Trainer Harkemase Boys wat foar SDS?

Kees Jansen leit goed yn ‘e merk.
15 november 2003
Utslaggen 15-11
15 november 2003

De “Kampioenstrainer” Sjoerd Jan Eppinga nimt nei dit seizoen ôfskie by Harkemase Boys. As reden jout hy û.o. op dat hy syn drokke trainersfunksje net langer kombinearje kin mei syn baan yn it ûnderwiis. It liket my foar SDS gjin probleem om him oan te nimmen as nije haadtrainer. By SDS rinne ommers genôch “meesters” die wol wat oerkes fan him oernimme kinne. Meester Hingst, meester Strikwerda, meester Rispens, meester Hulzinga en fansels de meesters yn ‘e dop; meester Stenekes en meester Van Beem. Miskien kin it 1e dan sels wol trije kear yn ‘e wike traine.