Ut- en ferslaggen 22-3

Weppers freed 21-3
21 maart 2014
Weppers snein 23-3
22 maart 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers (ek SDS 4), bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek

útslach
09:00 SDS D4 – Makkum D2  1-8
09:00 SDS E2 – RES E1  0-7
09:00 SDS MC2 – Frisia MC2  5-7
10:10 SDS F4 – Mulier F2  4-1
10:25 SDS F3G – RES F3  0-3
12:00 SDS D2 – FVC D2  0-5
13:00 SDS 5 – NOK 4  5-1
13:25 SDS MC1 – SC Berlikum MC1  6-2
15:00 SDS 4 – Franeker SC 3  1-4
15:00 SDS A2 – Friesland A1  0-14
11:00 MINI LEAGUE F Pupillen  
08:45 Warga D2 – SDS D3  2-2
09:00 Frisia C5 – SDS C2  7-1
09:00 Heeg F1 – SDS F1  3-4
09:00 Oeverzwaluwen F1 – SDS F2  6-2
09:15 SWZ E8 – SDS E3  1-4
10:00  Robur/Harlingen  D1 – SDS D1  5-3
10:00 IJVC E1 – SDS E1  9-1
10:40 Joure SC C2 – SDS C1  0-3
11:00 Tzum VR1 – SDS VR1  2-3
12:00 Hardegarijp 2 – SDS 2  2-0
12:15 GAVC A2 – SDS A1  0-4
14:30 S.C. Stiens 1 – SDS 1  2-0
14:30 Workum 3 – SDS 3  3-1

sc Stiens 1 – SDS 1     2-0
Twa strafskoppen nekten SDS yn de útwedstriid tsjin Stiens, 2-0. Foar de wedstriid bleek de seleksje steeds lytser te wurden en wie der gjin inkele wiksel mear oer. Marco moast wurkje, Ewout koe elk moment heit wurde en Ayanle fielde sich lang net fit. Dertroch moasten Harm en Elger starte dy’t eins net fit genôch wiene om de 90 minuten te spyljen. De ‘oudgedienden’ út it 2e Anne Stenekes, Feite de Haan en Hendrik de Jong kamen as in speer út Hurdegryp om nei san 10 minuten op de lege bank plak te nimmen. Alle trije hienen sy der al 90 minuten opsitten earder op de middei.
Nei 5 minuten bruts Dirk de Jong troch wernei op him de oertreding makke waard. De skiedsrjochter joech een frije traap en derby paste mar ien straf: de reade kaart. Die kaam der net en dat wie net it leste moment fan únbegrip oan SDS-kant oer beslissingen fan de skiedsrjochter dizze middei. De earste helte gong lykop werby oan beide kanten lytse kânsen te noteren wiene sûnder dat de keepers yn aksje hoefden te kommen. Nei hast 40 minuten lei de ferdediging fan SDS toch even iepen wernei Harm de spits fan Stiens floerde: penalty. Dizze koe joen wurde en waard koel binnen sjitten, 1-0 by de rêst. Undertusken wie Feite nei een kertier al kaam foar de blesseerde Kristian en Anne nei 35 minuten foar de blesseerde Jacob-Klaas. 
Twadde helte eins itselfde byld: Stiens en SDS wiene oan elkoar weage. Net in protte grutte kânsen, mar wol spannend. Healwei de twadde helte krige SDS de grutste kâns; Dirk-Yde krige flak foar de goal de bal yn de fuotten, mar syn skot gong krekt oer. SDS hie een lyts oerwicht en nei dik 75 minuten wie de reade kaart fan Jelmer Posthumus dan ek in domper. Hy tikke in spiler fan Stiens fan achteren oan. Fiif minuten letter folge foar de dug-out fan SDS een omstreden momint fan de skiedsrjochter. In oanslach op de enkels fan Elger soarche foar in felle reaksje fan de SDS-bank, wernei de skiedsrjochter nei wat wurden mei staken dreigde. Toen de rêst wer wat weromkaam wie krige de spiler fan Stiens ‘slechts’ de giele kaart, in únbegripelyk momint fan de skiedsrjochter. De wedstriid gong mei 10 man noch hieltiid lykop, mar 2 minuten foar tiid koe de hoop op in puntsje de prullebak yn. De skiedsrjochter drukte opnij syn stempel: in goedkeape penalty soarche foar de 2-0 einstân.

Grietzen

Hardegarijp 2 – SDS 2 2-0
SDS 2 hie graach winne wollen. Dat hie ek samar kinnen as sy yn de earste helte harren goal net ôfkeurd seagen en krekt wat mear gelok hân hienen. Hardegarijp wie juster de gelokkige mei twa terjochte penaltys. 2-0 wie dan ek de einstân, al hoe goed Sjoerd van Beem ek keept hat.

Workum 3 – SDS 3   3-1
Doelpuntenmakker Pieter Kamstra

SDS 4 – sc Franeker 3
Sneon 22 maart wie de spektaculaire wedstryd Sds 4 pro – Frensjert 3 ..   
De earste helt gong poer best nei 15 min spielje al 1-0 foar troch een goal van Arjan Hallema. it wie een wedstryd mei een soad kansen en in protte wille by beide teams. Yn de 35e minuut foel dan ek de 1-1.  
Yn de 2e helte wie sds it paad bejuster en werdt it ol gauw 1-2. Conditioniel wie frensjert (iets) better, de goals foel der troch al gauw. Foar dat we it wisten wie it 1-4. We ha as team poer beste wydstryd fuotballe.
Arjan Hallema

SDS 5 – NOK 4
It waard in reguliere oerwinning mei 3 fan Robert en 2 fan Peter. Sijbesma

GAVC A2 – SDS A1
De A1 moest vandaag naar Grouw, op papier te doen, voor de winter hebben we daar ook al tegen gespeeld en gewonnen, maar we steken niet in een goede vorm de laatste weken.
Maar het trainen ging afgelopen week goed, dus vol verwachting om 12.15 begonnen.
En binnen 2 minuten stonden we al 0-1 voor, Almar gaf vanaf links een harde lage voorzet, maar deze werd door niemand geraakt, of beter, door alle verdedigers en de keeper gemist, en dus verdween de bal in het net.
Na 10 minuten een vrije trap op ongeveer 25 meter van het doel, Teun gaf een tikkie breed en Jelle knalde werkelijk formidabel, snoeihard, de bal in de kruising. 0-2
Mooier kunnen ze niet……
In de 20e minuut loopt de goed spelende Teun door, op een wat vreemde stuiter bal, en kopt voordat de keeper er bij kan, de 0-3 binnen.
Na rust werd het veldspel per minuut beter, met zo nu en dan prachtige aanvallen, en kon een grotere voorsprong niet uitblijven.
Maar het duurde tot de 20 minuut tot dit gebeurde, Almar, die onvoorstelbaar veel pech had met ballen op paal, lat en tegen de keeper, koos nu voor een voorzet en Teun kopt keurig de 0-4 binnen.
We kwamen niet in de problemen, en kregen nog zeer veel kansen, maar gescoord werd er niet meer.
Mannen, het voetbal was bijna de gehele 2e helft prima, mooi om naar te kijken en bijzonder effectief tot aan de spitsen.
Achterin staat het prima, middenveld groot compliment.
Als Almar zijn vorm terug krijgt en Pieter de V zo nu en dan wat meer geluk in de afronding, is het allemaal prachtig om naar te kijken.
Deze wedstrijd houden we in gedachte, volgende week vrij, en de week daarop tegen Aengwirden thuis nieuwe kansen.
Foeke en Gerwin vielen prima in, Jan Los vlagde foutloos.
Boudewijn

Efkes Balje
Op in moai droech trainingsfjild waard justerjûn wer in fúleindige striid útfochten troch 12 Efkes Ballers. Der wurdt gjin middel mijd, want de streekjes fan de âldsjes binne soms nedich om winnend út de striid te kommen. Doellinetechnology hie juster syn wearde bewize kinnen, mei ferûnderstelde hands op de doelline en in ferûnderstelde bal  oer de doelline . De wurge lea soarge der op lêst foar dat it winnende doelpunt mar net falle woe. Sa gie it mar troch mei úteinlik tige lokkige winners. De tsjinstanners wiene al earder bliid want dy hiene yn de grutte partij fuotballes jûn.
Moai dat je op sa’n jûn ek noch in prachtige domonstraasje fan freestile running fan Hendrikus sjen koene en it sleatsjespringe fan Remco mocht der ek wêze. (ah)

Tzum Vr1 – SDS Vr1
goeie sds fans
 sa ik al hearder sein ha hiene we sneon de derby froulje sds 1 tsijn tsjom froulje 1
je geane der mei een gefoel hinne fan wat sil it wúrde .
geane we winnen as geane we ferliezen.
bij oankomst mei marije de v een opstelling makke wer iederien em in finne koe.
dernei de warming up fan de froulje die goed útein setten waard,en dat in eagenskouw nommen kriig ik it gefoel dit kinne we wol s winne
de tiid om te begjinnen kwaam tichte by,ha it team bij mekoar roppen en efkes een tactische besprekking hán wernei de wedstriid los gie.
we setten goed útein nei al redelijke gau een goal fan jildou,it wie wat een kluts bal mar de keeper fan tsjom liet em troch har hannen glippe
it wie een spultsje fan hinne en wer mar wer foel de bal by de tsjin stanner in t net ,mei wer een goal fan jildou en dit wie een hiele mooie goal .
ja en dan moatte je it achterin ticht sette en sa ik it altiid zis de doar op slot.
mar ja hoe goed at dit waard prebearre de de spits fan tsjom slache er toch in om twa keer der troch hinne te kommen en dan is de stán wer geliik,en mei noch tsien minuten te gean koe it alle kanten noch op mar it pakte foar ús goed út,hester krige de bal fan ;of it midden fjild goed foar de fuotten wer nei se allinich op de keeper fan tsjom óf gie en em mooi in skeat wer troch wy wer foar kwamen .
sa wurde it 3-2 foar ús .
en dernei fluite de skiedsrjochter ek al tige gau óf,en ik moat ta jaan en dat ha ik ek tsjin em sein en net allinich omdat we wûn ha mar hy hat een goeie wedsriid fluite.
en wer ha we terjochte wûn mei een goeie in set fan alle spiilers,mei tank ek oan twa famkes fan mc1 jeska en tsitske.
twa goals fan jildou en ien fan hester tevens matchwinnaar
 
groetnis the lieder pieterveenje

SDS MC1 – Berlikum MC 1    6-2
Moai spile wurdt der sein op twitter. Doelpunten fan Nynke (3) , Tjitske (2) en Kirsten

SDS Vr1 – Tzum Vr1   2-3
Winst op Tsjom, Wat in derby. 0-2 foar (Jildou en Sieta) Dêrnei kaam Tsjom werom (2-2), mar yn de 88ste minút skoarde Hester : 2-3

Robur/Harlingen D1 – SDS D1
We zijn niet genaaid deze keer in Harlingen, de scheids was niet partijdig. Toch voelde het na afloop anders. Er had veel meer ingezeten. De mannen stonden vooral achterin tactisch goed. voorhoede zette ook mooie aanvallen op en de midmid schoot vanaf de middencirkel cool binnen. De overwinning blijft nog even uit. 5-3, jammer maar niet getreurd!
Tjerk

SDS F3G-RES F3 (0-3)

Hjoed kaam RES F3 by ús op besite. Goed tsien oere gien wy de klaaiboks út om ien te spieljen. It wie kâld en d’r stie it straffe wien.
Foar de winterstop wiene wy op it tredde plak einige en binne no wat swierder yndielt. En dat is wol te merken. Flak foar healwei âlven wiene wy los.
RES spiele de earste helte mei in man mear, nl. de wyn. En dêr makken sy gelyk goed gebrûk fan. In knap skot fan ôfstân bedarre, holpen troch de wyn, yn ús goal. Dy bal wie troch ús keeper echt net te hâlden. Sa stiene wy al yn de earste minuut 1-0 efter. Mar krekt as vorige wike pakten wy it gelyk wer goed op en diene goed ús bêst. Mar hoe wy ek ús best diene, de bal kaam mar amper op de helte fan RES. Hieltiid wer in fuortsje fan in spiler fan RES d’r tusken brocht hun hieltiid ticht by ús goal en de mannen hiene wol in aardig skot yn ‘e fuorten. Us keeper hie in pear moaie rêdings en elts holp mei om mear goals te foarkommen. Toch giene wy mei 3-0 efterstân de rêst yn. De twadde helte wie in omgekearde wrâld. No hiene wy foar de wyn en no kaam RES dan ek nog mar amper op ús helte. We spielen goed. Ik moaie aksjes sjoen en oerspieljen kinst wol oan de spielers fan F3 oerlitte. Mar wy pakten net it foardiel fan de wyn. Wy hiene wol wat mear op de goal fan RES sjitte kinnen, want sa seker wie hun keeper hielendal net. It waard wol prebjearre mar de goede rjochting koene wy nog net hielendal fiene. De wedstriid waard ek hieltiiden hurder en wol gau ris moast ik it fjild op om in wiete spûns op in knibbel of ankel te drukken. Komplimenten oan de jonges en famkes fan F3 dat d’r net folle piept wurd en sy al gau wer stean om toch mar wer troch te fjochtsjen. Oan’t de lêst sekonde waard d’r striiden, mar de einstân bliuw 0-3. Neat oan te dwaan. Wy ha goed ús bêst dien… Folgjende wike frij, dernei mar wer derfoar! 
Herman

SDS F4 – Mulier F2
In drege wedstriid in dizze poule: De nûmmer 1 kaam op besite. Mulier hie ek de oare wedstriiden wûn en hie in better doelsaldo as ús. De earste kansen wienen dan ek foar de besikers, mar gelokkich foar ús gong de bal d’r net yn. Dêrnei kamen by ús de kansen ek en nei in goeie 10 minuten spylje makke Stern Kok de earste goal! D’r blean striid mar dochs wist Stern Kok krekt foar de rust noch ris te skoren en dus gongen wy blier de klaaihokken yn. Ek yn de twadde helte wie d’r goed striid, mar in pear skotten waarden troch ús keeper Jesse Fennema goed tsjin hâlden. Yke Gaastra makke nei ûngefear 5-10 minuten de 3-0. Dochs joech Mulier net op en dat resulteare yn de 3-1. En krekt foar dat it einfluitsje klonk makke Raymond Terpstra de 4-1!!! Ik sil jimme sizze wat wienen wy bliid en ik ha jûster dei hiele dei noch wat lêst han fan myn kiel! Ek wol ik de fêste oanhang efkes bedanke dat se d’r altiid wêr binne om te helpen en oant moedigjen! Super!