Weppers snein 11-5

Ut- en ferslaggen sneon 10-5
10 mei 2014
Weppers moandei 12-5
11 mei 2014

Ôfskie
Nei 4 seizoenen hat Jaap de Blaauw juster ôfskie nommen fan SDS. Moarn kinne jim hjir moaie foto’s besjen dy ’t Henk Bootsma juster fan him makke hat.

Oprop
Yn it programmaboekje stie juster in oprop:
Foar SDS doch ik noch in oprop om moandeitejûn 19 maaie wer nei it gemeentehûs te kommen. Dan sil it kuenstgersfjild wer ter sprake komme. Dus SDS lit jim heare!

Fluit fuort
Ik ben gister mijn Rucanor Fox 40 scheidsfluit met KNVB polsbandje, vergeten uit de bestuurskamer. Is er iemand die hem per ongeluk na 12 uur meegenomen heeft? Hij zat namelijk niet in het kistje. Ik heb dit fluitje bij diplomering gekregen en ben er nu al aan gehecht.
Groet Tjerk
Mail kin nei info@vv-sds.nl


Pupil fan de wike

 
Appie Posthumus wie sneon net hielendal tefreden oer de prestaasjes fan SDS 1. Foaral it ôfmeitsjen fan kânsen liete ta flinke reaksjes. Der wiene neffens him net folle spilers super.  “Asto no pupil fan de wike wiest Appie, mei wa soest dan op de foto wolle?”
Do wie it earst efkes stil, mar nei oandringen kaam it antwurd der út: “Mei Jelmer”. En omdat der gjin echte pupillen fan de wike wiene sneon dus no “de senior fan de wike”. In soarte fan famyljefoto dus.
 

Net ferwend
De SDS 1 supporters binne dit jier thús net ferwend. Fan de 13 thúswedstriden waarden der mar leafst 5 ferlern en waard 2 kear gelyk spile. Foaral nei de winterstop binne der hast gjin punten bij elkoar fuotballe. Yn de lêste perioade oer 9 wedstriden waarden mar twa oerwinnings helle en ien kear gelyk spile. SDS is yn dizze perioade dan ek as lêste einige.
Yn de earste perioade helle SDS 1 14 punten en einigjen se as 4de, yn de 2de perioade 11 punten op in 11de plakje.

Beslissingswedstriid
Yn klasse 3A is it noch net beslist ûnderyn. Kommende tiisdeitejûn sil op it fjild fan NOK TOP en QVC útmeitsje wa’t streekrjocht degradeart en wa’t fia de neikompetysje noch bliuwe mei. Wedstriid is om 20.00 oere.

Kampioen
Fannemeiddei om 14.00 oere (at it fjild it talit fansels) kin Oosterlittens ek noch kampioen wurde yn 4A sneins. Sij moatte sels winne en hoopje dat konkurrinten Zwaagwesteinde en Nicator punten lizze litte. Dêr begjint it om 14.00 oere.

Alderaardichst
In âld-spiler fan SC Heerenveen wûn juster samar it Songfestival:
fashion2
Georgios Samaras

Harsens derby(1270)
Tikkie werom, Jaap!