Trainer lit spilers switte

Programma SDS 1 seal
8 augustus 2003
463 kilometer ride
9 augustus 2003

It begjin fan it nije seizoen binne gouden tiden foar trainers. Se sjogge de spilers faak te grou werom kommen fan de fakansje fan de doarpsfeesten of de PC. Se binne dan ek fêst fan doel om de spilers yn koarte tiid wer yn optimale kondysje te bringen.

It trainen by SDS begjint altiten krekt in dei foar de Freule. It foel Kees Jansen op dat de spilers der fit by stiene. It like wol sa dat er gjin feest yn Wommels of Easterein west hie en dat se goed op harren sels past hiene. Foar de tariner is der dan net folle ear te heljen.

Teloargesteld naam Kees Jansen, de trainer fan SDS, nei ôfrin fan de training kontakt op mei syn lieder om te freegjen at hy ek wist wat er hjir oan dwaan koe.

Anne Brouwer joech goeie rie. “Kom moarn op de Freuledei mar by my te wurkjen en soargje der foar dat se net te min krije.”

Sa barde it dat Kees Jansen him út de naden rûn efter de bar fan Jimbar. De spilers hoegden mar in lyts teken of lûd te jaan en Kees stie klear om harren te fersjen fan in lekkere kâlde klets.

En sa hie Kees dy jûn it swit op de bealch.

De oare deis, op de training, wiene der 22 oaren dy’t it swit mear as op de bealch hiene. Kees net, hy genoot sichtber fan al dat swit. Mei tank oan de lieder