Jesse hie wêr in pear monster reddingen! De bliidskip wie grut doe’t de skeids it einsignaal joech.

Oankommende sneon de thûswedstriid tsjin Boalsert. As wy gelyk spylje as winne dan binne wy kampioen!!!!!

Dus hawwe jimme neat te dwaan, dan efkes nei it sportfjild fan Easterein! Sa as it no stjit begjint de wedstriid om 10.10… Mar it kin feroarje..!

Groetnis Anneke

Efkes Balje
Hoe grien at gêrs wêze kin, wie justerjûn bij it Efkes Baljen yn Wommels te sjen. Hoe moai at fuotbal ek wêze kin, wie ek te sjen en te hearen nei de tiid bij de 12 dielnimmers. Tefreden gesichten nei de tiid en dat nettsjinsteande  de diskusjes oer ballen dy’t wol of net oer de “peal” giene. Ynkoarten de doeltsjes wer yn Wommels.
Partij “hesjes”die it yn earsten prima mar wat mear it nei healwei njoggenen rûn rekke de fut der wat út. En de mannen sûnder hesjes hiene gjin begrutsjen. It wie Ferrie dy’t de winnende makke en dat die hij al gau (wierskynlik moast hij op jierdei). (ah)


FVC D2 – SDS D2   
Ofrune sneon wie it derop of derunder!!!  Fuotbalje yn Ljouwert tsjin de koprinner FVC.  Thus hiene we dizze wedstryd mei 5-0 ferlern.  Om sicht te halden op it kampioenskip moast der beslist wun wurde. Omdat it by FVC wolris hiel drok weze kin yn de klaaikeamers, hiene we besluten om yn Easterein alfest de fuotbalklean oan te luken. Us wedstryd wie ferskoad fan 8.45u nei 13.45u. Yn frjemde tiid om te baljen foar D-pupillen, mar de mannen fan SDS begongen sterk oan de wedstryd. Foar de wyn waard FVC gelyk under druk setten. Al nei fjouwer minuten wie it Ruerd die mei in geweldich ofstanskot de 0-1 op it skoreboerd sette. En dan te betinken dat Ruerd der net eins net by weze soe omdat der allegeare festiviteiten wiene yn Reahus. Dat er dan toch besluten hat om te fuotbaljen, is fansels grutte klasse !!!  Ek Ruerd syn heit Titus stie, undanks de festiviteiten, gewoan by us te flagjen yn waar en wyn !! SDS wie better, mar sa no en dan kaam FVC der gefaarlik ut, mar us keeper Jeffrey stie, lykas eltse wike, geweldich te keepen. Der kamen kansen foar SDS op 0-2, mar foar rest waard der net mear skoard. Tsjin de wyn yn koe it wolris hiel dreech wurde de twadde helte. We hiene yn ‘e rest besluten om iets mear fanut de ferdiediging te spyljen. Dit pakte goed ut, want we hiene hieltiid in mantsje ekstra op it middenfjild. Fansels krige FVC ek kansen, want dizze mannen steane net foar neat boppe oan. Healwei de twadde helte wie it yn fan hun “gast-spylers” die toch us ferdiediging run en hast fanof de efterline de 1-1 deryn skeat. Oan in lykspul hiene we fansels neat, dus we gongen op syk nei de 1-2. Mei FVC en de wyn as tsjinstanner waard der troch SDS noch best hiel goed fuotballe. Der kamen kansen foar SDS, mar de wedstryd waard hieltiid hurder. In hurde oertreding op Arjen en in hiele hurde oertreding op Ruerd, waarden unbestraft litten troch de skiedsrjochter. Stan waard underut helle binne de sechtsjen en foardiel foar Tjitse, hy koe allinich trochrinne nei de goal fan FVC,  waard offluitte. Dochs waard FVC, ek holpen troch de wyn, hieltiid gefaarliker. Fiif minuten foar tiid barde wer at we sa bang foar wiene; In skot fan ofstan sylt oer Jeffrey hinne en bedarret yn ‘e goal. En sa stiet it dan samar 2-1 foar FVC. Dizze tsjinslach kamen we net mear te boppe en 2-1 wie dan ek de einstan. Grutte frustraasje by de spylers (en trainers) fan SDS, wat fansels hiel goed te begrypen falt. Mar de mannen fan SDS falt neat te ferwyten. Allegeare ha se hiel goed fuotballe en sich foar de folle 100% ynsetten. Miskien sjoch ik der iets oars nei as de neutrale taskouwer, mar ik fyn dat SDS hjoed wer de better fuotbaljende ploech wie. Mar ek ferlieze en it omgean mei ferlies heart derby, hoe swier dat no ek wie. In bytsje frustraasje nei de wedstryd en yn ‘e klaaikeamer is dan ek hielendal net slim. We wiene der ek sa tichtby!!!!!
Werom yn de auto nei Easterein kamen de praatsjes al wer werom en der waard wer in soad wille makke en sa heart it ek !!! Mei noch twa wedstryden te gean kinne we net mear kampioen wurde, of FVC moat noch twa kear ferlieze. Mar we ha it yn elts gefal net mear yn eigen han. Frentsjer en Easterlittens binnen noch us tsjinstanners en we sille sjen at we it seizoen goed ofslute kinne.  
   
Theo.