Ut-en ferslaggen 15-3

Seleksjes 15-3
13 maart 2014
Weppers snein 16-3
16 maart 2014

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers (ek SDS 4), bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek

08:30 SDS F4 – SJO Oudega/HJSC F4

15-0

08:30 SDS F2 – SJO Oudega/HJSC F2

2-7

08:30 SDS C2 – GAVC C3

2-8

09:30 SDS E1 – SWZ E2

0-7

09:30 SDS E4 – SWZ E6

0-4

10:15 SDS D1 – Terschelling D1

1-7

10:40 SDS C1 – Makkum C1

2-8

11:45 SDS A1 – Heerenveen A3

5-1

12:05 SDS 3 – Makkum 3

2-2

13:55 SDS VR1 – Mulier VR1

0-3

14:30 SDS 1 – Workum 1

3-2

15:45 SDS 2 – S.C. Stiens 2

2-2

08:45 Leeuw Zwal MC1 – SDS MC1

 3-6

10:00 Scharnegoutum’70 F1 – SDS F1

 1-8

10:10 Mulier F1 – SDS F3G

 4-0

10:15 Bolsward E3 – SDS E2  
11:00 SWZ D6 – SDS D4

 7-1

11:15 Annaparochie St. D2 – SDS D2

 3-4

12:15 Zeerobben B2 – SDS B1

 5-1

12:30 Oudega 2 – SDS 5

 3-4

12:30 Dronrijp MC1 – SDS MC2

 2-2

14:00 Nijland 3 – SDS 4

 g.n.t.

14:30 Leovardia A2 – SDS A2

 6-1

SDS 1 – Workum 1      3-2
Der sille fêst SDS supporters west hawwe dy’t nei it twadde doelpunt fan Warkum (in kertierke foar tiid) de fyts of de auto opsocht hawwe mei it idee “it wurdt him hjoed net mear”. Want it spul fan SDS eage dizze middei net sa flitsend dat je ferwachtsje koene dat is noch wat opleverje soe. SDS – Workum wie in matige wedstriid wêr’t Workum yn de earste helte en yn de twadde helte skoarde. SDS hie ek in onatal goeie kânsen hân, mar dy gyngen der krekt net yn. Workum like iets mear it spul te meitsjen mar om no te sizzen dat dat allegear sa goed wie, nee dus.
Neat oan de hân foar Workum 0-2 foar en doe kaam de 80ste minút. Dirk de Jong gie it bûten it strafskop bij de kornerflagge de doelman lestich meitsjen. Yn in soarte fan duel kaam hij los en hij skoarde hiel behearsd út in noch lestige hoeke. De 1-2 wurke as doping want ynienen tocht SDS noch oan in punt. It wie Dirk Yde dy’t op klasse en krêft him troch de ferdigening wrotte en de 2-2 oantekene. Yn de 90 ste minút waard it feessie foar SDS noch moaier want wer wie it Dirk Yde dy’t syn klasse toande. In 3-2 oerwinning en logysk dat de teloarstelling bij Workum hiel grut wie.

SDS 2 – SC Stiens 2 2-2
Miskien wie SDS 2 it earste kertier wol folle better en hienen sy foar komme moatten, mar miskien hie Sjoerd van Beem ek wol read hawwe moatten doe ’t hy in tsjinstanner ten koste fan in penalty ûnderút helle en SDS 2 mei 1-0 efter kaam. Miskien makke Bauke Dijkstra doe krekt foar de rêst wol 1-1 wylst der ien bûtenspul stie en moast SDS 2 de twadde helte gewoan skore. Miskien skoorde SC Stiens wol wat gelokkich de 2-1, mar moast SDS 2 miskien ek noch wol fan gelok sprekke dat Bauke dochs noch de 2-2 makke. Úteinlik dochs noch in puntsje en ynmiddels twadde op de ranglist. Noch 5 kear winne en dan is SDS 2 kampioen. Of meie wy it dêr miskien wol net oer hawwe?

SDS 3 – Makkum 3   2-2
Net alhiel tefreden sieten de SDS 3 spilers oan de buorrel. Der hie mear ynsitten as de twa doelpunten fan Pieter Kamstra

Oudega 2 – SDS 5   3-4
Mei in streekrjocht wedstriid ferslach op twitter koene wij konkludeare dat SDS 5 fertsjinne de punten meinommen hat út Oudega. Trije doelpunten fan Robert Sijbesma en ien fan Jeroen Wagenaar.

SDS A1 – Heerenveen A3
We speelden zaterdag thuis tegen Heerenveen, op papier een wedstrijd die “te doen” is.
Het begin was direct al niet helemaal super, misschien door de iets andere opstelling, misschien door de gedachte “we winnen dit wel even”, het liep gewoon niet en het duurde tot de 35e min voordat er een goede aanval te zien was, Pieter de V gaf goed voor, Pieter W scoorde de 1-0.
Verder weinig te melden over de 1e helft, behalve dat de inzet en de wil er wel was, maar de uitvoering gewoon niet slaagde.
In de rust wat andere opstelling, Lourens was weer fit, dus kwam in de spits, maar na 10 min gebeurde waar je dan zo bang voor bent, Heerenveen scoorde de 1-1 na misschien wel hun eerste fatsoenlijke aanval, er ging wel een klein foutje van ons aan vooraf.
Hoe dat kan, is niet belangrijk, en wie het veroorzaakt al helemaal niet, we zijn 1 team, dus iedereen is verantwoordelijk.
Daarna gingen de mouwen omhoog, de koppies werden “strakker” en je kon zien dat er iets ging gebeuren.
Deze knapen willen zo graag kampioen worden, en dat is nog steeds mogelijk, we staan er het beste voor, en hebben alles in eigen hand.
In de 20 min het begin van het einde van Heerenveen, Lourens scoort, wel of niet buitenspel, de bevrijdende 2-1.
In de 30e min scoort de van een ziekenhuis opname herstelde Pieter S de 3-1 zeer koeltjes, na weer een assist van Pieter de V.
In de 42e min scoort Lourens zijn 2e en onze 4e en in de 43e min, na een knappe actie van de van een vervelende kruisband blessure herstelde en langzaam weer in vorm komende Almar, via Jurjen maakt Lourens zijn hattrick, wat is een sterke spits toch belangrijk voor een elftal.
Mannen, ondanks alle kritiek die je over deze ploeg hoort, weinig begrip voor onze koppositie, een van de weinige ploegen binnen SDS die op kampioenskoers liggen, ben ik zeer tevreden, ik mopper wel’s in de rust, maar jullie pakken het fantastisch op, niet goed voetballen en toch met 5-1 winnen, verdient in mijn ogen een groot compliment en respect.
 Wij gaan voor een feestje aan het einde van het seizoen, al zullen de aankomende 3 wedstrijden wel heel belangrijk worden.
Boudewijn.

Leovardia A2 – SDS A2    6-1
Oin moai kompleks yn Ljouwert koe SDS A2 net sjin de Ljouwerters op. It doelpunt fan SDS wie fan Jurjen Eringa

SDS D1 – sc Terschelling D1    1-7
Soms kan de tactiek al na een minuut de prullenmand in. Dit overkwam D1 zaterdag. In de box leek het aardig, tijdens het intrainen ook, maar op het veld bleken de Terschellinger boys echt al langer uitgeslapen om de vroege boot te kunnen halen: 0-1 bij de eerste de beste actie. In de eerste helft kwamen er een paar aardige kansjes voorbij, maar het duurde tot een minuut voor tijd voor Hendrik met een weergaloze boogbal het windvoordeel uitbuitte. Tweede helft precies hetzelfde: Andre met zijn mooie nieuwe paarse scheidsrechtershirt floot, en binnen een minuut lag de bal alweer in het netje. D1 vocht nog wel, maar was fysiek een maatje te klein en soms echt wat te bang voor tegenstander en bal, waardoor de teller uiteindelijk op 7 tegendoelpunten kwam. Raar genoeg biedt het veldspel reden tot tevredenheid. We strijden gewoon door en staan volgende week weer met opgeheven hoofd op het veld!
 
Tjerk

Sint Annaparochie D2 – SDS D2
De twadde westryd fan ‘e kompetysje moasten we spylje tsjin Sint Annaparochie. Om 10.15u giene we rjochting Sint Anna wer at om 11.15u de wedstryd ut ein sette. Mei us feste en betrouwbare links-back Bartle op ‘e bank, hy hie in blessure oan ‘e foet. Mar lykas foariche wike wie de 1e helte prima fan de kant fan SDS. Nei njoggen minuten stie it al 0 – 2 troch twa goals fan us topskoorder Stan. Nei de 0 – 2 waard it wer minder fan us kant, it liket wol wat op gemaksucht. Sint Anna kaam better yn de wedstryd en krige ek kansen. Tjitse hald mei in geweldiche reflex de bal ut de goal. Hy wie lykwols efkes ferjitten dat hy gjin keeper wie, want hy die dit mei syn hannen. In terjochte penalty foar Sint Anna en Tjitse hie gelok dat hy net ut it fjild stjoerd waard. De penalty waard goed ynsjitten en it wie dus wer spannend. Dochs pakte SDS it goed op en fiif minuten foar it skoft makke Stan de 3 – 1. Yn de rest hawwe we ofpraat om sa troch te gean as foar rest. Net tinke dat we al wun ha, mar probeare om de foarsprong te fergrutsjen. Mar krekt as foariche wike, wie it fuotbal yn ‘e twadde helte net best fan us kant. Yn de 8e minut krige Sint Anna wer in penalty, die dizze kear wol maklik jun waard. Dizze waard ek goed ynsjitten, dus wie de spanning wer hielendal wer werom. De mannen fan Sint Anna leauwden der wer hielendal yn, en wy koene net mear under de druk wei fuotbalje. Fiif minuten foar tiid makke de beste man fan Sint Anna de fertsjinne gelykmakker. Mei noch fiif minuten op ‘e klok, soe it moai weze om dizze stan mar fest te halden. Mar de mannen fan SDS tochten der oars oer. De mouwen waarden nochris opstrupt en der waard wer de oanfal socht. Yn de allerletste minut waard der in oertreding makke op Tjitse yn de sechtsjen. De skiedsrjochter seit penalty!! Luka, us penalty-killer, doarde it net oan. Stan pakte de bal, lei him op ‘e stip, mar ek hy doarde it net oan. Tjitse gie efter de bal stean en “rostte” de bal yn ‘e hoeke. Grutte bliidskip oan ‘e kant fan SDS, en grutte frustraasje oan ‘e kant fan Sint Anna. Uteinlik waarden dochs de hannen skodde en koene we mei trye punten werom rjochting Easterein. In komplimint oan de jongens fan SDS. De earste helte prima fuotballe en de twadde helte hurd wurke omdat it fuotbaljend net mear slagge. En…… in bytsje gelok, mar miskien dwing te dat ek wol of.
Nye wike spylje we wol tsjin FVC, thus om 9.00u. Fansels gean we dan wer foar de folle winst.
Theo.

Leeuwarder Zwaluwen MC 1 – SDS MC1  3-6
Om 8.45 moasten de SDS MC froulju al oantrede yn Ljouwert. Dy tiid wie gjin probleem. Bij it skoft stie SDS al foar mei 1-3 troch doelpunten fan Jeska en Tjitske (2). Nei de tee skoarde Jelska noch twa kear en ek Nynke wist it net te finen.

Mulier F1 – SDS F3G (0-4) 
Soms is in wedstriid dy’t je ferlize moaier om te sjen as ien dy’t mei gemak wûn wurd. Sa wie it hjoed mei ús yn elts gefal wol.
It wie ús earste wedstriid nei de winterstop en moasten it gelyk opnimme tsjin in sterke tsjinstander, Mulier F1. Dizze ploech wie foar de winterstop as twadde, ien plakje boppe ús, eindige. Wy hiene hjearder mei 2-5 fan hun ferlen. Nei in knappe warming up en efkes ynspielje giene de jonges en famke fan F3 om 10.10 oere yn Wytmarsum los. Wy sieten d’r gelyk boppe op en hiene al frij gau kânsen. Ferrast wie ik as leider om te sjen hoe’t eltsenien nei de winterstop de trie wer oppakte en hoe sy elkoar wisten te fienen yn it fjild. Wy wiene in protte op de helte fan Mulier en wiene hieltiid ticht by skoaren, mar dat woe mar net slagje. Oan de leider fan Mulier en it thúspublyk te merken hiene sy net sa’n tsjinstân ferwachte. Ek Mulier hie hjir en dêr in trochbraak mar dat wist ús ferdiediging goed te ûnderskeppen en ek ús keeper hie in pear prachtige rêdingen. Toch giene wy mei 0-1 de rust ien. De twadde helte begûn net oars as de earste helte. Toch waard Mulier sterker en foaral krekt wat skerper want twa slordigheden fan ús efteryn waard troch Mulier goed benut en wy stiene al frij gau 0-3 efter. SDS liet absoluut de kop net hingje. Nee, it waard allinich maar feller. D’r waard in prachtige striid levere, mar it mocht net sa wêze. D’r waard nog de 0-4 makke en dernei fluite de skeids ôf. Nei sa’n ynset en dan toch net skoarre kinne is it hielendal net erg dat d’r hjir en dêr in trintsje falt. Dat getuigd nei myn idee allinnich mar fan betrokkenhied en striidlust. SDS F3… Hartstikke goed dien.
As wy folgjende wike wer sa foutbalje sit in oer winning d’r seker yn.
Herman

SDS F4 – SJO Oudega/HJSC F4
Foar de twadde kear in oerwinning fan F4: en wat in skore! 15-0 wie de einstân. Net te lieuwen, koe de skore’s hast net byhâlde. De skore waard al rap iepene troch Raymond Terpstra, wernei Niels van Leleyveld, Yke Gaastra, Jesper Paauw en Bartele Bouma ek noch scoorden. Raymond makke d’r twa yn de earste helte en dus gongen wy de rust yn mei in foarsprong fan 6-0.  Yn de twadde helte kamen Stern Kok, Tobias Jellema, Tom Wander en Niels Terpstra ek ta oan skoren. Yke Gaastra stie yn de twadde helte op ‘e goal mar foardat ik it yn de gaten hie stie d’r ek foaryn en skoorde ek noch twa kear! Spitich genoch kaam Jesse Fennema net oan skoren ta, oars hie it hiele team minstens ien kear it doel rekkene. De folgjende kear sil ek hy grif skore!
Dizze sneon de striid tusken de nûmmer ien en twa: SDS F4 tsjin Mulier F2. De wedstriid begjint om 10.10 en wy spylje thûs. 
Ik soe sizze: dizze striid mei jimme net misse!
Anneke