Ut- en ferslaggen 27-8

Weppers freed 26-8
28 augustus 2016
Programma SDS 3 2016-2017
29 augustus 2016

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!

09:00 SDS C2 Mulier C1  3-3
10:00 SDS D3 Oosterlitrens D2  g.n.t.
10:35 SDS D1 ONS D2  2-2
12:00 SDS / Scharn. A1 Frisia A2  g.n.t.
12:25 SDS B2 QVC B1  2-7
14:30 SDS B1 Sc Franeker B2  2-0
14:30 SDS 1 Foarut 1          4-1
09:00 Workum JO15-1 SDS JO15-1  5-1
09:00 SC Bolsward JO11-6 SDS JO11-2  
09:00 IJVC JO9-3 SDS JO9-2  3-6
09:00 Akkrum JO9-4G SDS JO9-3  0-17
11:40 Blauw Wit 34 JO11-9 SDS JO11-3  0-15
12:30 Foarut 2 SDS 2  g.n.t.
14:00 Heerenveen Vr 2 SDS Vr 1  5-0
14:30 Waterpoort Boys 3 SDS 4  2-7
09:00 IJVC/Blauwh. JO13-2 SDS JO13-2  2-2

SDS 1 – Foarút 1   4-1  
De tredde wedstryd yn dizze bekerpoule en al wer winst. Doelpunten fan Tsjipke Klaas Okkema (2), Jelmer Posthumus en Pieter Sytsma.
SDS giet troch nei de folgende bekerronde!

WPB 3 – SDS 4   2-7
Goals wienen fan:
Eeltje 3x.  1x fanôf eigen helft 
Wietse fopma ek 3 x
Ruun 1 x 
Fansels kinne wy hjir hielendal útlizze hoe ’t de goal fan Eeltje gie fan eigen helte, mar je moatte Eeltje der ek efkes by sjen. Dus komme jim him tsjin by de Jumbo, Jimbar of oars ergens, freegje him der nei!         

Workum JO15-1 – SDS JO15-1
Fakansje is moai, mar gelokkich koene we hjoed wer los. Nei twa oflaste/utstelde wedstriiden wie hjoed dan de 1e bekerwedstriid foar SDS JO15-1. Moai waar, moai fjild, moaie tsjinstanner, wat ha je dan noch mear nedich. Nei efkes tinke komme je dan tot de konkluusje, in goeie skiedsrjochter mei syn grinsrjochters. Mar ja, dat siet wol goed want it wie in officiele skeids fan de KNVB. Paskes, nammen,  foto’s, lidnumers, berte-datums, wikselspylers, regnummer, lekkerste iten, alles wurde tot yn detail kontroleare. Krekt foar de wedstriid miste it paske fan Almer, wertroch hy net spylje mocht fan dizze skiedsrjochter.  It foel ek wol op, want Almer is hast 3 koppen grutter as de rest fan it team (net dus, hy is de lytste). Mar regels binne regels en ik hie dit net foar elkoar, dus logisch dat hy net spylje mocht. Gelokkich hie Robert Schildkamp (us foarsitter) it paske thus en koe hjir in foto fan meitsje, wertroch Almer dochs fuotbalje mocht. Der wie sels noch ienige diskusje, want op de foto hie Almer lang hier en no hie hy koart hier. Jim begrype no wol, it hald wat yn, in potsje fuotbal foar de jeugd. Mar oan de skeids koe it hjoed net lizze, dizze die alles neffens de regels. Uteinlik koene we dan dochs los en it wie  fan beide kanten noch efkes wennen. It gie lyk op, mar dochs kaam Warkum op foarsprong troch in flater fan Jeffrey. Kin gebeure, kop omheech en wer fierder. De earste de beste oanfal fan us kant is it raak. Tjitse kriget de bal op e middelline, soleert oer it middenfjild en troch de ferdiediging fan Warkum en makket de 1 – 1. Machtig fansels, mar dat stiet der in man ut Warkum langs de line mei in flagge. En die  flagge stekt hy omheech. Werom flagget sa’n man? Butenspul ropt hy. Noch 1 kear de beskriuwing fan de goal. Tjitse kriget de bal op de middelline, soleert oer it middenfjild en troch de ferdiediging fan Warkum en makket de 1 – 1.  En dan flagje foar butenspul ??????????   Gelokkich ha we in skiedsrjochter, in hiele echte fan de KNVB, ien fan de regels, die wit hoe it moat.                                            Ien die alles wit fan paskes, foto’s, berte-data, lidnummers, regnummers ensafuorthinne. Mar dizze man keurt de goal of. It mei net, ek net foar de jongens yn it fjild, mar dan wurd ik gek. Mar ja, op dat momint kinne je der neat oan dwaan. Foar rest wurd it dan ek noch 2- 0 troch in eigen goal fan Wiltjse. Yn e rest woe ik noch wol efkes ferhaal helje by de skiedsrjochter en hy sei tsjin my : Der siet wol in luchtje oan de ofkeurde goal fan jim. Der siet net in luchtje oan, hy hie it hielendal ferkeard. Dit joeg hy letter ek ta, mar wat ha je der no wer oan. At je dan ek noch te hearen krije dat je in slechte ferliezer binne, dan is it hielendal klear. Ja, it  klopt wol, ik kin min tsjin ferlies, hielendal op dizze wize.  Mar us jongens fuotbalden lekker troch en Luka makke yn de twadde helte de oanslutingstreffer.  Dernei gie it spul op en del, mei de beste kansen foar Warkum. By us wie de piip leech en Warkum koe noch utrinne nei in ietwat geflateerde utslach fan 5 – 1. Uteinlik wol in fertsjinne oerwinning foar Warkum, sy fuotbalje krekt wat makkeliker. Hjoed in protte goeie dingen sjoen, wat dingen die better kinne en dingen die ferskrikkelik min wiene. Dit leste lei net by us spylers, net by us tsjinstander en net by us flaggers. Dan witte jim wol wa ik bedoel !!!!!! Nye wike tongersdei us twadde oefenpotsje (by de KNVB hiet dit beker) en dan giet de kompetysje los.
Theo.

SDS JO11-3
Media preview
SDS JO11-3 wûn mar leafst mei 0-15 tsjin Blauw Wit

Eben Ballen
Mei it barbekjoespûk op de loer wie it ôfwachtsjen wat er komme soe op dizze noflike freedtejûn. It wie wer best genôch: 11 man. En dy woene der wer wat aardichs fan meitsje. Ploechje 5 (Ferry, Harm Auke, Johan, PieterdeB,en Harry) diene wat se dwaan moasten. Lekker mei syn allen foar it eigen doel hingje en dan mei snelle útfallen goals meitsje. Dat slagge prima. Se kamen foar en bleaunen  dat ek. Harm Auke, as gastspiler, rûkte de dei-oerwinning.
Ploechje 6 ( Pieter V, Friso, Dennis, Menno, Aant en Klaas ) moasten it dus fan de finale ha.
De finale dy’t ferline wike  ûntsierd waard mei twa snelle doelpunten. In finale dy’t no de boeken yngiet mei in memorabel doelpunt. It siet sa. Johan Heerma wie der dizze jûn wol mar moast net te let fuort. Dat betsjut dat de finale net te lang duorje mei. It gie moai lyk op en ploechje 6 stie mei 1-0 foar. Mar it duorre noch wol efkes foar in folgjende doelpunt foel
It drige lang te duorjen mar 5 sekonden nei it momint dat ploechje 5 de gelykmakker forsearde (se wiene alle 5 foar it fyannelik doel) lei de 2-1 der yn. In foeilelijke punter fan efteren sylde nei de twa spitsen fan ploechje 6 en dêr kaam Friso in lytse tean te koart mar wist Dennis mei syn grutte tean oan ien fan syn lange skonken de bal krekt noch yn it doel te skowen.
“Smearige Dútsers” rôpen de teloarstelde tsjinstanners mei útsûndering fan Johan, dy’t bliid wie dat hij fuort koe. 
“Smearige Dútsers” it waard it lûdst en it langst sein troch ien mei in Dútse efternamme………
Hearlik klinke sokke wurden nei sa’n oerwinning.
Aant