Tûkelteam-wepperkes

Wepperkes -tongersdei-
1 april 2005
Seleksjes SDS 2,3,4 en 5.
2 april 2005

Sûnt tongersdeitemiddei binne der allegear tûkelteammen.

 

Tûkelteam 1 : De side
Troch technyske problemen wie it net mooglik om wat op de side te setten. Dit probleem dy him fanôf tongersdeitemiddei foar. En wy kinne jim sizze dat soks foar webmasters dy’t allegear nijs kwyt moatte net leuk is.

 

Tûkelteam 2:  De trainer
Tongersdeitemiddei hat Lyckle Bleekveld te kennen jûn oan it bestjoer dat hy net langer trainer wêze kin fan SDS. Hy kin gjin motifaasje en ynspiraasje mear opbringe om it seizoen ôf te meitsjen. Der sil socht wurde nei in goeie oplossing.

 

Tûkelteam 3: de Treffer

Hoi Aant

Het spijt mij zeer, maar het drukken van de Treffer in full colour levert op dit moment problemen op. De kleurenpers vertoonde al vrij snel wat kuren. Ik heb daarom maar besloten de rest van de Treffers in gewoon zwart wit af te drukken.

Jammer, want het ziet er wel leuk uit. Die ongeveer 60 Treffers die wel in kleur zijn, doe ik er wel bij vrijdag.

 

Groeten

Wouter Hylkema

 

Boppesteande mail krigen wy justerjûn fan Wouter Hylkema fan Hanzedruk. Tige spitich fansels. Wa’t dochs ien fan dy Treffers ha wol, kin ús maile. De earste 50 dy’t har melde fia de mail, krijt it wykein de moaie gekleurde Treffer.

De oare 10 hâlde wy sels.
Mail nei
DeTreffer@vv-sds.nl foar in Treffer yn kleur.

Tûkelteam 4
Nei de komputers fan Aant, Willem, Metsje en Durk is ek dy fan Sjoerd raar yn ‘e war. It sil ús benije as dat ek ynfloed hat op de kwaliteit fan de Treffer. It bliket yn elts gefal net goed te wêzen foar Wouter syn kleure-drukpers en de server fan Tricat.

Tûkelteam 5
Dizze komt jûn!

Tûkelteam 6
Kom ik justerjûn thús nei it trainen en ik hie noch wol wat lucht oer, bard my dit…………….(klik hjir).